Frederick Benteen
Frederick Benteen (folút: Frederick William Benteen; Petersburg (Firginia), 24 augustus 1834 – Atlanta (Georgia), 22 juny 1898) wie in Amerikaansk militêr, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de Nez Persé-Oarloch focht. Hy waard ferneamd troch syn kontroversjele rol ûnder de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêryn't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint in ferpletterjende nederlaach litte tsjin in koälysje fan Yndiaanske folken. Benteen besleat dêrby direkte oarders fan syn superieur, luitenant-kolonel George Armstrong Custer, te negearjen om't er derfan oertsjûge wie dat dy delkamen op selsmoard. Troch dy beslissing krige Custer nea de fersterkings dêr't er op rekkene, wat op syn minst bydroegen hawwe moat ta de folsleine ferdylging fan himsels en de fiif kompanjyen kavalery dy't er by him hie.
Frederick Benteen | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Frederick William Benteen | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 24 augustus 1834 | |
berteplak | Petersburg (Firginia) | |
stoarn | 22 juny 1898 | |
stjerplak | Atlanta (Georgia) | |
etnisiteit | Ingelsk Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1861 – 1888 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | brigadegeneraal (1890) | |
befel | 10e Kav.reg. f. Missoury Am. 138e Kl. Frijw.reg. H Komp./Am. 7e Kav.reg. | |
konflikt(en) | Amerikaanske Boargeroarloch Komantsjekampanje Grutte Sû-Oarloch fan 1876 Nez Persé-Oarloch | |
treffen(s) | Slach by Vicksburg Slach by Westport Bloedbad fan de Washita Slach oan de Little Bighorn Slach by Canyon Creek |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeBenteen waard yn 1834 berne yn Petersburg, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, as de soan fan Theodore Charles Benteen en dy syn frou Caroline Hargrove. Syn foarâlden oan heitekant wiene etnysk Nederlânske ymmigranten dy't har yn 'e achttjinde iuw yn Baltimore nei wenjen setten hiene, wylst syn mem fan Ingelsk komôf wie. Yn 1831, koart nei de berte fan Benteen syn âldere suster Henrietta Elizabeth, wie it gesin út Baltimore wei nei Firginia ferhuze. Benteen krige syn ûnderwiis oan it Klassyk Ynstitút fan Petersburg, dêr't him ek militêre dissipline bybrocht waard.
Priveelibben
bewurkje seksjeYn 1849 ferfear it gesin nei St. Louis, yn 'e steat Missoury. Dêr kaam Benteen yn 1856 yn 'e kunde mei Catharina "Kate" Louisa Norman, in jongfaam dy't koart tefoarren mei har famylje oerkommen wie út Philadelphia. Mei har troude Benteen op 7 jannewaris 1862 yn St. Louis, wêrnei't yn july 1863 harren earste bern, Caroline Elizabeth, berne waard, dy't lykwols yn 'e widze kaam te ferstjerren. Yn 1867, doe't Benteen en de frou harren ûnderwilens nei wenjen set hiene yn Atlanta, befoel syn frou fan in soan.
Tsjinst ûnder de Boargeroarloch
bewurkje seksjeDoe't mei de ferkiezing ta presidint fan 'e Republikein Abraham Lincoln yn 1860 de Amerikaanske Boargeroarloch net mear tsjin te kearen waard, rekke it lân ferskuord. Benteen syn heit wie in fjurrich oanhinger fan 'e ôfskieding fan it Suden en stipe mei hert en siel de nije Konfederearre Steaten fan Amearika. Doe't bliken die dat syn soan syn tinkbylden net dielde, ûntstie der in famyljekrisis. Nettsjinsteande dat naam Benteen op 1 septimber 1861 as frijwilliger tsjinst yn it Noardlike Leger. Hy waard doe as earste luitenant oansteld yn it 1e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Missoury, hoewol't guon boarnen hawwe wolle dat er al yn 'e Slach by Wilson's Creek, yn augustus 1861, foar it Noarden focht. It 1e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Missoury waard letter omneamd ta it 9e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Missoury, en gie noch letter op yn it 10e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Missoury.
Benteen naam ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) diel oan in hiele rige fjildslaggen, wêrûnder de slaggen by Pea Ridge, Vicksburg, Westport, Mine Creek en Columbus. Foar syn ynset waard er earst befoardere ta majoar en letter, yn febrewaris 1864, ta luitenant-kolonel en befelfierder fan it 10e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Missoury. Oan 'e ein fan 'e Boargeroarloch waard Benteen yn 1865 befoardere ta kolonel. Hy krige doe it befel oer it Amerikaanske 138e Kleure Frijwilligersrezjimint, dat bestie út saneamde buffalo soldiers, oftewol frije swarten. (Sokke legerienheden waarden net foar fol oansjoen, en in protte blanke ofsieren wegeren dêr lieding oan te jaan.) Benteen fierde dêr it befel oer fan july 1865 oant jannewaris 1866, doe't it rezjimint demobilisearre waard. Neitiid waard er fanwegen in oerskot oan ofsieren (fanwegen de ôfslanking fan it leger yn fredestiid) yn rang weromset nei kaptein.
Tsjinst yn Kansas en it Bloedbad fan de Washita
bewurkje seksjeYn jannewaris 1867 waard Benteen oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint tafoege, dat legere wie yn Fort Riley, yn Kansas. Hy krige it befel oer H Kompanjy, ien fan 'e tolve kompanjyen fan dat rezjimint. Syn direkte superieur wie de fjildkommandant fan 'e 7e Kavalery, luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Benteen soe sechstjin jier lang it befel oer H Kompanjy fiere, oant 1882, útsein perioaden fan ferlof en detasjearre tsjinst. Op 30 jannewaris 1867 kaam er yn 'e kunde mei Custer en dy syn frou Elizabeth. Benteen sei dêr letter oer dat er de man daliks al as in swetser en sweeslagger beskôge hie, en syn ôfkear fan Custer boaze meitiid allinne mar fierder oan.
Yn augustus 1868 focht Benteen yn sintraal Kansas syn earste konfrontaasje mei Yndiaanske krigers út, doe't er in groep Súdlike Sjajinnen oer it mad kaam dy't dwaande wiene mei in oerfal op it boerespultsje fan in Amerikaansk kolonistegesin. Yn oktober fan datselde jier ûntsette er in karafaan kapweinen mei nije kolonisten dy't ûnderweis wiene nei it Westen. Op 27 novimber 1868 naam Benteen ûnder it kommando fan Custer diel oan 'e oanfal op it winterkamp fan it Sjajinske opperhaad Swarte Tsjettel, dat útrûn op it Bloedbad fan de Washita. Dêrby deaden de Amerikanen dommernôch twa fan harren grutste pleitbesoargers ûnder de Súdlike Sjajinnen, Swarte Tsjettel en Lytse Rots, wêrmei't se har slimste fijannen, de militante Hûnskrigers, krekt fuortsterken.
Benteen, as kommandant fan H Kompanjy, stie by it Bloedbad fan de Washita ûnder it direkt befel fan majoar Joel H. Elliott. Dêrby wied er ferantwurdlik foar de dea fan 'e fjirtjinjierrige soan fan Swarte Tsjettel. Neffens Benteen sels kaam de jonge op him ôf mei in revolver yn 'e hân, en rôp Benteen him ta dat er sparre wurde soe as er it wapen falle liet. De jonge fjurre ynstee it wapen ôf, mar miste, wêrnei't Benteen him jitris mei wurden en gebearten oantrune om it wapen del te lizzen. De jonge skeat lykwols noch twaris op him, wêrby't de twadde kûgel troch syn mouwe gie en de trêde syn hynder deade, sadat er yn 'e snie foel. Doe't de jonge fannijs sjitte woe, skeat Benteen him dea.
Oan 'e ein fan 'e 'slach' rapportearre Custer oan syn superieur, generaal Philip Sheridan, oer syn súksessen, mar fermelde amper syn eigen ferliezen, mei't fan it 7e Kavaleryrezjimint mar ien man sneuvele wie, wylst der sân ferwûne rekke wiene. Tsjin dy tiid wie majoar Elliott mei njoggentjin manskippen noch altyd net weromkeard; letter die bliken dat hja troch de Sjajinnen en dy har bûnsgenoaten, de Súdlike Arapaho en Kajowa, besingele rekke wiene en allegear de dea fûn hiene. Dêrop kaam Benteen ta de konklúzje dat Custere Elliott oan syn lot oerlitten hie, in opfetting dy't er yn in brief dielde mei in freon fan sines. Dat brief waard neitiid sûnder syn witten trochspile oan in krante yn St. Louis. Doe't er fan 'e publikaasje fan sokke krityk hearde, rôp Custer syn ofsiers gear en drige er dermei om dejinge dy't der ferantwurdlik foar wie in wan bruien mei syn rydswipe te jaan. Sûnder te fertellen dat it brief bûten him om publisearre wie, joech Benteen doe ta dat hy it skreaun hie, mar dêrby lei er de hân op syn revolver, wat Custer der fanôf brocht om him mei de rydswipe te liif te gean.
Tsjinst ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876
bewurkje seksjeNei't it 7e Kavaleryrezjimint yn 1873 oerpleatst waard nei Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's, hie Benteen ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 op 'e nij it befel oer H Kompanjy, mei as syn ûnderbefelhawwer luitenant Francis Gibson. Under de simmerkampanje fan 1876 ûntdieken de ferkenners fan it rezjimint op 25 juny 1876 yn súdlik Montana in grut Yndiaansk doarp oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, dat yn haadsaak bewenne waard troch Lakota en Noardlike Sjajinnen. Custer besleat om daliks oan te fallen, en ferdielde dêrta syn rezjimint yn fjouwer detasjeminten. Trije kompanjyen ûnder majoar Marcus Reno soene it doarp fan 'e súdkant ôf oanfalle; Custer sels ried ûnderwilens om en soe mei fiif kompanjyen út it noarden wei oanfalle, wylst Benteen mei trije kompanjyen (yn totaal sa'n 140 man) nei it súdwesten ta stjoerd waard om in ûntsnapping fan 'e Yndianen ôf te snijen, en kaptein Thomas McDougall mei de oerbliuwende kompanjy de bagaazjetrein fan it rezjimint beskerme. Histoarisy binne it deroer iens dat de oanfal halje-trawalje ynset waard, sûnder dat Custer en syn ofsieren foar it ferstân hiene hoe grut oft it doarp wol net wie. Nei alle gedachten wiene der sa'n 10.000 Yndianen yn it doarp gearkommen om nei de foaroansteande medisynman Sittende Bolle te harkjen en diel te nimmen oan it jierlike sinnedûnsritueel, mei dêrûnder likernôch 2.000 krigers.
Benteen ried, sa't er oardere wie, mei de Kompanjyen D, H en K nei it súdwesten ta, dêr't er sa'n twa oeren lang sûnder súkses it rûge heuvellân ôfsocht nei útnaaiende Yndianen. Dat kaam omdat de Yndianen gjin inkele oanstriid fielden om út te naaien; se hiene in grutte nûmerike mearderheid oer it rezjimint, en wiene boppedat ynspirearre troch in fizioen fan in grutte oerwinning dat Sittende Bolle in stikmannich dagen earder krigen hie. Uteinlik kearde Benteen sûnder wat bedijd te hawwen nei it spoar fan 'e rest fan it rezjimint werom. Wylst er opteach nei de rivier, ûntfong er in boadskip fan Custer (skreaun troch dy syn adjudant William W. Cooke) mei de tekst "Kom... grut doarp, opsjitte... bring pakken." "Pakken" ferwiisde nei de reservemunysje út 'e bagaazjetrein, wat derop tsjut dat Custer him der tsjin dy tiid bewust fan wie dat der mear krigers wiene as dêr't er earst op rekkene hie. Mar Benteen koe dêr fierders neat oer freegje, want de boadskipper wie Custer syn Italjaanske trompetter John Martin (eins Giovanni Martini), dy't gjin wurd Ingelsk spriek. It wie blykber Custer syn bedoeling dat Benteen syn troepen mei B Kompanjy fan McDougall en de bagaazjetrein ferienje soe om him dan by Custer oan 'e noardkant fan it doarp te jaan.
Benteen naam lykwols tweintich minuten de tiid om by de rivier syn hynders te boarnen, wat him letter op in protte krityk kaam te stean. Hy ferdigene dy aksje lykwols troch te sizzen dat inkeld in omkoal mei wurge en toarstige hynders it gefjocht oangie. Doe't er yn 'e fierte gewearfjoer hearde, sette er syn troepen oan om út 'en fjouwersprong te gean. Tichterby it Yndiaanske doarp oankommen, berikte him de Krieske ferkenner Heal Giel Gesicht, dy't him it berjocht oerbrocht dat Reno syn detasjemint, besteande út 'e Kompanjyen A, G en M, mei swiere ferliezen tebekwike moatten hie en dat de oansleine oerlibbenen fan dy trije kompanjyen har no weromlutsen hiene op in heech klif oan 'e eastkant fan 'e rivier. Op dy hichte, dy't neitiid Reno Hill komme soe te hjitten, leine Reno syn troepen op dat stuit slim ûnder fjoer, mar koarte tiid letter koe men yn 'e fierte yn it noarden gewearsalvo's gewaarwurde, en dêrop rieden de measten Yndiaanske belegerders fan Reno Hill fuort om it tsjin 'e nije oanfallers op te nimmen. Sadwaande koene de trije kompanjyen fan Benteen har by Reno-en-dy op it klif jaan sûnder dat se har troch in ring fan belegerders hinne hoegden te fjochtsjen, en koarte tiid letter joech ek kaptein McDougall him dêr by harren mei Kompanjy B en de bagaazjetrein.
De salvo's út it noarden joegen dúdlik oan dat Custer kontakt makke hie mei de fijân, mar hoe't it him fergie, dêr hiene Benteen en Reno gjin flau benul fan. Yn elts gefal naam Benteen it beslút om net fierder op te tsjen mei syn eigen detasjemint, mar Reno en syn mannen te ûnderstypjen by it ferdigenjen fan harren posysje op it klif boppe de rivier. Dy beslissing foel net goed by in diel fan syn ûnderhearrigen, en likernôch trije kertier nei oankomst sette kaptein Thomas Weir mei D Kompanjy (ien fan 'e trije kompanjyen fan Benteen syn oarspronklike detasjemint) op eigen manneboet ôf nei it noarden om Custer te fersterkjen. Hoewol't Reno en Benteen him koarte tiid letter mei de rest fan harren troepen efternei setten, slagge it harren net om fierder te kommen as oardel kilometer, by in hichte dy't tsjintwurdich Weir Ridge hjit. Oanwaaksende druk troch Yndiaanske oanfallen op harren troepen twong alle sân kompanjyen fan Reno en Benteen en wyk wer tebek nei Reno Hill. It gejocht gie dêr troch oant de nacht foel en waard by moarnsdage op 26 juny wer ferfette, wêrnei't it ek it grutste part fan dy deis noch oanhold. Dêrby wie foar de besingele kompanjyen op it klif de útkomst lange tiid ûnwis.
By de belegering fan Reno Hill bleau Benteen kalm en toande moed by de oanhâldende oanfallen. Hy joech himsels bleat oan fijanlik fjoer, rekke lichtferwûne oan syn tomme en rekke de hakke fan ien fan syn rydlearzens kwyt doe't dêr in kûgel yn sloech. Oan 'e ein fan 'e middei fan 25 juny joech er persoanlik lieding oan in tsjinoanfal om krigers te ferdriuwen dy't temûk yn 'e beskutting fan it lange gers oant deunby de linys fan syn manskippen krûpt wiene. Majoar Reno skreau it ôfslaan fan in swiere Yndiaanske oanfal op it diel fan 'e liny dat bemanne waard troch de Kompanjyen H en M, op 'e twadde dei fan 'e belegering, oan it liederskip fan kaptein Benteen ta. Tsjin 'e ein fan 'e middei fan 26 juny koe waarnommen wurde hoe't de Yndianen harren doarp opbrieken. Om dyselde tiid hinne holden de oanfallen ek op. De reden dêrfoar wie it neieroankommen fan 'e farske troepen fan brigadegeneraal Alfred Terry en kolonel John Gibbon. Dy arrivearren ier op 27 juny op it slachfjild en ûntsetten doe de detasjeminten fan Reno en Benteen.
Neitiid soe Benteen oan swiere krityk bleat komme te stean om't er tsjin 'e direkte oarders fan syn befelfierend ofsier yn besletten hie om net mei syn eigen detasjemint, Kompanjy B en de bagaazjetrein op te tsjen nei Custer syn posysje, mar ynstee om Reno syn oansleine en demoralisearre troepen te fersterkjen op it klif boppe de rivier. Mei dy beslissing bewissige er sûnder erch dat Custer en syn fiif kompanjyen oan 'e lêste man ta útrûge waarden. Benteen sels riddenearre lykwols dat de oermacht fan 'e Yndianen fierstente grut wie, en dat hy mei syn fjouwer kompanjyen en de bagaazjetrein ûnderweis ferdylge wêze soe en Custer en syn mannen likegoed nea berikt hawwe soe. It ferswakke detasjemint fan Reno hie dêrnei allinnich nea stânhâlde kinnen op it klif boppe de rivier, en dan soene Terry en Gibbon op 'e moarn fan 27 juny in slachfjild berikt hawwe dêr't it hiele 7e Kavaleryrezjimint de dea fûn hie, en net inkeld fiif fan 'e tolve kompanjyen. Benteen lei dat út oan it Hof fan Undersyk dêr't er yn 1879 foar tsjûgje moast, en syn riddenearring is like dúdlik út wat er der letter by ferskate gelegenheden oer sein hat. Hy fûn dat Custer him ûnmooglike oarders jûn hie, dy't delkamen op selsmoard. "Wy befûnen ús yn harren hûs en hiem," seid er oer de Yndianen. "Harren medisyn wurke dy deis goed foar harren, en se fochten foar alles dat de goede God jin jaan kin om foar te fjochtsjen."
Lettere jierren
bewurkje seksjeNei de Slach oan de Little Bighorn bleau Benteen by de 7e Kavalery. Hy tsjinne ûnder de rest fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, mar wie net mear belutsen by grutte konfrontaasjes. Yn 1877 focht er yn 'e Nez Persé-Oarloch, wêrby't er yn westlik Montana dielnaam oan 'e Slach by Canyon Creek tsjin 'e Nez Persé. Yn 1879 tsjûge er yn Chicago foar it Hof fan Undersyk dat gearroppen wie om him oer de gong fan saken yn 'e Slach oan de Little Bighorn te bûgen. (Dy kommisje wie ynsteld op fersyk fan majoar Reno, dy't útmakke waard foar in leffert en sadwaande syn namme suverje woe.)
Yn desimber 1882 waard Benteen befoardere ta majoar en oerpleatst nei it Amerikaanske 9e Kavaleryrezjimint. Yn 1887 waard er op non-aktyf steld foar dronkenskip en oproerich hâlden en dragen yn Fort Duchesne, yn Utah. Hy moast foar de kriichsried komme, waard feroardiele en drige ûnearfol ûntslein te wurden, mar presidint Grover Cleveland sette syn straf om ta in jier ûntheffing fan rang en soldij. Op 7 july 1888 gie Benteen mei pinsjoen, fanwegen rimmetyk en in hertkrupsje. Op 27 febrewaris 1890 waard er foar syn dieden yn 'e Slach oan de Little Bighorn en de Slach by Canyon Creek noch mei weromwurkjende krêft befoardere ta brigadegeneraal.
Ferstjerren
bewurkje seksjeBenteen kaam op 22 juny 1898 yn syn wenplak Atlanta te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 63 jier. Hy waard dêre begroeven op it Begraafplak Westview, wêrby't syn deakiste droegen waard troch û.m. William Y. Atkinson, de gûverneur fan 'e steat Georgia, en Charles Collier, de boargemaster fan Atlanta. Letter waard syn stoflik omskot werbegroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, by Washington, D.C.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |