Jan Jansonius
Jan Gerbrandus Jansonius (Drachten, 30 novimber 1870 – Haren, 14 desimber 1957) wie in politikus.
Hy wie de soan fan Gerbrandus Jansonius en Zwaantje Fokkema en troude yn 1903 mei Eva Postumus, se krigen twa soannen. Hy wie ien fan de oprjochters fan de SDAP en befreone mei Pieter Jelles Troelstra. Hy wie it earste sosjaal-demokratyske steatelid yn Nederlân (1904) en de tredde boargemaster (1928, fan Ljouwerteradiel). Hy wie in drankbestrider en religieus sosjalist, strider foar reklassearring en bestjoerslid fan de Feriening fan Tsjerkefâdijen fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke.
Yn Drachten is in strjitte nei Jansonius neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|