14 desimber
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 desimber | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
<< | Desimber | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | ||||||
2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 |
9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 |
16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 |
23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 |
30 | 31 | |||||
2024 |
14 desimber is de 348e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 349e). Der folgje noch 17 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
bewurkje seksje- 1287 - De Grutte Stoarm yn de nacht fan 13 op 14 desimber rekket it súdlik part fan de Noardsee. Fryslân, Grinslân en East-Fryslân wurde swier troffen. Rûzings oer it tal slachtoffers rinne útein fan 50.000 oant 80.000 minsken.
- 1702 - Yn Japan falle de Sânenfjirtich Rōnin de residinsje fan hear Yoshinaka Kira oan, dy't ferantwurdlik is foar de dea fan harren âlde lienhear, Naganori Asano fan Akō. Hoewol't se witte dat se hjirfoar ta de deastraf feroardiele wurde sille, nimme se wraak foar de dea fan harren hear om 'e koade fan ear fan 'e samoerai heech te hâlden.
- 1822 - Alabama wurdt de 22e steat fan de Feriene Steaten.
- 1877 - Servje slút him oan by Ruslân yn de kriich tsjin Turkije.
- 1902 - De earste telegraafkabel wurdt oanlein yn de Stille Oseaan.
- 1911 - As earste minske berikt de Noar Roald Amundsen tegearre mei syn ploech de geografyske Súdpoal.
- 1927 - Irak wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 1931 - Yn Utert wurdt de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging foarme troch Anton Mussert en Cees van Geelkerken.
- 2004 - Frânsk presidint Jacques Chirac iepent it Millau-fiadukt yn Frankryk, it is it heechste fiadukt op de wrâld.
- 2006 - Ban Ki-moon wurdt beëdige as sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes.
Berne
bewurkje seksje- 1503 - Nostradamus, Frânsk astrolooch en profeet († 1566)
- 1812 - Jurjentje Aukes Rauwerda, Frysk bordeelhâldster en madam († 1877)
- 1847 - Francis Gibson, Amerikaansk militêr († 1919)
- 1895 - kening George VI fan it Feriene Keninkryk († 1952)
- 1923 - Gerard Reve, Nederlânsk skriuwer († 2006)
- 1926 - María Elena Marqués, Meksikaansk aktrise († 2008)
- 1946 - Jane Birkin Ingelsk aktrise en sjongster
- 1941 - Karan Armstrong, Amerikaansk operasjongster († 2021)
- 1942 - Juan Diego, Spaansk akteur († 2022)
- 1946 - Ruth Fuchs, Dútsk atlete en politika († 2023)
- 1948 - Boudewijn Büch, Nederlânsk publisist en dokumintêremakker († 2002)
- 1967 - Maaike Schuurmans, Frysk sjongster en kabaretiêre
- 1974 - Anna Maria, Roemeensk pornoaktrise
- 1983 - Stéphanie Frappart, Frânsk fuotbalskiedsrjochter
- 1984 - Krissy Lynn, Amerikaansk pornoaktrise
- 1987 - Aletta Ocean, Hongaarsk pornoaktrise
- 1990 - Rianne de Vries, Frysk shorttracker
- 1992 - Samira El Idrissi, Frysk taekwondo-beoefenster
Ferstoarn
bewurkje seksje- 1591 - Jehannes fan it Krús, Spaansk preester, dichter en mystikus (* 1542)
- 1799 - George Washington, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1732)
- 1865 - Jan Hendrik van Boelens, Nederlânsk jurist en politikus (* 1792)
- 1945 - Karst de Jong, Frysk politikus (* 1866)
- 1957 - Jan Jansonius, Frysk politikus (* 1870)
- 1973 - Johannes Allen, Deensk skriuwer (* 1916)
- 1989 - Andrej Sacharov, Russysk atoomlearde en dissidint (* 1921)
- 2013 - G.W.S. Barrow, Skotsk skiedkundige (* 1924)
- 2013 - Peter O'Toole, Iersk akteur (* 1932)
- 2022 - Han Peekel, Nederlânsk programmamakker (* 1947)
7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 desimber | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|