The Times
The Times is in Britsk deiblêd, oprjochte yn 1785 troch John Walter ûnder de namme The Daily Universal Register. De krante hjitte sûnt 1 jannewaris 1788 The Times of London. Tsjintwurdich wurdt de krante útjûn troch News International, in ûnderdiel fan Rupert Murdoch syn News Corp, foarhinne News Corporation.
De krante is sawol digitaal as yn papierfoarm beskikber en wurdt yn in protte lannen ferspraat. It deiblêd hat it grutste part fan syn abonnees yn it hiele Feriene Keninkryk.