Air France
Air France (formele namme: Société Air France, S.A.) is de grutste loftfeartmaatskippij fan Frankryk. De maatskippij is part fan 'e Air France-KLM-groep en is mei-oprjochter fan SkyTeam, in ynternasjonale alliânsje foar loftfeartmaatskippijen. It haadkertier fan it bedriuw stiet by de lofthaven Charles de Gaulle, benoarden Parys. Air France ferfiert passazjiers en fracht nei 204 bestimmings yn 93 lannen.
Air France | |||||
| |||||
In Airbus A319 fan Air France | |||||
Algemien | |||||
Oprjochte | 7 oktober 1933 | ||||
Haadkertier | Parys, Frankryk | ||||
Hub(s) | Lofthaven Parys-Charles de Gaulle Lofthaven Parys-Orly | ||||
Floatgrutte | 231 | ||||
Bestimmings | 204 | ||||
Loyalensprogram | Flying Blue | ||||
Alliânsje(s) | SkyTeam | ||||
Memmebedriuw | Air France-KLM | ||||
Kaaifigueren | Frédéric Gagey, foarsitter & direkteur | ||||
Offisjele webside | |||||
www.airfrance.com |
Float
bewurkje seksjeDe float fan Air France bestiet út 231 fleanmasines mei in gemiddelde âldens fan 11,4 jier (18 juny 2015).
Fleanmasine | Tal | Stuollen |
---|---|---|
Airbus A318-100 | 18 | 120 |
Airbus A319-100 | 40 | 144 |
Airbus A320-200 | 46 | 180 |
Airbus A321-100 | 5 | 212 |
Airbus A321-200 | 18 | 212 |
Airbus A330-200 | 15 | 208 |
Airbus A340-300 | 13 | 275 |
Airbus A380-800 | 10 | 516 |
Boeing 747-400 | 5 | 432 |
Boeing 777-200ER | 25 | 280 / 309 |
Boeing 777-300ER | 39 | 303 / 383 / 468 |
Boeing 777F | 2 | Fracht |