Francis Gibson (militêr)

Francis Gibson (folút: Francis Marion Gibson; Philadelphia, 14 desimber 1847New York, 17 jannewaris 1919) wie in Amerikaansk militêr dy't yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en yn 'e Nez Persé-Oarloch focht. Hy tsjinne by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint en oerlibbe de ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Francis Gibson
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Francis Marion Gibson
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 desimber 1847
berteplak Philadelphia (Pennsylvania)
stoarn 17 jannewaris 1919
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 18671891
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang kaptein (sûnt 1880)
befel H Komp./Am. 7e Kav.reg.
konflikt(en) Yellowstone-ekspedysje
Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Nez Persé-Oarloch
treffen(s) Slach oan de Little Bighorn

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Gibson waard yn 1847 berne yn Philadelphia, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, as de soan fan James George Gibson (1806-1864) en dy syn frou Margaret Ruff (1812-1885). Hy hie in sân jier âldere broer, Charles Henry, en twa âldere susters: Margaret, mei wa't er trije jier skeelde, en Annie, dy't ien jier âlder wie as him. Gibson naam op 5 oktober 1867 tsjinst yn it Amerikaanske Leger en waard mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat legere wie yn Fort Riley, yn Kansas. Oant juny 1868 wied er lykwols yn detasjearre tsjinst te Fort Leavenworth.

Op 11 july 1871 waard Gibson befoardere ta earste luitenant. Hy naam diel oan 'e Yellowstone-ekspedysje fan 1873 en de kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills fan 1874, wêrby't goud fûn waard yn in krite dy't hillich wie foar de Lakota. Dat joech oanlieding ta de Goudkoarts fan de Black Hills, dy't wer late ta de Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Fan maaie 1875 oant maaie 1876 wie Gibson fannijs yn detasjearre tsjinst, diskear by de militêre ferkenning.

Under de simmerkampanje fan 1876 tsjinne Gibson as ûnderbefelhawwer fan H Kompanjy fan it 7e Kavaleryrezjimint, ûnder kaptein Frederick Benteen. Op 25 en 26 juny rûn in oanfal op in grut Yndiaansk doarp oan 'e rivier de Little Bighorn, yn súdlik Montana, út yn in ferpletterjende nederlaach foar de 7e Kavalery, wêrby't de fjildkommandant fan it rezjimint, luitenant-kolonel George Armstrong Custer, mei fiif kompanjyen ynsletten en ferdylge waard. Gibson hearde dy deis ta it detasjemint fan Benteen, dat him mei in trêde detasjemint ûnder majoar Marcus Reno weromloek op in klif boppe de rivier en dêr twa dagen lang troch de Yndianen belegere waard, ear't it ûntset wurde koe troch farske Amerikaanske troepen.

Nei ôfrin fan 'e fjildslach waard Gibson op 27 augustus 1876 ta kommandant fan H Kompanjy beneamd. Yn 1877 focht er yn 'e Nez Persé-Oarloch yn Idaho en westlik Montana tsjin 'e Nez Persé. Hy waard op 5 febrewaris 1880 befoardere ta kaptein, en wie neitiid oant july 1887 yn aktive tsjinst yn it fjild, foar't er oant july 1889 yn Fort Riley legere waard. Op 3 desimber 1891 swaaide er nei 22 jier tsjinst ôf fanwegen lichaamlike swierrichheden. Gibson wie troud mei Katherine Garrett (1853-1934), mei wa't er in dochter hie, Katherine Gibson Fougera (1883-1960). Gibson kaam op 17 jannewaris 1919 yn 'e âlderdom fan 71 jier te ferstjerren yn New York. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, by Washington, D.C.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: