The Washington Post

The Washington Post, ek wol bekend as The Post en gauris ôfkoarte ta WaPo, is in tige foaroansteande Amerikaanske krante, dy't sân dagen yn 'e wike ferskynt. It is in nasjonale krante, dy't gearstald, printe en publisearre wurdt yn 'e haadstêd Washington, D.C. The Washington Post hat it imago fan in kwaliteitskrante, en kin yn 'e Nederlânske kontekst ferlike wurde mei NRC Handelsblad. Om't de krante yn Washington, D.C. ferskynt, dat it sintrum fan 'e Amerikaanske polityk is, wurdt der yn The Washington Post yn it bysûnder omtinken oan politike saken jûn. De krante hat (anno 2022) 47 Pulitzerprizen wûn.

The Washington Post
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre deiblêd
frekwinsje 1x deis
bestean 1877 – no
oprjochter Stilson Hutchins
plak haadred. Washington, D.C.
útjouwer WP Company LLC
oplaach 474.767 wurkdagen & sneons
838.014 sneins (2013)
ISSN 0190-8286
offisjele webside
www.washingtonpost.com

The Washington Post waard yn 1877 oprjochte troch Stilson Hutchins (1838-1912) en wie yn 1880 de earste Amerikaanske krante dy't in sneinsedysje begûn en sa sân dagen yn 'e wike útkaam. Yn 1889 ferkocht Hutchins de krante oan Frank Hatton, dy't earder postmaster-generaal west hie, en Beriah Wilkins, in earder lid fan it Amerikaanske Kongres út Ohio foar de Demokratyske Partij. Om harren deiblêd te promoatsjen, fregen de nije eigners John Philip Sousa, de dirigint fan 'e militêre kapel fan it Amerikaansk Marinierskorps, om in mars te komponearjen foar de útrikkingsseremoanje fan 'e prizen foar de essaywedstryd dy't se útskreaun hiene. It muzykstik dat Sousa op dat fersyk makke, The Washington Post waard tige populêr en is noch altyd syn bekendste wurk.

Yn 1893 ferhuze The Washington Post nei in gebou op 'e hoeke fan 14th Street en E Street Northwest, dêr't de kantoaren, nijsredaksje en drukkerij allegear deun byinoar sieten. Yn 1894 waard Wilkins nei it ferstjerren fan Hatton foar de folle hûndert persint eigner fan 'e krante. Yn 1898, ûnder de Spaansk-Amerikaanske Oarloch, printe The Washington Post in yllustraasje fan Clifford K. Berryman ôf, mei as titel Remember the Maine; dat waard yn 'e oarloch neitiid de striidgjalp foar matroazen fan 'e Amerikaanske Marine. (De USS Maine wie koart foar it begjin fan 'e oarloch yn 'e haven fan Havana, yn 'e Spaanske koloanje Kuba, troch kontroversjele oarsaken sonken, mei it ferlies fan 268 Amerikaanske libbens ta gefolch.) Yn 1902 ferskynde in twadde ferneamd wurden plaatsje fan Berryman yn The Washington Post, Drawing the Line in Mississippi, mei in ôfbylding fan presidint Theodore Roosevelt dy't begrutsjen hat mei in bearewelpke; dat ynspirearre de New Yorkske winkelman Morris Michtom ta de skepping fan 'e teddybear.

 
It haadkertier fan The Washington Post yn 1948.

Nei it ferstjerren fan Wilkins, yn 1903, gie The Washington Post oer yn 'e hannen fan syn soannen John en Robert, dy't de krante yn 1905 ferkochten oan John Roll McLean, de eigner fan 'e Cincinnati Enquirer yn Cincinnati. Under it presidintskip fan Woodrow Wilson printe The Washington Post yn 1915 de bekendste typflater yn 'e Amerikaanske skiednis ôf yn in artikel oer de hofmakkerij troch Wilson, dy't widner wie, fan syn lettere twadde frou Edith Bolling Galt: de krante woe skriuwe dat er har "in jûn fan fermaak bean" hie (entertaining), mar skreau ynstee dat er har "binnendrongen" wie (entering). Yn dy kekene tiden waard dat in grut skandaal.

Foar syn dea yn 1916 stoppe McLean The Washington Post yn in trust, om't er gjin fidúsje hie yn it saaklik fermogen fan syn soan, Edward Beale McLean, dy't de reputaasje hie in playboy te wêzen. De jongere McLean stapte nei syn heite dea lykwols nei de rjochtbank en tebriek de trust, wêrnei't er The Washington Post mei syn wanbehear yn oardel desennium alhiel ferrinnewearre. Yn 1933 gie de krante fallyt en waard opkocht troch de finansier Eugene Meyer, ûnder waans lieding de finânsjes wer op oarder brocht waarden en The Washington Post syn goede namme weromwûn. Meyer waard yn 1946 as útjouwer opfolge troch syn skoansoan Philip Graham. Dyselde konsolidearre de posysje fan 'e krante troch yn 1954 it lêste oare moarnsblêd yn Washington, D.C., de Washington Times-Herald, op te keapjen. Troch de ienwurding fan 'e beide deiblêden hiet The Washington Post krapoan tweintich jier lang offisjeel The Washington Post and Times-Herald, foar't men it lêste part fan 'e titel yn 1973 wer falle liet.

Nei de dea fan Graham, yn 1963, kaam The Washington Post ûnder it bewâld fan syn frou en de dochter fan Eugene Meyer, Katharine Graham (1917-2001). Hja wie ien fan 'e earste froulju dy't oan it haad stiene fan in Amerikaanske nasjonale krante, en yn har autobiografy soe se letter har eigen eangst en gebrek oan selsfertrouwen beskriuwe, dat se yn har nije funksje fielde omreden fan har frouwêzen. It is dêrom iroanysk dat The Washington Post ûnder har lieding syn romroftichste heechtijdagen belibbe, earst mei de publikaasje fan 'e Pentagon Papers (1971) en dêrnei mei it ûndersyk nei it Watergateskandaal (1972-1974). De Pentagon Papers wiene in tal geheime dokuminten fan it Pentagon, it Amerikaanske Ministearje fan Definsje, wêryn't de tweintichjierrige belutsenens fan 'e Feriene Steaten sûnt de ein fan 'e 1940-er jierren fêstlein wie by de Earste en Twadde Yndosineeske Oarloch (wêrûnder de Fjetnamoarloch). Oer dy perioade út 'e skiednis fan The Washington Post waard yn 2017 de film The Post makke.

 
In famke mei de edysje fan The Washington Post fan moandei 21 july 1969, mei op 'e foarside it nijs oer de moannelâning.

De bekendste snuorje út 'e skiednis fan 'e krante foel lykwols foar doe't útfierend haadredakteur Ben Bradlee nei de ynbraak yn it Watergatekompleks de sjoernalisten Bob Woodward en Carl Bernstein ûndersykje liet wêrom't de ynbrekkers blykber it Nasjonaal Komitee fan 'e Demokratyske Partij ôflústerje wollen hiene. Nettsjinsteande oansjenlike tsjinwurking fan it regear fan 'e Republikeinske presidint Richard Nixon besleat de krante efter syn ferslachjouwers stean te bliuwen, ek doe't der druk útoefene waard om mei it ûndersyk op te hâlden, en hoewol't frijwol gjin inkele oare lanlike Amerikaanske krante de publikaasjes fan The Washington Post oer dit ûnderwerp nijswurdich fûn. Op 't langelêst brocht it oanhâldende gegraaf fan Woodward en Bernstein lykwols in dôfpotaffêre smoarfol korrupsje oan it ljocht, dy't it Watergateskandaal kaam te hjitten. Dy iepenbierings laten ta de fal fan presidint Nixon.

Tsjin 'e twadde helte fan 'e 1970-er jierren waard de progressive Washington Post troch konservativen wol "de Pravda oan 'e Potomac" neamd (Pravda wie de steatskrante fan 'e kommunistyske Sovjet-Uny en de Potomac streamt troch Washington, D.C.). Yn 1979 waard Katharine Graham opfolge troch har soan Donald E. Graham, dy't begjin 1990-er jierren ek algemien direkteur en foarsitter fan 'e ried fan tafersjoch waard. Yn 2000 folge Boisfeuillet Jones jr. Graham op as útjouwer en algemien direkteur. Op 1 oktober 2013 waard The Washington Post oankocht troch miljardêr Jeff Bezos, de oprjochter fan Amazon.com. Neitiid waard de krante mei guon oare publikaasjes ûnderbrocht yn 'e holding Nash Holdings LLC, dy't Bezos spesjaal foar dat doel oprjochte hie. Yn septimber stelde Bezos Frederick J. Ryan jr., de oprjochter fan 'e nijswebside Politico, oan as útjouwer en algemien direkteur fan The Washington Post.

Konkurrinten

bewurkje seksje

Nei de opname fan 'e Washington Times-Herald yn The Washington Post, yn 1954, wiene der noch twa konkurrearjende kranten yn Washington, D.C. oer: de Washington Star en The Washington Daily News. Dat wiene allebeide jûnskranten, wylst The Washington Post in moarnskrante is. De beide deiblêden fusearren yn 1972 en waard yn 1981 opheft. The Washington Times, in krante dy't yn 1982 oprjochte waard troch Sun Myung Moon, de lieder fan 'e Unifikaasjetsjerke, wie neitiid in konsevative konkurrint fan 'e fierhinne progressive Post, mei (yn 2005) in sândepart fan 'e oplaach fan 'e Post. Tsjin 'e ein fan 'e 2000-er jierren kaam dêr The Washington Examiner by, in populistyske tabloid à la De Telegraaf, mar dy krante waard yn juny 2013 wer opheft.

 
It eardere haadkantoar fan The Washington Post oan 15th Street NW yn Washington, D.C.

Hjoeddeistige sitewaasje

bewurkje seksje

Tsjintwurdich is The Washington Post ien fan 'e meast foaroansteande deiblêden fan 'e Feriene Steaten, yn 'e mande mei The New York Times, The Wall Street Journal en de Los Angeles Times. Yn syn skiednis hat de krante wol 47 Pulitzerprizen wûn, wêrûnder mar leafst seis ûnderskate Pulitzerprizen yn ien jier (2008), in prestaasje dy't inkeld ûnderdocht foar de sân ûnderskate Pulitzerprizen fan The New York Times yn 2002.

The Washington Post is ien fan mar in pear Amerikaanske kranten dy't eigen nijsburo's om utens ûnderhâldt, dy't fêstige binne yn Beirût (Libanon), Berlyn (Dútslân), Bogotá (Kolombia), Hongkong, Islamabad (Pakistan), Jeruzalim (Israel), Kabûl (Afganistan), Kaïro (Egypte), Londen (Feriene Keninkryk), Meksiko-Stêd (Meksiko), Nairobi (Kenia), New Delhi (Yndia), Parys (Frankryk), Peking (Sina) en Tokio (Japan). Dêrnjonken hat The Washington Post ek acht pleatslike nijsburo's yn Marylân en Firginia, de Amerikaanske steaten dy't oan it Distrikt fan Kolumbia grinzgje (û.m. yn Annapolis en Richmond).

Yn maart 2013 bedroech de oplaach fan The Washington Post op wurkdagen en sneonen 474.767 eksimplaren (op sneinen lei dat oantal op 838.014). Dêrmei is it (op wurkdagen) de Amerikaanske krante mei de op seis nei grutste sirkulaasje, nei USA Today, The Wall Street Journal, The New York Times, de Los Angeles Times, de Daily News en de New York Post.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.