The Wall Street Journal
The Wall Street Journal, gauris ôfkoarte ta WSJ, is in Amerikaanske krante dy't de op ien nei grutste fersprieding fan 'e Feriene Steaten hat, nei The New York Times. De krante waard oprjochte yn 1889 en wurdt útjûn troch Dow Jones & Company, in difyzje fan News Corp. De redaksje hat syn sit yn New York. The Wall Street Journal, wêrfan't de namme ferwiist nei Wall Street, it hert fan 'e finansjele sektor yn New York, stiet bekend om syn fokus op it Amerikaanske en ynternasjonale sakelibben en teffens om syn konservative politike opfettings. De krante komt seis dagen yn 'e wike út, fan moandei oant en mei sneon, en hat sawol in printe ferzje op papier as in digitale ferzje op it ynternet. Der binne ek twa ynternasjonale edysjes, dy't yn it Japansk en it Sineesk útbrocht wurde en ek seis dagen yn 'e wike ferskine. Anno 2023 hie The Wall Street Journal yn totaal 38 prestizjeuze Pulitzerprizen wûn.
The Wall Street Journal | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | krante | |
frekwinsje | 1x deis | |
bestean | 1889 – no | |
oprjochter | Charles Dow Edward Jones Charles Bergstresser | |
plak haadred. | New York (New York) | |
útjouwer | Dow Jones & Company | |
oplaach | 3.749.000 (2022) | |
tal abonnees | 654.000 (papierren ferzje, 2022) 3.095.000 (digitale ferzje; 2022) | |
ISSN | 0099-9660 (papierren ferzje) 1042-9840 (digitale ferzje) | |
offisjele webside | ||
www.wsj.com |
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste produkten fan Dow Jones & Company, de útjouwerij fan The Wall Street Journal, wiene koarte nijsbrieven dy't "flimsies" neamd waarden. Dy waarden yn 'e iere 1880-er jierren ferskate kearen deis mei de hân ôflevere by effektemakelers op 'e effektebeurs fan New York. Letter waarden dy nijsbrieven bondele ta ien deiblêd, dat de Customers' Afternoon Letter hiet. Ferslachjouwers Charles Dow, Edward Jones en Charles Bergstresser foarmen dat om ta The Wall Street Journal, wêrfan't de earste edysje ferskynde op 8 july 1889. Yn 1896 waard út 'e krante wei de Dow Jones Industrial Average oprjochte, better bekend as de Dow Jones-yndeks. Dat wie de earste fan ferskate yndeksearrings fan effekte- en obligaasjeprizen op 'e New York Stock Exchange. The Wall Street Journal skoep in klimaat wêryn't sjoernalisten oer de finansjele sektor skriuwe koene sûnder dat se hoegden yn te sitten oer yntimidaasje troch bedriuwen.
Yn 1902 kocht sjoernalist Clarence Barron in mearderheidsbelang yn The Wall Street Journal foar de priis fan $130.000 (yn jild fan 2021: $4,1 miljoen). De oplaach bedroech doe 7.000 eksimplaren, mar tsjin 'e 1920-er jierren wie dat oanwoeksen ta 50.000. Yn 1921 waard as in soarte fan spin-off fan The Wall Street Journal it tydskrift Barron's opjrochte, it earste finansjele wykblêd fan 'e Feriene Steaten. Barron ferstoar yn 1928, in jier foar de Beurskrach fan 1929, dy't it begjin fan 'e Grutte Depresje ynlette. Syn neiteam, feriene yn 'e Bancroft-famylje, soe oant 2007 eigner fan The Wall Street Journal bliuwe.
Yn 'e 1940-er jierren krige The Wall Street Journal syn moderne foarm en teffens waard it doe ien fan 'e meast foaroansteande kranten fan 'e Feriene Steaten (en dêrmei fan 'e wrâld), in posysje dy't it sûnt altyd beholden hat. Bernard Kilgore waard yn 1941 beneamd ta haadredakteur en yn 1945 ta algemien direkteur. Uteinlik soed er 27 jier oan it haad fan The Wall Street Journal stean bliuwe. Under syn lieding groeide de krante fan in oplaach fan 33.000 yn 1941 ta 1,1 miljoen yn 1967, it jier dat er stoar. Yn dyselde snuorje helle The Wall Street Journal ek de earste prestizjeuze Pulitzerpriis binnen, yn 1947, foar de haadartikels fan William Henry Grimes.
The Wall Street Journal begûn yn 1967 mei in grutte útwreiding, wêrby't úteinlik korrespondinten pleatst waarden yn elts finansjeel sintrum fan belang yn Jeropa, Latynsk-Amearika, Aazje, Afrika en Oseaanje. Yn 1970 kocht Dow Jones & Company de Ottawa-krantekeatling, besteande út njoggen deiblêden en trije sneinskranten. Dy waarden letter omneamd ta de Dow Jones Local Media Group. De perioade fan 1971 oant 1997 stie yn it teken fan in rige opstartings, oankeapen en joint ventures, wêrûnder Factiva, The Wall Street Journal Asia, The Wall Street Journal Europe, de WSJ.com-webside, MarketWatch en de wykeinedysje fan The Wall Street Journal.
Op 'e webside waard yn 1996 úteinset mei in digitale ferzje fan 'e krante. Dat wie in grut súkses, oanfitere troch it útbringen, yn 2004, fan in app ûntwikkele troch Oasys Mobile, wêrmei't lêzers de digitale ferzje fan 'e krante op harren mobile tillefoans iepenje koene. Tsjin 2007 wie WSJ.com mei mear as 980.000 beteljende abonnees útgroeid ta de grutste betelsite op it ynternet. Datselde jiers waard Dow Jones & Company oernommen troch News Corporation (no News Corp), it bedriuw fan 'e Australyske mediatycoon Rupert Murdoch. De útjouwerij waard doe in difyzje fan News Corp, dy't ek sokke media omfette as it tillefyzjestasjon Fox News, en kranten as The New York Post en The Times (fan Londen).
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|