De Saturn Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde op it mêd fan film, tillefyzje en dvd fan 'e sjenres science fiction-, fantasy- of horror. Oarspronklik (en soms noch wol) waarden dizze prizen oantsjut as de Golden Scrolls (de "Gouden Boekrôlen"). Hoewol't se oarspronklik oprjochte binne om wurken fan science fiction, fantasy en letter ek horror te wurdearjen, binne der ek Saturn Awards takend oan mainstream-dramawurken.

Saturn Award
algemiene ynformaasje
hist. namme Golden Scroll
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar SF, fantasy en horror yn
   film, tillefyzje en dvd
útrikt troch ASFFHF
frekwinsje 1x jiers
datum ein juny
plak Burbank (Kalifornje)
ynsteld 1972
1e útrikking 1972
offisjele webside
www.saturnawards.org

Skiednis en nominaasjeproses

bewurkje seksje

De Saturn Awards waarden yn 1972 betocht en ynsteld troch Donald A. Reed, dy't fûn dat science fiction- en fantasyfilms doedestiden net serieus nommen waarden. De útrikking en takenning fan 'e prizen wurdt fersoarge troch de Academy of Science Fiction, Fantasy and Horror Films, en út 'e nominearre kandidaten wurde de winners útornearre fia in stimming ûnder de leden fan dy organisaasje. De útrikkingsseremoanje fynt yn 'e regel plak yn ein juny yn Burbank, ûnder de reek fan Los Angeles, yn súdlik Kalifornje.

Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy, ûnder it kopke Year-by-year results.

Spesjale prizen

bewurkje seksje
  • The George Pal Memorial Award
  • The Life Career Award
  • The President's Memorial Award
  • Special Recognition Award
  • bêste byrol fan in akteur
  • bêste byrol fan in aktrise
  • bêste optreden fan in jongere akteur
  • bêste senario
  • bêste filmmuzyk
  • bêste fisazjy
  • bêste kostúms
  • bêste special effects
  • bêste produksje-ûntwerp
  • bêste montaazje

Teffens wied er yn 1980 in priis foar bêste bûtenlânske film en fan 1980 oant 1982 in priis foar bêste low-budgetfilm

Tillefyzjeprizen

bewurkje seksje
  • bêste tillefyzjesearje fan in publike omrop
  • bêste tillefyzjesearje fan in kabeltillefyzjenetwurk
  • bêste jongereintillefyzjesearje
  • bêste tillefyzjesearje dy't adaptearre is fan in superheldeferhaal
  • bêste tillefyzjepresintaasje
  • bêste akteur op 'e tillefyzje
  • bêste aktrise op 'e tillefyzje
  • bêste byrol fan in akteur op 'e tillefyzje
  • bêste byrol fan in aktrise op 'e tillefyzje
  • bêste gastrol fan in akteur of aktrise yn in tillefyzjesearje
  • bêste publikaasje op dvd of blu-ray
  • bêste spesjale edysje fan in publikaasje op dvd of blu-ray
  • bêste publikaasje fan in filmklassiker op dvd of blu-ray
  • bêste publikaasje fan in kolleksje op dvd of blu-ray
  • bêste tillefyzjepublikaasje op dvd of blu-ray
  • bêste publikaasje fan in retro-tillefyzjesearje op dvd of blu-ray

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.