The Post (film)

film út 2017 fan Steven Spielberg

The Post is in Amerikaanske histoaryske politike dramafilm út 2017 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Meryl Streep en Tom Hanks. De titel ferwiist nei de bekende Amerikaanske krante The Washington Post. It ferhaal, dat basearre is op wiere feiten, giet tebek op in romrofte perioade út 'e skiednis fan 'e krante, doe't de sjoernalisten, haadredakteur Ben Bradlee en eigneresse Katharine Graham dermei ompakten oft se no al of net út 'e beruchte Pentagon Papers publisearje soene. Dat wie in útlekt topgeheim dokumint fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje, wêryn't de wiere gong fan saken út 'e doeken dien waard oangeande de tritichjierrige bemuoienis fan 'e Feriene Steaten mei Frânsk-Yndosina en letter Fjetnam, útmûnjend yn 'e ferwoastgjende Fjetnamoarloch. The Post krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en waard nominearre foar de Oscars foar bêste film en bêste aktrise (Streep) en teffens foar seis Golden Globes, wêrûnder de priis foar bêste dramafilm. De film wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol.

The Post
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Steven Spielberg
produsint Steven Spielberg
Kristie Macosko Krieger
Amy Pascal
senario Liz Hannah
Josh Singer
basearre op wiere feiten
kamerarezjy Janusz Kamiński
muzyk John Williams
filmstudio 20th Century Fox
DreamWorks Pictures
Amblin Partners
Amblin Entertainment
Pascal Pictures
Star Thrower Entertainmnet
Participant Media
distribúsje 20th Century Fox (Noard-Am.)
Universal Pictures (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Meryl Streep
Tom Hanks
byrollen Bob Odenkirk
Tracy Letts
Bradley Whitford
Matthew Rhys
Bruce Greenwood
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 14 desimber 2017
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske politike dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $179,8 miljoen

Yn 1966, ûnder de Fjetnamoarloch, beselskippet Dan Ellsberg, in militêr analist fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje, Amerikaanske soldaten by gefjochtsmisjes yn Fjetnam. Syn opdracht fan minister fan Definsje Robert McNamara is om 'e foarútgong te dokumintearjen dy't de Amerikanen yn 'e slepende oarloch boeke. Op 'e flecht nei hûs rapportearret Ellsberg dat der gjin foarútgong is; de oarloch is stagnearre rekke. McNamara seit dêrop tsjin him en tsjin William B. Macomber dat de sitewaasje eins fermindere is, mei't de Amerikanen yn it lêste jier 100.000 ekstra soldaten ynsetten hawwe moatten om persiis deselde sitewaasje te behâlden. Hy kwalifisearret de oarloch as "hopeleas". As er nei de oankomst yn 'e Feriene Steaten de media te wurd stiet, seit McNamara dat er der alle fertrouwen yn hat dat de Amerikanen de oarloch úteinlik winne sille.

Ellsberg, dy't tsjûge is fan dy abrupte ommekear en bienhurde leagen, rekket desyllúzjonearre. Jierren letter, as er as konsultant wurket foar de RAND Corporation, in tinktank foar militêre fraachstikken, begjint er oan 'e ein fan syn wurkdagen topgeheime dokuminten mei te smokkeljen fan syn wurk, dy't er de jûns en nachts mei inkele meistanners fotokopiëarret en de oare moarns stilwei wer teplak leit sûnder dat immen der wat fan merkt. Op dy wize stelt er 1.400 bledsiden oan klassifisearre rapporten oer hast tritich jier fan Amerikaanske bemuoienis mei earst Frânsk-Yndosina en letter mei Fjetnam. De papierren, dy't letter de Pentagon Papers komme te hjitten, beslane de regearperioaden fan 'e Amerikaanske presidinten Harry Truman, Dwight Eisenhower, John F. Kennedy, Lyndon B. Johnson en Richard Nixon.

Yn 1971 is Katharine Graham eigneresse en útjouster fan The Washington Post, de pleatslike krante fan 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Hja is de dochter Eugene Meyer, de eardere eigner fan 'e Post, dy't it deiblêd by syn dea fermakke oan syn skoansoan, Graham har man Phil Graham. Dyselde hat him lykwols acht jier earder fan it libben berôve, sadat eigendom en lieding oer de krante oergien binne op Graham yn in tiid dat gjin inkele frou yn 'e Feriene Steaten oan it haad fan in krante stiet. Se ûntbeart sjoernalistike ûnderfining en selsfertrouwen en wurdt gauris yn it wurd fallen en weromfluite troch de dominante manlju om har hinne, lykas de gnoarrige haadredakteur Ben Bradlee en it waanwize lid fan 'e ried fan bestjoer Arthur Parsons. Op 't heden risselwearret se senuweftich foar de beursgong fan 'e Post, dy't de krante in stabile finansjele grûnslach jaan moat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Bradlee hat al yn tiden gjin artikel mear lêzen fan Neil Sheehan, in briljante sjoernalist fan The New York Times, dat hy fermoedet dat de Times dwaande is mei de tarieding foar in grutte primeur. Hy giet safier dat er in stazjêr op in ferkapte spionaazjemisje nei de haadredaksje fan 'e Times stjoert, mar dat smyt net folle op. Underwilens nimt McNamara, dy't mei Graham befreone is, har op in soirée eefkes apart om har te warskôgjen dat der de oare deis in artikel yn 'e Times ferskine sil dat foar him "net botte flaaikjend" wêze sil. It docht bliken dat Ellsberg de Pentagon Papers oan 'e Times trochspile hat en dat Sheehan de lêste tiid út al dy ynformaasje in earste artikel distillearre hat oer it bedroch fan 'e Amerikaanske oerheid oangeande Súdeast-Aazje. It nijs slacht yn as in bom. Bradlee hat de pest yn, om't dit it safolste foarbyld is fan it fermogen fan 'e Times om mei in primeur te kommen, wylst de Post der mar wat efteroan poatelet en dêrtroch in twadderangs krante bliuwt.

Yn it Wite Hûs is presidint Nixon poerrazen dat in krante it weage hat en publisearje steatsgeheime ynformaasje. Hy lit The New York Times troch it Amerikaansk Ministearje fan Justysje foar de rjochter slepe, dy't de Times oangeande dit ûnderwerp ynearsten in publikaasjeferbod opleit. Hoewol't de Times de boarne fan syn ynformaasje net priisjout, fermoedet Ben Bagdikian, in redakteur fan 'e Post dy't yn it ferline in kollega fan Ellsberg west hat, dat er wol wit wa't de klokkelieder wêze moat dy't de ynformaasje lekt hat. Hy spoart Ellsberg fia-fia op en beävensearret in moeting, wêrby't Ellsberg him ek foarsjocht fan kopyen fan 'e Pentagon Papers.

Bradlee lit Bagdikian mei de papierren by him thús komme en mei in selekt groepke sjoernalisten sykje se út wat se hjir no eins allegear hawwe en hoe't se dêr in opsjochjaand artikel út gearstalle kinne. Bradlee hat in moeting mei Graham, wêrby't er har fertelt dat syn eigen politike freonen, ûnder wa John F. Kennedy, harren freonskip mei him yn it ferline misbrûkt hawwe troch him mei in stielen gesicht foar te ligen. Hy drukt har no op it hert dat har freonskip mei McNamara gjin faktor wêze mei yn har beslissing oer it al of net publisearjen fan 'e Pentagon Papers. Graham giet nei McNamara ta, dy't se ynformearret oer de stân fan saken, mar se seit der fuort by dat se inkeld syn miening oer de saak witte wol, en dat har úteinlike beslút folslein los fan harren relaasje stean moat. Hy stiet der by har op oan om net te publisearjen en warskôget har foar de wraaksucht fan Nixon.

Ek de abbekaten fan 'e Post riede publikaasje fan it materiaal ôf, mei't de Times der al in publikaasjeferbod foar oplein krigen hat. Neffens harren kin it sadwaande allinne mar liede ta juridyske problemen. Yn in tillefoanyske gearkomste oerleit Graham mei Bradlee, de abbekaten, de foarsitter fan 'e ried fan bestjoer Fritz Beebe en bestjoerlid Arthur Parsons. De abbekaten en Parsons binne mordikus op publikaasje tsjin, wylst Bradlee der fel foar is. Beebe wifelet, mar riedt publikaasje ôf. Graham pakt der bot mei om, mar beslút úteinlik om Bradlee de frije hân te jaan.

De tastân boazet oan as de abbekaten foar it ferstân krije dat de boarne fan 'e Pentagon Papers foar de Post deselde is as foar de Times. Foar de wet giet it dan om ien en deselde saak, en in publikaasje troch de Post wylst datselde de Times al ferbean is, kin Bradlee en Graham op in feroardieling foar minachting fan it hof komme te stean, wat betsjutte soe dat se de sel yndraaie soene. Sa'n skandaal soe de beursgong fan 'e Post bedjerre kinne mei potinsjeel it fallyt fan 'e krante ta gefolch. Oan 'e oare kant, as in rjochtsaak oer publikaasje fan 'e Pentagon Papers wûn wurde kin, dan soe dat it profyl fan 'e Post gâns fergrutsje, de oplaach oanwaakse litte en fan 'e krante in deiblêd fan nasjonale ynfloed meitsje. Der folget in nachtlik oerlis by Graham thús, wêrby't deselde persoanen deselde mienings ferkundigje as earder dy jûns yn it tillefoanpetear. Graham beslút by har eardere beslissing te bliuwen.

De oare moarns stiet der in artikel op basis fan 'e Pentagon Papers op 'e foarside fan The Washington Post. It Wite Hûs slacht werom en daget de Post foar de rjochter. Omreden fan 'e wichtigens komt de rjochtsaak, bekend as New York Times Co. v. United States, al rillegau foar it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, dêr't de Times en de Post har mienskiplik op it Earste Amendemint oan 'e Amerikaanske Grûnwet beroppe, wêryn't de frijheid fan mieningsutering fêstlein is. Underwilens begjinne oare kranten út grutte stêden oeral yn 'e Feriene Steaten út 'e Pentagon Papers te publisearjen om harren solidariteit mei de Post en de Times te toanen. Op 30 juny 1971 docht it Heechgerjochtshôf mei 6 tsjin 3 stimmen útspraak dat it de kranten frijstiet om 'e ynformaasje út 'e Pentagon Papers te publisearjen. As de oerwinners nei bûten ta komme, giet alle oandacht fan 'e media út nei útjouwer Abe Rosenthal fan The New York Times, mar Katharine Graham rint tusken in hage fan bewûnderjende froulju troch as se de treppen ferlit.

Koarte tiid letter easket presidint Nixon dat The Washington Post op gjin inkele wize mear tagong ta it Wite Hûs krije sil. Bradlee en Graham treffe inoar wylst se yn 'e drukkerij fan 'e Post tasjogge hoe't nije bekendmakkings út 'e Pentagon Papers op 'e foarside fan 'e krante ferskine. Graham is bliid mei de oerwinning, mar se is noch blider dat it no foarby is. Sa'n senuwslopende boel wol se gjin twadde kear, seit se, wylst se tegearre fuortkuierje. Dêrop ferspringt it byld nei in nachtwachter dy't yn it Watergatekompleks yn Washington, D.C. in ynbraak yn it haadkertier fan it Nasjonaal Komitee fan 'e Demokratyske Partij ûntdekt. (Dêrmei wurdt foarútrûn op it útbringen fan it Watergateskandaal troch The Washington Post, dat foar Katharine Graham wer like senuwslopend wêze soe as de sitewaasje mei de Pentagon Papers.)

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Meryl Streep.
 
Tom Hanks.
haadrollen
personaazje                        akteur/aktrise
Katharine Graham Mery Streep
Ben Bradlee Tom Hanks


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ben Bagdikian Bob Odenkirk
Fritz Beebe Tracy Letts
Arthur Parsons Bradley Whitford
Dan Ellsberg Matthew Rhys
Robert McNamara Bruce Greenwood
Antoinette "Tony" Pinchot Bradlee Sarah Paulson
Abe Rosenthal Michael Stuhlbarg
Lally Graham Alison Brie
Meg Greenfield Carrie Coon
Roger Clark Jesse Plemons
Howard Simons David Cross
Anthony Essaye Zach Woods
Art Buchwald David Costabile
Philip L. Geyelin Pat Healy
Gene Patterson John Rue
Murrey Marder Rick Holmes
Chalmers Roberts Philip Casnoff
Judith Martin Jessie Mueller
Donald E. Graham Stark Sands
Jake Michael Cyril Creighton
Paul Ignatius Brent Langdon
Punch Sulzberger Gary Wilmes
James L. Greenfield Christopher Innvar
fise-admiraal Joseph Francis Blouin James Riordan
ûnderminister fan Justysje Kevin Maroney Kelly AuCoin
William Rehnquist Tom Bair (stim)
William B. Macomber Cotter Smith
Liz Hylton Jennifer Dundas
Neil Sheehan Justin Swain

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

The Post waard regissearre troch Steven Spielberg nei in senario dat oarspronklik skreaun wie troch Liz Hannah op basis fan wiere, histoaryske foarfallen. Letter waard dat nochris oereide troch Josh Singer. It skript fan Hannah waard yn oktober 2016 oankocht troch filmprodusinte Amy Pascal. Spielberg sei dêroer: "Doe't ik de earste ferzje fan it senario lies, [waard my daliks dúdlik dat] dit net wat wie dat trije jier of twa jier wachtsje koe. Dit wie in ferhaal dêr't ik fan fûn dat it nedich wie om it hjoed noch te fertellen." (Dêrmei ferwiisde er nei de doe aktuele sitewaasje mei Donald Trump yn it Wite Hûs, dy't sterke likenissen fertoande mei it regear fan Richard Nixon.)

As produsinten wiene Spielberg, Pascal en Kristie Macosko Krieger by it projekt belutsen foar de filmstudio's 20th Century Fox, DreamWorks Pictures, Amblin Partners, Amblin Entertainment, Pascal Pictures, Star Thrower Entertainmnet en Participant Media. Foar de film wie in budget beskikber fan $50 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Janusz Kamiński, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams. De opnamen foar The Post setten op 30 maaie 2017 útein yn New York. It wie de earste film wêryn't Spielberg gearwurke mei sawol Meryl Streep en Tom Hanks tegearre. Op 6 juny waard bekendmakke dat de film The Papers komme soe te hjitten, nei de Pentagon Papers, mar op 25 augustus waard dat beslút weromdraaid.

 
It haadkertier fan The Washington Post yn 1971, oan 15th Street NW yn Washington, D.C.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan The Post waard yn Noard-Amearika fersoarge troch 20th Century Fox en ynternasjonaal troch Universal Pictures. De film gie op 14 desimber 2017 yn Washington, D.C. yn premiêre, en iepene dêrnei op 22 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Sony Classical Records. The Post kaam op 3 april 2018 beskikber as digitale download en waard op 17 april fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige The Post oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge Manohla Dargis fan The New York Times de manear fan regisseur Steven Spielberg om 'e skiednis ta libben te bringen. Yn it tydskrift Entertainment Weekly hie Chris Nashawaty ek lof foar de film, hoewol't er fûn dat dy mar bleekjes ôfstiek yn ferliking mei in oare ferneamde film oer The Washington Post, te witten: All the President's Men (1976). Yn 2019 bespriek Matt Zoller Seitz The Post nochris op 'e webside RogerEbert.com. Dêrby stelde er fêst dat de measte resinsinten twa jier earder tefolle fokust west hiene op it ferline troch de historisiteit fan 'e film tsjin it ljocht te hâlden, wylst se fierstente min each hân hiene foar it feit dat The Post eins in "kodearre kommentaar" wie op 'e aktuele Amerikaanske polityk en "in temûk portret fan 'e ferantwurdlikheid fan 'e media yn it tiidrek fan Trump".

Der kaam al wat krityk op ien elemint fan The Post, en dat wie de ôfskildering fan The New York Times. Yn 'e film wurdt de histoaryske rol ôfswakke dy't de Times hie by it útbringen fan it oerheidsbedroch dat fêstlein wie yn 'e Pentagon Papers, wylst de rol fan The Washington Post ophimele wurdt. Guon wurknimmers en âld-wurknimmers fan 'e Times, fral dyjingen dy't yn 1971 sels by it publisearjen fan 'e Pentagon Papers belutsen west hiene, skeat dat yn it ferkearde kielsgat. James Goodale, doedestiden de abbekaat fan 'e Times, omskreau wat him dwerssiet oan The Post sa: "It is krekt as hat Hollywood in film makke oer de triomfantlike rol yn [it oan it ljocht bringen fan] it Watergateskandaal." (Dat wie nammentlik frijwol folslein de fertsjinste fan The Washington Post.)

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Post in heech goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 399 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De histoaryske setting fan [dizze film] wurket wat ferrifeljend foar de bitend aktuele tematyk, dy't oangripend ta libben brocht wurdt troch regisseur Steven Spielberg en in treflike stjerrecast." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Post in goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 51 resinsjes.

The Post brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $81,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $97,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $179,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50 miljoen betsjut dat in winst fan $129,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. De film ûnderfûn yn 'e Amerikaanske bioskopen konkurrinsje fan û.m. de aventoerekomeedzje Jumanji: Welcome to the Jungle en de oarlochsfilm 12 Strong, dy't (frijwol) tagelyk útbrocht waarden.

The Post waard nominearre foar gâns prizen, mar wist dy net te winnen. Yn 2018 waard de film by de Oscars nominearre foar de prizen foar bêste film en bêste aktrise (Meryl Streep). By de Golden Globes helle The Post 6 nominaasjes binnen, foar bêste dramafilm, bêste regisseur, bêste akteur (Tom Hanks), bêste aktrise (Meryl Streep), bêste orizjinele senario en bêste filmmuzyk. Ek waard de film nominearre foar de Saturn Award foar bêste skrillerfilm en 8 ûnderskate Critics' Choice Movie Awards.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.