In joint venture (útspr.: [ʤoint 'vɛnʧəɹ], likernôch "dzjoint wentsjer") is in foarm fan gearwurking wêrby't de belutsen organisaasjes (yn 'e regel bedriuwen) in diel fan harren fermogen ynbringe yn in nij bedriuw, dat in projekt ta ûntwikkeling bringt dat foar mienskiplike rekkening en risiko komt. Foar leken is in joint venture net te ûnderskieden fan in fúzje, mar it ferskil is ienfâldich: alle partners yn it nije gearwurkingsferbân bliuwe ek los dêrfan selsstannich fuortbestean, wylst by in fúzje de ôfsûnderlike fúzjepartners krekt ophâlde te bestean.

Joint ventures wurde gauris optúge foar in spesifyk projekt. It binne dan ek net needsaaklikerwize langduorjende ferbinings, en se hawwe faak mear wei fan in strategyske alliânsje. Dat makket lykwols al dat joint ventures gefoelich binne foar ûnderlinge konflikten tusken de gearwurkjende organisaasjes. In tige bekend foarbyld fan in joint venture is Air France-KLM, dy't gearstald is út 'e loftfeartmaatskippijen Air France en de KLM.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, op dizze side.