Mitsubishi A6M Zero

(Trochferwiisd fan Mitsubishi A6M)
Mitsubishi A6M Zero


Rol Jachtfleanmasine
Makker Mitsubishi Heavy Industries
Untwerper Jiro Horikoshi
Earste flecht 1 april 1939
Yn tsjinst 1 july 1940
Ut tsjinst 1945 (Japan)
Tal makke 10.939 (1940–1945)
Brûkers Japanske Keizerlike Marineloftmacht, Sineeske Nasjonalistyske Loftmacht
Fariant Nakajima A6M2-N

De Mitsubishi A6M Zero wie in jachtfleanmasine fan de Keizerlike Japanske Marine ûnder de Twadde Wrâldkriich. De 'Zero' wurdt beskôge as it meast kapabele, fan in fleandekskip ôf operearjend gefjochtsfleantúch fan de wrâld doe't it yn it begjin fan de oarloch yntrodusearre waard. It tastel hie in grut fleanberik, wie tige manûvrearber en swier bewapene. Japanske marine brûkte it jachtfleantúch ek fan fleanfjilden op it lân ôf.

Zero boppe de Solomoneilannen

Yn de earste gefjochten krige de Zero in reputaasje as dogfighter, mei in útstekkende kill ratio fan 12 tsjin 1, mar healwei 1942 stelde in kombinaasje fan nije taktiken en de yntroduksje fan bettere apparatuer alliearde piloaten by steat om de Zero op gelikense foet te bestriden. Tsjin 1943 wie de Zero minder effektyf tsjin nijere alliearde gefjochtsfleantugen.

De Zero hie gjin hydraulyske bekrêftiging fan rolroeren en rjochtingsroer, wêrtroch 't it dreech wie om te manoeuvrearjen by hege faasjes. Tsjin 1944, doe 't alliearde gefjochtsfleantugen it nivo fan manûvrearberens fan de A 6 M benei kamen en konsekwint de fjoerkrêft, bepânsering en faasje te boppe giene, wie de A 6 M foar it grutste part ferâldere as gefjochtsfleantúch. Lykwols, omdat fertragingen yn it ûntwerp en produksjeproblemen de yntroduksje fan nijere Japanske fleantúchmodellen behinderen, bleau de Zero tsjinjen yn in frontliny oant de ein fan de oarloch yn de Stille Oseaan. Yn de lêste fazen waard er ek oanpast foar gebrûk by kamikaze-operaasjes. Japan produsearre mear Zero's as alle oare modellen gefjochtsfleantugen yn de oarloch.

Technyske feiten

bewurkje seksje
Mitsubishi A6M5b
Feiten
Lingte    9,07 m
Spanwiidte    12,00 m
Hichte    2,80 m
Motor    Ien Nakajima Sakae 21 dûbelstjermotor fan 831 kW (1130 HK)
Topfaasje    561 km/o op 6.000 m
Grutste fleanberik    1.560 km
Bemanning    1
Tsjinsthichte    10.700 m
Bewapening    Twa 20-mm-kanonnen, ien 12,7 mm en
ien 7,7 mm masinegewear, oant 318 kg bommen
Totaalgewicht    2.940 kg
Mitsubishi A6M2-N
Feiten
Lingte    10,131 m
Spanwiidte    12,00 m
Hichte    4,305 m
Motor    Ien Nakajima Sakae 21 dûbelstjermotor fan 708 kW (963 HK/4200 m)
Topfaasje    436 km/o op 4.300 m
Bemanning    1
Bewapening    Twa 20-mm-kanonnen, ien 12,7-mm- en
ien 7,7-mm-MG; 120 kg bommen

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: