Marinestasjon Pearl Harbor

It Marinestasjon Pearl Harbor (Ingelsk: Naval Station Pearl Harbor) wie in militêre basis fan 'e Amerikaanske Marine oan 'e súdlike kust fan it eilân Oähû yn 'e Amerikaanske steat Hawaï. De basis omfieme it grutste part fan 'e lagune Pearl Harbor, en lei deun bewesten de Hawaïaanske haadstêd Honolulu. It Marinestasjon Pearl Harbor waard op papier yn 1899 stifte, hoewol't it yn 'e praktyk pas jierren letter yn gebrûk nommen waard. It rekke wrâldbekend troch de Japanske Oanfal op Pearl Harbor, wêrby't op 7 desimber 1941 troch in ferrassingsbombardemint in grut part fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float útskeakele waard, wat de Feriene Steaten by de Twadde Wrâldoarloch beloek. Yn 2010 gie it Marinestasjon Pearl Harbor mei de oanbuorjende Loftmachtbasis Hickam op yn 'e Mienskiplike Basis Pearl Harbor-Hickam.

Marinestasjon Pearl Harbor
Naval Station Pearl Harbor
Big battle symbol.svg militêre basis
De lokaasje fan Pearl Harbor yn Hawaï.
De lokaasje fan Pearl Harbor yn Hawaï.
algemiene ynformaasje
type basis marinebasis
besit fan Flag of the United States Navy (unofficial proportions).svg Amerikaanske Marine
stifting 1899
sluting 2010
geografy
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
steat Flag of Hawaii.svg Hawaï
county Flag of Honolulu, Hawaii.svg Honolulu County
oerflak basis 5.304 ha
hichte 1-6 m
koördinaten 21°21′50″ N 157°57′37″ W
neiste plak Pearl City (Hawaï)
oar
tiidsône UTC –10
simmertiid gjint
webside www.cnic.navy.mil...

SkiednisBewurkje

It wie al langer bekend dat de lagune Pearl Harbor, dy't oan 'e súdlike kust fan it Hawaïaanske eilân Oähû in natuerlike haven foarmet, tige gaadlik wie foar it fêstigjen fan in marinebasis. Al fan likernôch 1840 ôf gie der yn Amerikaanske regearingsfermiddens praat fan om dêr sa'n basis te fêstigjen om 'e Amerikaanske belangen yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan better beskermje te kinnen. It probleem wie dêrby dat de Hawaï-eilannen doedestiden noch it ûnôfhinklike Keninkryk Hawaï foarmen.

 
In loftfoto fan it Marinestasjon Pearl Harbor, mei yn 'e midden Ford Island.

Uteinlik waard yn 1884, ûnder it regear fan kening Kalākaua fan Hawaï, it saneamde Wjersidichheidsferdrach fan 1875 sletten, dat oan 'e Feriene Steaten eksklusive rjochten joech op it gebrûk fan Pearl Harbor as in stielkoalbefoarriedings- en reparaasjestasjon. Dat ferdrach waard yn 1887 troch it Amerikaanske Kongres ratifisearre, mar hoewol't it fan krêft bleau oant de Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï yn 1898, fêstige de Amerikaanske Marine pas yn 1899 in marinebasis yn 'e lagune, wêrmei't formeel it Marinestasjon Pearl Harbor ûntstie.

Folle mear as it útdjipjen fan 'e tagong ta de lagune barde der lykwols ek doe foarearst net. Tusken 1900 en 1908 waarden der stadichoan de nedige fasiliteiten boud om marineskippen te ûntfangen en te befoarriedzjen. Yn 1908 waard de Marineskipswerf Pearl Harbor oprjochte, mar pas yn 'e 1910-er jierren groeide Pearl Harbor út ta in wiere marinebasis, en yn 1919 waard it earste drûchdok iepene (in foargeand drûchdok wie yn 1913 ynstoart doe't it noch yn oanbou wie). Yn 1919 droech it Amerikaanske Leger de súdeastlike râne fan Ford Island, in eilantsje yn 'e midden fan 'e lagune, op fersyk fan 'e Amerikaanske minister fan Oarloch Newton D. Baker, oer oan 'e marine. Dêr ûntstie neitiid Battleship Row, it ôfmarplak foar slachskippen, mei't dêr it djipste part fan 'e lagune foar nedich wie.

Op 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 fierde de Keizerlike Japanske Marine in ferrassingsbombardemint út op it Marinestasjon Pearl Harbor en oare doelen op it Hawaïaanske eilân Oähû. Dat bombardemint wie bedoeld om 'e Amerikaanske Pasifyske Float mei ien ferpletterjende klap út te skeakeljen, sadat de Japanners de hannen frij hawwe soene foar de ferovering fan 'e Amerikaanske, Britske en Nederlânske koloanjes yn Súdeast-Aazje. Om't de oanfal benammen rjochte wie op 'e grutste skippen fan 'e float, krige Battleship Row it it swierst te ferduorjen. Der waarden fjouwer Amerikaanske slachskippen en ferskate oare marineskippen ta sinken brocht en yn totaal kamen oan Amerikaanske kant 2.403 minsken om. De Feriene Steaten, dy't har oant dy tiid ôfsidich holden hiene fan 'e Twadde Wrâldoarloch, waarden dêrtroch op abrupte en ûntsjinkearbere wize by it konflikt belutsen.

 
It slachskip de USS Missouri is no in museumskip yn Pearl Harbor.

De rest fan 'e oarloch tsjinne Pearl Harbor as befoarriedings- en reparaasjebasis foar Amerikaanske marineskippen, want de Japanners hiene der sa wis fan west dat se de oarloch yn koarte tiid yn harren foardiel beslochtsje koene, dat se net de muoite nommen hiene om 'e grutte ierdoaljedepots en de marineskipswerf op 'e basis te bombardearjen. Op 21 maaie 1944 fûn der in ûntploffing plak yn it diel fan it Marinestasjon Pearl Harbor dêr't lâningsboaten reemakke waarden foar Operaasje Forager, de befrijing fan 'e troch Japan besette Marianen. By dy ramp fan West Loch sonken trije lâningsskippen foar tanks, kamen 163 Amerikaanske militêren om it libben en rekken 396 oaren ferwûne. De oarsaak fan 'e ûntploffing waard nea krekt fêststeld.

Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch bleau Pearl Harbor mei de Marinebasis San Diego de wichtichste basis foar de Amerikaanske Pasifyske Float. Omreden fan 'e Oanfal op Pearl Harbor en it op it terrein fan 'e basis oanwêzige Tinkteken foar de USS Arizona, út 1962, waard de hiele marinebasis op 15 oktober 1966 opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken (NRHP). Sûnt 1964 hie it ek al de status fan National Historic Landmark District (NHLD). Yn 2010 kaam formeel in ein oan it bestean fan it Marinestasjon Pearl Harbor, doe't de marinebasis mei de oanbuorjende Loftmachtbasis Hickam opgie yn 'e Mienskiplike Basis Pearl Harbor-Hickam.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.