Fort Abraham Lincoln
Fort Abraham Lincoln is in earder Amerikaansk militêr fort oan 'e igge fan 'e rivier de Missoury yn 'e Amerikaanske steat Noard-Dakota, likernôch 11 km besuden de stêd Mandan. It fort wie in wichtige legerbasis ûnder de Flakte-Yndiaanske oarloggen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw. Hjoed de dei is it in steatspark yn 'e foarm fan iepenloftmuseum, mei rekonstruëarre gebouwen en tentoanstellings.
Fort Abraham Lincoln | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Noard-Dakota | |
county | Morton County | |
koördinaten | 46°45′51″ N 100°50′59″ W | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | fort (rekonstruksje) | |
boujier | fort 1872, rekonstr. 1934 | |
sloopjier | fort 1892 | |
monumintale status | steatspark | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 4,07 km² | |
offisjele webside | ||
www.parkrec.nd.gov/falsp | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Noard-Dakota.
|
Skiednis
bewurkje seksjeOp it plak fan Fort Abraham Lincoln, oan 'e gearfloeiïng fan 'e rivieren de Missoury en de Heart, waard om 1575 hinne troch de Mandan-Yndianen in doarp stifte, besteande út heal yn 'e grûn útgroeven wenten. De Mandan florearren yn dizze krite troch de jacht op 'e Amerikaanske bizon en it ferbouwen fan ferskate gewaaksen. Yn 'e 1770-er jierren waarden hja lykwols troffen troch in slimme útbraak fan 'e pokken, in sykte dy't de Jeropeänen nei Amearika ta meinommen hiene, en dêr't de Yndianen gjin ferwar tsjin hiene. De oerlibbenen setten har yn 1781 yn in doarp nei wenjen dat fierder nei it noarden ta lei, en it doarp oan 'e gearfloeiïng fan 'e Missoury en de Heart rekke ûntfolke.
Yn juny 1872 boude it Amerikaanske Leger op persiis itselde plak as it âlde Mandan-doarp in militêre foarpost dy't Fort McKeen neamd waard. De eigentlike konstruksje waard útfierd troch twa kompanjyen fan it Amerikaanske 6e Ynfanteryrezjimint ûnder lieding fan luitenant-kolonel Daniel Huston jr. It nije fort kaam rjocht foar de stêd Bismarck oer te lizzen, dat oare kant de Missoury sitewearre wie.
Op 19 novimber 1872 waard de foarpost omneamd ta Fort Abraham Lincoln, ta eare fan 'e fermoarde Amerikaanske presidint Abraham Lincoln. Oant dy tiid wiene der trije ynfanterykompanjyen legere, mar tagelyk mei de nammeferoaring fûn der ek in útwreiding plak om dêropta seis kavalerykompanjyen te húsfêstjen. Yn totaal kaam it fort út 78 permaninte houtene gebouwen te bestean, wêrûnder in postkantoar, in tillegraafkantoar, barakken foar de soldaten fan njoggen kompanjyen, kertieren foar sân ofsieren, seis stâlen foar de hynders fan 'e kavalery, in wachthûs, in foarrieskuorre, in opslachhok foar de kertiermaster, in bakkerij, in hospitaal, in wente foar de waskfroulju en kertieren foar de Yndiaanske ferkenners.
Yn 1873 waard it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan Fort Riley, yn Kansas, oerpleatst nei Fort Abraham Lincoln. Under lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer wie dat rezjimint fan it nije fort út belutsen by de Yellowstone-ekspedysje fan 1873, de Ekspedysje nei de Black Hills, yn 1874, en de simmerkampanje fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876. It wie fanút syn basis yn Fort Abraham Lincoln dat de 7e Kavalery ôfsette nei de nederlaach yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, wêrby't fiif kompanjyen fan it rezjimint oan 'e lêste man ta útrûge waarden troch in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.
Nei't yn 1883 it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad troch Montana hinne oanlein wie, waard Fort Abraham Lincoln yn 1891 ôftanke as legerbasis. Neitiid waarden de gebouwen fan it fort troch de lokale boargerbefolking sloopt foar it timmerhout en de spikers. Yn 1895 waard der in nij fort mei deselde namme net fier fan it âlde fort ôf boud. It nije fort waard úteinlik ek troch it leger opjûn, mar ûntwikkele him neitiid ta it plak Fort Lincoln.
Nei de iuwwiksel krige men al rillegau spyt dat men it stikje Amerikaanske skiednis, dat it âlde Fort Abraham Lincoln fertsjintwurdige, samar ferrinnewearje litten hie. Yn 1907 ûndertekene presidint Theodore Roosevelt de wet wêrby't er it lân fan it âlde fort oerdroech oan 'e steat Noard-Dakota as in steatspark mei de offisjele namme 'Steatspark Fort Abraham Lincoln'. Yn 1934 boude it Civilian Conservation Corps in besikerssintrum en oare gebouwen op it plak fan it âlde fort, en lei der boppedat in ferhurde wei hinne oan. Se rekonstruëarren ek militêre blokhuzen en pleatsten hoekstiennen om it plak fan 'e oare eardere fortgebouwen te markearjen. Fierders makken se ek de ierdwenten fan it eardere Mandan-doarp nei. Sûnt hawwe der noch ferskate oare rekonstruksjes plakfûn, wêrûnder dy fan 'e wente fan luitenant-kolonel Custer, dy't yn 1989 boud waard.
It Steatspark Fort Abraham Lincoln
bewurkje seksjeHjoed de dei is it Steatspark Fort Abraham Lincoln tagonklik foar it publyk, wêrby't rûnliedings fan likernôch in healoere jûn wurde. Teffens wurde der troch akteurs stikjes út 'e skiednis fan it fort neispile. It steatspark bestiet út trije dielen:
- On-a-Slant Indian Village: in rekonstruksje fan it oarspronklike Mandan-doarp;
- Historic Fort Abraham Lincoln: in rekonstruksje fan Fort Abraham Lincoln mei as grutste trekpleister Custer House, de wente fan George Armstrong Custer;
- Five Nations Arts: in tentoanstelling anneks sûvenierwinkel, dy't ambachtswurk en keunst fan 'e fiif Yndiaanske folken fan 'e noardlike Grutte Flakten fan Noard-Dakota sjen lit en foar in diel te keap oanbiedt. Dêrby giet it om wurk fan 'e Mandan, Arikara, Hidatsa, Flakte-Odjibwe en Lakota.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|