News Corp

(Trochferwiisd fan News Corporation)

News Corp (oarspronklik koart foar News Corporation, "Nijskorporaasje"; offisjeel oantsjut as New News Corp, mar op 'e beurzen ferhannele ûnder de namme News Corp) is in Amerikaansk útjouwersconcern fêstige yn New York. It is ien fan twa bedriuwen dy't yn 2013 fuortkommen binne út 'e âlde News Corporation fan krantemagnaat Rupert Murdoch. News Corp is benammen aktyf op it mêd fan it útjaan fan kranten en tydskriften, mar dêrnjonken is it ek de eigner fan HarperCollins Publishers, ien fan 'e fiif grutste boeke-útjouwerijen fan 'e Angelsaksyske wrâld.

News Corp
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type publyk
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 2013
oprjochter Rupert Murdoch
eigner oandielhâlders
fuortk. út News Corporation
dochters sjoch ûnder difyzjes
offisjele webside
www.newscorp.com

De skiednis fan News Corp giet werom oant 1923, doe't yn Adelaide it Australyske bedriuw News Limited oprjochte waard, dat û.o. de krante de Adelaide News útjoech. Yn 1949 waard dat deiblêd oankocht troch de sakeman sir Keith Murdoch, en doe't dy yn 1952 kaam te ferstjerren, urf syn soan Rupert Murdoch in mearderheidsbelang yn it bedriuw. Under dy syn lieding ûntjoech News Limited him neitiid ta ien fan 'e grutste útjouwerijen fan kranten en tydskriften fan Austraalje. Hjoed de dei hjit News Limited fan News Corp Australia en is it de Australyske difyzje fan it bedriuw.

 
Rupert Murdoch.

Yn 1973 bejoech News Limited him foar it earst op 'e Amerikaanske merk, mei de oankeap fan 'e San Antonio Express-News. Koart dêrnei waard ek de National Star, in lanlik bûlevaarblêd, oankocht, en yn 1976 folge de oankeap fan 'e lanlike krante de New York Post. Yn 1979 rjochte Murdoch de News Corporation op as in holding dêr't er sawol syn Australyske as syn Amerikaanske belangen yn ûnderbrocht. Fierdere útwreiding folge yn 'e jierren tachtich, doe't û.m. yn 1981 50% fan 'e filmstudio 20th Century Fox oankocht waard, folge troch de restearjende 50% yn 1984, wylst yn 1986 de tillefyzjestjoerder de Fox Broadcasting Company (better bekend as FOX) oprjochte waard.

Tsjin 'e milenniumwiksel wie News Corporation ien fan 'e grutste en ynfloedrykste multymediabedriuwen fan 'e wrâld wurden. Yn 2012 hie it in wearde fan $56,7 miljard, en makke it in omset fan $1,2 miljard mei in winst fan $33,7 miljoen. Datselde jiers hie it wrâldwiid 47.650 wurknimmers. Yn 2011 rekke News Corporation yn Grut-Brittanje lykwols behelle yn in geroftmeitsjend skandaal, doe't oan it ljocht kaam dat sjoernalisten fan it bûlevaarblêd News of the World (in útjefte fan News Corporation) in grut ferskaat oan lju, fan politisy en akteurs oant de djipdrôven fan misdieslachtoffers, tillefoanysk ôflústere hiene en teffens harren e-mailboksen hackt hiene.

Yn 2012 kundige Rupert Murdoch oan dat er as reäksje op it skandaal en teffens om 'e winstútkearings foar de oandielhâlders te maksimalisearjen, besletten hie om News Corporation op te spjalten yn twa aparte bedriuwen. Dat krige yn 2013 syn beslach, en dêrby waarden alle tillefyzje- en filmbelangen ûnderbrocht by it nije 21st Century Fox, wylst alle útjouwerijen byinoarbrocht waarden yn it nije News Corp. Dy splitsing waard sa beävensearre dat 21st Century Fox foar de wet in fuortsetting fan 'e âlde News Corporation is, en News Corp in folslein nij bedriuw.

De wichtichste difyzjes fan News Corp binne:

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.