Her Alibi

film út 1989 fan Bruce Beresford

Her Alibi is in Amerikaanske film út 1989 ûnder rezjy fan Bruce Beresford, mei yn 'e haadrollen Tom Selleck en Paulina Porizkova. It is in romantyske komeedzje oer in detektiveskriuwer dy't oanhelle is mei writer's block en oan in (tige tsjeppe) fan moard fertochte jonge frou in falsk aliby ferskaft mei as doel om efter har geheimen te kommen en sa nije ynspiraasje op te dwaan. Her Alibi wie in produksje fan 'e Amerikaanske filmstudio Warner Bros., nei in senario fan Charlie Peters. Hoewol't de film krapoan $4 miljoen winst makke, wiene de kritiken net loovjend.

Her Alibi
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Bruce Beresford
produsint Keith Barish
senario Charlie Peters
muzyk Georges Delerue
filmstudio Warner Bros.
spilers
haadrollen Tom Selleck
Paulina Porizkova
byrollen William Daniels
James Farentino
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 3 febrewaris 1989
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 94 minuten
budget en resultaten
budget $15 miljoen
opbringst $18.699.037

Phil Blackwood (Tom Selleck) is in tige súksesfol Amerikaansk detektiveskriuwer, dy't allinnich yn in ûnbidich grutte filla wennet. Hy is lykwols oanhelle rekke mei writer's block, en kriget gjin wurd mear op papier. Om ynspiraasje op te dwaan, wennet er iepenbiere sittingen fan 'e pleatslike rjochtbank by, en sa kriget er de tsjeppe Nina (Paulina Porizkova) foar it earst ûnder eagen, in Roemeense dy't beskuldige wurdt fan moard. Blackwood falt as in blok foar har, mar as er tegearre mei syn útjouwer en freon Sam (William Daniels) in falsk aliby optinkt om har op boarchtocht frij te krijen, hâldt er himsels foar dat er dat docht om't er har ferhaal brûke kin foar syn folgjende boek.

De plysje stelt as betingst foar Nina har frijlitting dat se by Blackwood thús ferbliuwe moat yn ôfwachting fan har berjochting. Dêr wie it Blackwood krekt allegear om te dwaan, dat dy stimt dêr grif mei yn. Neitiid besiket de skriuwer, dy't himsels identifisearret mei de alleskinnende haadpersoan út syn boeken mar dêr yn 'e fierste fierte net op liket, om Nina geheimen te ûntsiferjen. Op hilaryske wize wurde dêrby de knoffelige aksjes fan Blackwood kombinearre mei in voice-over fan 'e tekst sa't de dieden fan syn James Bond-eftige haadperson úteinlik yn syn boek ferskine sille. Ferskate kearen komt Blackwood op in hierke nei om it libben troch tadwaan fan Nina, en dan moat hy beslisse oft sokke dingen allegear ûngelokken binne, of dat Nina echt in koelbloedich moardneresse is.

Uteinlik docht bliken dat Nina in sirkusartyste is, en dat der jacht op har makke wurdt troch aginten fan 'e geheime tsjinst fan it kommunistyske Roemeenje, dy't ek har famylje bedrige. Nina wol nammentlik oerrinne nei it Westen, en de geheim aginten hawwe opdracht om dêr in stokje foar te stekken. De man dy't Nina fermoarde hawwe soe, wie immen dy't har helpe soe om oer te rinnen, en dêrom troch de geheime tsjinst út 'e wei romme is. Underwilens groeie Blackwood en Nina nettsjinsteande alderhanne nuvere eksploaten hieltyd fierder nei inoar ta. De film komt ta in hichtepunt ûnder de saneamde 'Begraffenis fan Grimaldi', wêrby't grutte oantallen clowns gearkomme om op fleurige wize it libben fan harren ferneamde kollega Joseph Grimaldi te betinken. Blackwood en Sam helpe dêr om Nina en har famylje te rêden, dy't neitiid asyl yn 'e Feriene Steaten krije; de geheim aginten wurde oppakt en Blackwood en Nina libje noch lang en lokkich. De film einiget mei Blackwood syn voice-over, wêryn't er seit: "No wie der neat mear dat er net fan har wist. Behalven, fansels, wat se net woe dat er fan har wist."

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Haadrolspiler Tom Selleck.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Phil Blackwood Tom Selleck
Nina Paulina Porizkova


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Sam William Daniels
Frank James Farentino
Troppa Hurd Hatfield
Auran Victor Argo
Gary Blackwood Patrick Wayne
Sally Blackwood Tess Harper

Her Alibi gie op 3 febrewaris 1989 yn premiêre. De film waard regissearre troch Bruce Beresford, dy't itselde jiers ek it mear súksesfolle drama Driving Miss Daisy útbrocht. De útfierend produsint wie Keith Barish, dy't yn opdracht wurke fan 'e grutte Amerikaanske filmstudio Warner Bros. It skript foar Her Alibi wie skreaun troch senarioskriuwer Charlie Peters. De soundtrack waard komponearre troch Georges Delerue. Her Alibi waard foar in diel op lokaasje opnommen yn Baltimore. De produksje koste nei skatting $15 miljoen.

Untfangst en resultaat

bewurkje seksje

Hoewol't Her Alibi minne kritiken krige, en haadrolspylster Paulina Porizkova foar har rol sels nominearre waard foar in Golden Raspberry yn 'e kategory minste aktrise, hie de film dochs in omset fan $18.699.037, wêrmei't rom $3,5 miljoen winst makke waard.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.