Woodrow Wilson
Thomas Woodrow Wilson (Staunton, Firginia, 28 desimber 1856 ; Washington, D.C., 3 febrewaris 1924) wie de 28e presidint fan de Feriene Steaten fan 1913 oant 1921.
Woordrow Wilson wie in presidint dy’t him sels seach as de ferpersoanliking fan de gewoane man. Hy sei dat er echt each hie foar it bêste fan it lân. Hy soarge foar in progressyf herfoarmingsprogramma. Hy wie in lieder yn de wrâld. Yn 1917 rekke de Feriene Steaten belutsen yn de Earste Wrâldkriich. Hy sei dêroer dat it in krústocht wie om de wrâld in plak te meitsjen wêr't it feilich is foar demokrasy.
Wilson is berne yn 1856 yn Virginia. Syn heit wie pryster tidens de boargeroarloch. Nei syn ôfstudearjen oan de universiteit fan Princeton krige hy in doktoraat op de John Hopkins universiteit. Yn 1885 troude hy mei Ellen Loise Axson. Wilson dy’t in karriêre begûn as akdemikus einige as presidint fan Princeton yn 1902. Hy hie it liederskip yn syn bloed.
Syn aksjes soargen derfoar dat de demokratyske partij ynteresse yn him toande. Sy fregen him om gûverneur te wurden yn New Jersey. Troch in goeie kampanje waard hy keazen. Yn 1912 waard hy nominearre foar presidint. Syn kampanje hjitte de nije frijheid. De minsken stimden massaal op him. Wilson soarge derfoar dat er in soad wetten troch it kongres kamen. Hy soarge derfoar dat bern net mear wurkje mochten. Ek soarge hy foar legere belestingen foar earmere minsken. Hy wie reedlik populêr. Dêrtroch waard er noch in kear ferkeazen. Syn slogan wie doe dat hy der foar soargje soe dat men net yn oarloch kaam.
Mar de Feriene Steaten koe net langer neutraal bliuwe en op 2 april 1917 frege hy it kongres om in oarlochsferklearring oan Dútslân. De Feriene Steaten soarge derfoar dat de alliearden wûnen. Neidat Dútslân de frede tekene hie gie Wilson nei Parys om foar in langduerige frede te soargjen. Hy woe dat lannen gearwurken yn in organisaasje. De foarrinner fan de Feriene Naasjes, it Folkebûn, wie berne, mar it kongres yn de Feriene Steaten woe der net oan.
De presidint wie bot teloarsteld. Hy woe op toernee troch it hiele lân om de minsken waarm te krijen foar it foarstel, mar dat hie hy net dwaan moatten. Hy wie ferskriklik wurch en der kaam in beroerte oerhinne. Hy is leafdefol fersoarge troch syn twadde frou. Hy ferstoar yn 1924.
Syn krewearjen foar frede krige Wilson yn 1919 de Nobelpriis foar de Frede foar.