Sjochsifer
In sjochsifer wurdt foarme troch it statistysk berekkene tal persoanen dat nei in spesifyk tillefyzjeprogramma sjocht. Sokke sifers wurde byholden fan alle programma's dy't yn 'e Westerske wrâld en in protte oare lannen en territoaria op 'e tillefyzje útstjoerd wurde. By it berekkenjen fan 'e sjochsifers spylje saken as doelgroep, sjochtichtens en merkoandiel in wichtige rol. Oan 'e hân fan 'e sjochsifers kin men gewaar wurde hoefolle minsken nei in beskaat programma sjogge en fan hokker leeftydskategory oft dy sjoggers binne. Op basis dêrfan wurdt dan wer de priis fêststeld dy't bedriuwen betelje moatte om harren reklamespotsjes yn reklameblokken yn of om sokke programma's hinne sjen te litten. Sjochsifers binne ek bepalend foar it slagjen of mislearjen fan in nij tillefyzjeprogramma; as de sjochsifers ôffalle, helje stjoerders nije tillefyzjeprogramma's oer it algemien nei heechút in wike of seis wer fan 'e tillefyzje ôf. Mei programma's dy't al langer rinne, wurdt faak wat kûlanter omsprongen, mar ek dêr jildt dat oanhâldende minne sjochsifers úteinlik de ein fan it ferhaal betsjutte.
Sjochsifers yn Nederlân
bewurkje seksjeYn Nederlân wurdt it ûndersyk nei sjochsifers sûnt 1 jannewaris 2011 útfierd troch de bedriuwen Intomart GfK en The Nielsen Company yn opdracht fan 'e Stichting KijkOnderzoek (SKO). Foar dat ûndersyk binne 1.245 húshâldings yn Nederlân (besteande út likernôch 2.800 persoanen) tarist mei apparatuer by de tillefyzje dêr't mei registrearre wurdt wa't nei hokker programma sjocht.
Foar santjin Nederlânske tillefyzjestjoerders registrearret Media Xim wat der krekt útstjoerd wurdt. Per útstjoerd elemint wurde begjin- en eintiid registrearre. Foar programma's wurdt fêstlein wat de krekte titel is en wurdt der in SKO-kodearring rapportearre, dy't oanjout om hokker programma oft it giet. Foar reklamespotsjes wurde merk, submerk, produkt, sektor en advertearder fermelden. Teffens wurdt kontrolearre oft it útstjoerde spotsje oerienkomt mei it spotsje dat de stjoerder fan doel wie op dat tiidstip út te stjoeren. Dat wurdt dien troch in audio- en byldkontrôle. Al dy data wurde moarns betiid keppele oan 'e sjochsifers gearstald troch Intomart en Nielsen, sadat de wichtichste ynformaasje oer in útstjoering de oare moarns al op 'e webside fan 'e SKO stiet.
It heechste sjochsifer dat in tillefyzjeprogramma yn Nederlân ea helle, wie 12,4 miljoen. Dêrby giet it om 'e heale finale fan it WK fuotbal 2014, dy't útstjoerd waard op woansdei 9 july 2014.
Harktiidoandiel
bewurkje seksjeIn soartgelikense mjitwearde, mar dan foar de radio, is it harktiidoandiel. De wearde dêrfan wurdt werjûn yn persintaazjes, en ferwiist nei it totale oantal harkers dat op in beskaat stuit op in radiostjoerder ôfstimt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |