Ratifikaasje

(Trochferwiisd fan Ratifisearre)

In ratifikaasje of ratifisearring is de formele bekrêftiging troch in opdrachtjouwer fan in ôfspraak mei in trêde partij dy't makke is troch in fertsjintwurdiger fan 'e opdrachtjouwer, wêrby't it wurd fan 'e fertsjintwurdiger sels net wetlik binend wie foar syn opdrachtjouwer. Yn 'e praktyk giet it hjirby frijwol altyd om in ynternasjonaal (of yntranasjonaal) ferdrach, wêrby't de minister fan Bûtenlânske Saken of in oare hege diplomaat fan in lân de ôfspraken makket, dy't dan letter bekrêftige (ratifisearre) wurde moatte troch it parlemint fan dat lân. Foar 'ratifikaasje' yn 't plak wurde yn dit ferbân ek wol folgjende termen brûkt: tatrêding, aksesje, goedkarring of formele befêstiging. Yn 'e measte ferdraggen is stipulearre dat se pas yn wurking trêdzje sille nei't in beskaat tal ûndertekenjende lannen it oangeande ferdrach ratifisearre hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.