In rjochtbank is de offisjele ynstânsje dy't beslist oer gefallen dêr't boargers ûnienichheid oer hawwe.

Rjochter, oanklager en prosesdielnimmers yn de rjochtbank (Old Bailey yn Londen, 19e iuw)

Alle minsken dy't fine dat harren ûnrjocht oandien is, kinne nei in rjochtbank gean en freegje oft sy har gefal behandelje wolle. Dêrnjonken binne der guon dy't as oanklager fan it folk of de steat, de saneamde ofsier fan Justysje, him keart ta de rjochtbank om wetsoertrêders te straffen.

By de rjochtbank is it de rjochter dy't oer it gefal oardielet en in beslissing jout. Is dejinge dy't it oanbelanget it der net mei iens dan kin er yn sommige gefallen yn heger berop gean. It komt der dan op del dat in oare (hegere) rjochter him oer it gefal bûcht en de beslissing fan de (legere) rjochter ferneatigje kin of befêstigje.

Rjochtbanken hearre by de rjochterlike macht fan in lân. Neffens de prinsipes fan de trije machten hat de rjochterlike macht neat te krijen mei de útfierende macht (it regear) en de wetjouwende (it parlemint).