Midway (film út 1976)
Midway (yn it Feriene Keninkryk útbrocht as Battle of Midway) is in Amerikaanske histoaryske oarlochsfilm yn Technicolor út 1976 ûnder rezjy fan Jack Smight, mei yn 'e haadrollen Charlton Heston en Henry Fonda. De titel ferwiist nei de Slach by Midway, in seeslach út 'e Twadde Wrâldoarloch tusken de Amerikaanske Pasifyske Float en de Keizerlike Japanske Marine by it atol Midway, yn 'e Stille Oseaan. De plot fan 'e film folget kaptein-op-see Matthew Garth, dy't nau belutsen is by de Amerikaanske tarieding foar it oankommende treffen, wylst er tagelyk syn soan helpe moat, waans faam omreden fan har etnysk Japanske komôf troch de Amerikaanske autoriteiten ynternearre is. Fan 'e filmkritisy krige Midway mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen groeide de film út ta in grut kommersjeel súkses.
Midway | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Jack Smight | |
produsint | Walter Mirisch | |
senario | Donald S. Sanford | |
kamerarezjy | Harry Stradling jr. | |
muzyk | John Williams | |
filmstudio | The Mirisch Corporation | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Charlton Heston Henry Fonda | |
byrollen | Edward Albert Robert Webber Glenn Ford Toshiro Mifune James Shigeta | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 18 juny 1976 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske oarlochsfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 131 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $4 miljoen | |
opbringst | $43 miljoen (Noard-Amearika) |
Plot
bewurkje seksjeOp 18 april 1942, as de Twadde Wrâldoarloch yn 'e Stille Oseaan yn folle gong is, fiert in Amerikaansk squadron North American B-25 Mitchell-bommesmiters, dat opstige is fan it fleandekskip de USS Hornet, in bombardemint fan Tokio, Yokohama en inkele oare Japanske stêden út, dat bekend komt te stean as de Doolittle Raid. Hoewol't der net folle skea oanrjochte wurdt, is it in wichtige psychologyske klap foar de Japanske befolking, dy't troch it Japanske regear wiismakke wie dat harren lân ûnoantaastber wie. Admiraal Isoroku Yamamoto brûkt neitiid de bedriging fan Japan, dy't út dizze oanfal bliken docht, om ynstimming te krijen fan 'e generale stêf fan 'e Keizerlike Japanske Marine foar syn plan om 'e fleandekskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float yn in mûklaach te lokjen en út te skeakeljen. Hy wol dat dwaan troch it atol Midway, oan 'e noardwestlikste útein fan 'e Hawaïaanske eilannekeatling, te feroverjen en te besetten. Dat sil sa'n bedriging foar it Territoarium Hawaï ynhâlde dat de Amerikanen wol twongen wêze sille om fanwegen te kommen mei harren fleandekskippen.
Op it Marinestasjon Pearl Harbor yn Hawaï, de thúsbasis fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float, kriget kaptein-op-see Matt Garth opdracht en hifkje de foarútgong fan Stasjon HYPO, de kryptografyske ôfdieling, dy't besiket de Japanske militêre koades te brekken. Kaptein-luitenant-op-see Joseph Rochefort, dy't oan it haad fan dy ôfdieling stiet, ynformearret him dat de Amerikanen rûchwei 10% fan 'e Japanske marinekoade lêze kinne. Troch brokjes en bytsjes ynformaasje út in ferskaat oan ûnderskepte berjochten byinoar te dwaan, is er derfan oertsjûge rekke dat de Keizerlike Japanske Marine risselwearret foar in wichtige militêre operaasje, rjochte op in lokaasje mei de koadenamme "AF". Rochefort fermoedet dat it om Midway giet. Underwilens wurdt Garth troch syn soan, faandrich en marinepiloat Tom Garth, om help frege by it frij krijen fan syn faam Haruko Sakura, de Amerikaanske dochter fan Japanske ymmigranten, dy't omreden fan har etnysk Japanske komôf mei alle oare Japanners yn 'e Feriene Steaten ynternearre is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Yn 'e Slach yn 'e Koraalsee ferlieze de Amerikanen ien fleandekskip, de USS Lexington, wylst in oarenien, de USS Yorktown, slim skansearre rekket. Admiraal Chester W. Nimitz, de befelhawwer fan alle Amerikaanske Striidkrêften yn 'e Stille Oseaan, jout opdracht dat de Yorktown nei oankomst yn Pearl Harbor binnen 72 oeren safierhinne reparearre wêze moat dat er wer útfarre kin. Rochefort tsjinnet by Nimitz it fersyk yn om 'e basis op Midway in falsk berjocht ferstjoere te litten oer swierrichheden mei de wettersuveringsynstallaasje. Mei't de Japanners de Amerikanen ôfharkje, komt dat letter yn 'e kodearre Japanske berjochten werom mei in ferwizing nei "AF", wat Rochefort syn fermoeden oangeande de identiteit fan "AF" befêstiget.
Yn Japan presintearret admiraal Yamamoto syn oanfalsplan oan 'e befelhawwers dy't it útfiere moatte: fise-admiraal Chūichi Nagumo, dy't de Amerikaanske fleandekskippen útskeakelje moat, en fise-admiraal Nobutake Kondō, dy't Midway feroverje en besette moat nei't de fleantugen fan Nagumo de Amerikaanske basis dêr neutralisearre hawwe. De beide ofsieren binne skeptysk oer it plan, dat neffens Nagumo prachtich wurkje sil salang't de Amerikanen mar persiis dogge wat de Japanners ferwachtsje. Yn Pearl Harbor besiket Nimitz syn bêste fleandekskipkommandant, fise-admiraal William "Bull" Halsey, dy't mei earnstige hûdûntstekking yn it sikehûs leit. Op 'e fraach wa't yn syn plak it befel fiere moat oer syn beide fleandekskippen, de USS Enterprise en de USS Hornet, rikkemandearret Halsey skout-by-nacht Raymond A. Spruance oan, dy't gjin ûnderfining mei it befel oer fleandekskippen hat. Nimitz beslút him lykwols oan te stellen en jout skout-by-nacht Frank Jack Fletcher, de kommandant fan 'e USS Yorktown (en de ôfwêzige USS Saratoga) de lieding oer de hiele Amerikaanske float.
Underwilens hat kaptein-op-see Garth yn it ynternearringskamp by Honolulu in moeting mei syn mooglike takomstige skoandochter Haruko Sakura, dy't him derfan oertsjûget dat it idee dat sy en har âldelju in gefaar foar de Feriene Steaten foarmje, healwiis is. Har tradisjonele âlden binne lykwols op in houlik fan har mei in blanke man tsjin. Haruko freget Garth om syn soan troch te dwaan dat it neat tusken harren wurde kin. Garth wegeret en seit dat se dat dochs echt sels dwaan moat. Neitiid brûkt er alle geunsten by freonen en kollega's op dy't er troch de jierren sammele hat om Haruko en har âldelju frij te krijen, mar it bliuwt foarearst ûndúdlik oft dat wat úthelje sil. Tom Garth siket Haruko op yn it ynternearringskamp, dêr't se it troch it gaas fan it stek hinne mei him besiket út te meitsjen sûnder him oan te sjen. As er har fertelt dat se itselde noch mar ris sizze moat wylst se him yn 'e eagen sjocht, kin se dat net opbringe en barst se yn gûlen út.
Admiraal Nimitz stjoert syn float mei de USS Enterprise, de USS Hornet en de USS Yorktown út. Fletcher nimt dêrmei posysje yn noardeastlik fan Midway, sadat er de Japanske float de pas ôfsnije kin as it atol dochs net it doelwyt fan 'e Japanners blykt te wêzen. Oan board fan 'e USS Yorktown binne sawol Matt Garth, dy't fungearret as adjudant fan skout-by-nacht Fletcher, as syn soan Tom, in piloat fan ien fan 'e fleantugen. De relaasje tusken heit en soan is spand, mei't it Matt noch net slagge is om 'e Haruko frij te krijen. Dat ta argewaasje fan Tom, dy't steld dat Amerikanen fan etnysk Dútsk of italjaansk komôf ek net opsletten wurde yn ynternearringskampen.
De Slach by Midway begjint op 4 juny 1942, wannear't Nagumo de helte fan syn bommesmiters en jachtfleantugen ynset om it Marineloftfeartstasjon Midway te bombardearjen. De basis rint swiere skea op en in grut part fan 'e ferdigenjende jachtfleantugen wurdt delsketten, mar it fleanfjild bliuwt brûkber. Dat betsjut dat der noch altyd bommesmiters opstiigje kinne, sadat de basis in bedriging foar de Japanske float bliuwt. In Consolidated PBY Catalina-fleanboat fan 'e Amerikaanske Marine, dy't op ferkenningsmisje is, wurdt de float fan Nagumo gewaar. Underwilens ûntdekke Japanske ferkenners de Amerikaanske float. Nagumo is ferbjustere as er heart dat de USS Yorktown, wêrfan't de Japanners tochten dat dy nei Slach yn 'e Koraalsee moannenlang út 'e rûlaasje wêze soe, noch gewoan omfart. Hy beslút dat in twadde bombardemint fan Midway wachtsje moat en befellet dat de bommen tsjin lândoelen dêr't syn fleantugen al mei bewapene binne, halje-trawalje ferfongen wurde moatte troch torpedo's en anty-skipsbommen, sadat se in wraam op 'e Amerikaanske fleandekskippen dwaan kinne.
De Japanske oanfal rint lykwols fertraging op trochdat earst de fleantugen dy't it bombardemint fan Midway útfierd hawwe, op 'e Japanske fleandekskippen lânje moatte, oars soene se sûnder brânstof komme te sitten en út 'e loft falle. Dêrtroch kinne de Amerikanen de earste klap útdiele. Torpedobommesmiters fan 'e USS Hornet binne de earsten dy't de Japanske float benei komme, mar se binne harren eskorte fan jachtfleantugen kwytrekke, wat betsjut dat se in maklike proai binne foar de Mitsubishi A6M "Zero"-jachtfleantugen, dy't de Japanske float beskermje. Yn 'e mande mei it loftdoelgeskut fan 'e skippen helje dy alle Amerikaanske bommesmiters del foar't se skea oanrjochtsje kinne. De oanfallen fan 'e leechfleanende torpedobommesmiters lokje de Zero's lykwols út posysje nei in folle legere hichte ta.
As trije squadrons dûkbommesmiters fan 'e USS Enterprise en de USS Yorktown op in stuit de Japanske float út ferskillende rjochtings benei komme, binne der sadwaande frijwol gjin Zero's om harren tsjin te hâlden. Mei't de Japanners risselwearje foar de oanfal op 'e Amerikaanske float, steane de fleandekken fol mei fleantugen, wylst troch de wikseling fan bommen foar torpedo's oeral eksplosiven omtommelje en brânstofslangen alle kanten út liede. It Japanske loftdoelgeskut allinne kin de oanfal net keare, en de Amerikanen skoare foltreffers op trije fan 'e fjouwer Japanske fleandekskippen: de Akagi, de Kaga en de Sōryū. By de súksesfolle oanfal rint Tom Garth slimme brânwûnen op oan syn skonken en earms wannear't der troch in Japanske treffer brân yn syn cockpit útbrekt. Hy wit mei grutte muoite werom te kearen nei de USS Yorktown, dêr't er by de lâning op it fleandek delstoart. Hy oerlibbet it lykwols en wurdt nei de sikeboech brocht, dêr't Matt Garth him opsiket. Heit en soan fermoedsoenje har mei-inoar en prate ôf om inoar yn Pearl Harbor wer te sjen, dêr't Tom mei koarten mei de oare ferwûnen hinne evakuëarre wurde sil.
It iennichste oerbleaune fleandekskip út 'e float fan Nagumo, de Hiryū, stjoert syn bommesmiters en jagers fuortendaliks de loft yn. De Japanske oanfallers witte de Amerikaanske float te finen troch de weromkearende Amerikaanske bommesmiters te folgjen. Se bomdardearje de Yorktown, dy't swiere skea oprint, mar binnen de oere wer safierhinne reparearre is dat it skip oan militêre operaasjes dielnimme kin. Mei't de Amerikanen gâns piloaten ferlern hawwe, wurdt âld-piloat Matt Garth frege oft er oan 'e folgjende oanfal dielnimme kin. Hy stimt ta en jout him by de Amerikaanske tsjinoanfal tsjin 'e Hiryū. Se sette ôf krekt foar't in nije Japanske oanfalweach de Yorktown treft en diskear katastrofale skea oanrjochtet. It baarnende fleandekskip giet ferlern en moat ûntromme wurde.
De Amerikaanske oanfalweach dêr't Matt Garth diel fan útmakket, bringt de Hiryū ta sinken, wêrmei't de Japanske oanfal in fatale slach tabrocht wurdt. De oerlibjende Amerikaanske bommesmiters keare werom. It tastel fan Matt Garth is oan flaarden sketten, hoewol't er sels gjin skramke oprûn hat. As er lykwols besiket te lânjen op 'e USS Hornet, ferûngelokket er deadlik. Admiraal Yamamoto ûntfangt it nijs fan 'e Japanske nederlaach en it ferlies fan alle fjouwer fleandekskippen. Hy jout oarders foar in algemiene weromtocht en beprakkesearret hoe't er foar dit barren syn ûntskuldigings oanbiede sil oan keizer Hirohito. Yn Pearl Harbor wurdt de swier ferwûne Tom Garth op in brankaar oan lân brocht, dêr't er opwachte wurdt troch in frijlitten en fertwifele Hakuro.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
kaptein-op-see Matthew Garth | Charlton Heston |
admiraal Chester W. Nimitz | Henry Fonda |
- byrollen
*) De dialooch fan Toshiro Mifune, dy't net goed genôch Ingelsk spriek, waard yn 'e postproduksje neisyngronisearre troch Paul Frees; dyselde krige dêrfoar lykwols gjin fermelding op 'e ôftiteling.
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeMidway waard regissearre troch Jack Smight nei in senario fan Donald S. Sanford op basis fan 'e foarfallen fan 'e histoaryske Slach by Midway, dy't ien fan 'e grutte kearpunten yn 'e striid fan 'e Twadde Wrâldoarloch wie. As produsint wie Walter Mirisch by it projekt belutsen foar syn filmstudio The Mirisch Corporation. Foar de film wie in budget beskikber fan $4 miljoen, dat foar it meastepart finansierd waard troch Universal Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Harry Stradling jr., en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Midway fûnen plak yn 1975 en begjin 1976. De sênes op it Marinestasjon Pearl Harbor waarden filme op 'e Marine Operaasjebasis Terminal Island, by Los Angeles, de Marineskipswerf Long Beach by Long Beach (Kalifornje) en it Marineloftfeartstasjon Pensacola, by Pensacola (Floarida). De sênes op Midway waarden filme te Point Mugu, oan 'e kust fan Súdlik Kalifornje. Neffens regisseur Jack Smight hie Point Mugu "sândunen, krekt as Midway. We leine [der] in fleanfjild oan, bouden in toer, wat barrikaden, dat soarte dingen". Wat op Point Mugu fansels ûntbriek, en dêrom ek yn 'e film, wiene de albatrospiken, dêr't men op it echte Midway simmerdeis de fuotten oer brekt.
De sênes oan board fan 'e fleandekskippen waarden yn 'e Golf fan Meksiko filme, op 'e USS Lexington (CV-16), it lêste fleandekskip út 'e Twadde Wrâldoarloch dat mids 1970-er jierren noch yn 'e tsjinst wie by de Amerikaanske Marine. (Dat wie de namme-opfolger fan 'e USS Lexington (CV-2), dy't yn maaie 1942, sa't yn 'e film ferteld wurdt, troch de Japanners ta sinken brocht waard yn 'e Slach yn 'e Koraalsee.) Tsjintwurdich is de lettere USS Lexington in museumskip yn 'e haven fan Corpus Christi, yn Teksas.
De Betinkingsloftmacht (Commemorative Air Force), in organisaasje dy't krewearret foar it behâld fan âlde fleantugen, joech de makkers fan Midway in Consolidated PBY Catalina-fleanboat yn brûklien, dy't brûkt waard foar alle sênes oer de Amerikaanske militêre loftferkenning en oer de rêding fan piloaten dy't in needlâning op see meitsje moatten hiene.
Oan it begjin fan 'e film wurdt in tekst yn byld brocht dêr't op fermeld wurdt dat yn 'e film "wêr mooglik" echte bylden út 'e Twadde Wrâldoarloch ferwurke binne. Dêrmei wurdt suggerearre dat soks út it eachpunt fan autentisiteit dien waard, mar eins wie it benammen in kostebesparjende maatregel. Der waard foar Midway ek byldmateriaal recycle út eardere films, lykas Away All Boats (1956), Taiheiyo no Arashi (1960; bûten Japan bekend as Storm over the Pacific) en Tora! Tora! Tora! (1970). De sênes fan 'e Doolittle Raid út it begjin fan Midway waarden oernommen fan Thirty Seconds over Tokyo (1944). Ek sitte der guon bylden yn 'e film ferwurke út 'e dokumintêre The Battle of Midway (1942), dy't regisseur John Ford makke fan it Japanske bombardemint fan Midway, dêr't er libbensliif by oanwêzich wie. De measte bylden fan loftgejochten tusken Amerikaanske en Japanske fleantugen yn Midway binne eins echte opnamen fan sokke gefjochten troch kamera's dy't oan board fan jachtfleantugen ynstallearre wiene. Mar it binne eins bylden út 'e Slach om Ingelân tusken fleantugen fan 'e Britske Royal Air Force en de nazy-Dútske Luftwaffe ynstee fan tusken Amerikaanske en Japanske tastellen.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Midway waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 18 juny 1976 yn yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Midway mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte de film 21/2 fan 4 stjerren ta en skreau: "De film sil wol belibbe wurde kin as poer spektakel, […] mar der bestiet gjin regissearjende yntelliginsje om 'e special effects yn it ferhaal yn te bêdzjen, om 'e rânen fan 'e seeslach ôf te tekenjen en om op oertsjûgjende wize de ûnferwachte Amerikaanske oerwinning te ferklearjen." Yn 'e Chicago Tribune krige de film fan Gene Siskel ek 21/2 fan 4 stjerren. De sênes mei de gefjochten lieten him kâld, en de subplot oer de leafde fan in Amerikaanske piloat foar in etnysk Japansk fanke moast er neat fan hawwe, mar hy priizge Henry Fonda as "absolút oertsjûgjend" yn syn rol as admiraal Chester Nimitz.
Yn The New York Times woe Vincent Canby hawwe dat de film "ûntploft sûnder skea oan te rjochtsjen yn in betizing fan âlde nijsbylden, healwize fiktive oarlochsfilmklisjees en in rige houterige aktearprestaasjes fan tusken de tsien en de fyftjin manlike filmstjerren, wêrfan't guon mar sa koart yn byld komme dat it wol in werkenningstest foar fleantúchtypen út 'e Twadde Wrâldoarloch liket." Janet Maslin wie yn Newsweek in stik hurder foar Midway. Neffens har koe de film "nea alhiel út 'e rie komme oft oarloch no in ferskrikking is, in protte wille of inkeld in eksistinsjeel dilemma". En yn The Washington Post karakterisearre Gary Arnold de film as in "wurch oarlochsepos". Dêr heakke er oan ta: "Hollywood bedoelt it miskien goed […], mar it is al wat skokkend om te beseffen dat autentike dieden fan moed en selsopoffering in ferlechje wurde foar sa'n swakke, ynadekwate ferfilming. Der is gjin earnstich besykjen yn Midway om 'e jonge manlju te karakterisearjen dy't oan beide kanten fan dizze krúsjale slach fochten."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Midway in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 17 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Midway in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 48%, basearre op 6 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeMidway brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $43 miljoen op. De opbringst yn oare lannen en territoaria is ûnbekend. Mar ôfset tsjin it budget fan $4 miljoen leveret allinne de Noardamerikaanske opbringst al in winst op fan $39 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Midway yn Noard-Amearika de op njoggen nei meast opbringende film fan 1976.
Tillefyzjeferzje
bewurkje seksjeKoart nei't Midway mei súkses yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre gien wie, waard de bioskoopferzje, oanfolle troch byldmateriaal dat by de filmmontaazje fuortknipt wie en nij filme materiaal brûkt om in tillefyzjeferzje fan 'e film gear te stallen. Dy wie mei yn spyldoer fan 176 minuten 45 minuten langer as de bioskoopfilm en waard yn 1976 yn twa dielen útstjoerd troch it tillefyzjenetwurk NBC. Yn 'e tillefyzjefilm waard in nij personaazje yntrodusearre: Ann, spile troch Susan Sullivan. Hja is de faam fan kaptein-op-see Matt Garth, en waard yntrodusearre om 'e yn 'e bioskoopfilm neamde skieding fan Garth en syn frou, de mem fan syn soan Tom, te ferklearjen. Ek moast har bestean de úteinlike dea fan Garth mear emosjonele impact jaan. Yn 'e tillefyzjefilm waarden ek bylden opnommen fan 'e Slach yn 'e Koraalsee, dy't yn 'e bioskoopfilm allinne mar neamd wurdt. Yn juny 1992 waard de tillefyzjeferzje fannijs útstjoerd troch CBS.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |