Spiker
In spiker of neil is in befêstigingsmateriaal út de âldheid en makke fan smei-izer, oars as de triedneil, dy't meast fan stiel makke is. Beide begrippen wurde troch elkoar brûkt, wylst itselde bedoeld wurdt.
Oant yn de 19e iuw waarden allinnich smeide spiker makke. Dêrnei waarden se makke fan izertried (dat is teoretysk it ferskil tusken in spiker en in neil).
Om 1850 bestienen der mear as tweintich soarten ferskillende spikers, fariëarend yn lingte, gewicht en foarm.
- De spikers hienen in lingte fan 10 - 41 sm.
- Der wienen ûnder oare trijepûners oant tritichpûners. Yn in pûn sitte tûzen spikers, spikers waarden meast per pûn ferkocht.
- De spiker hat in ôfrûne, frij platte kop of in fersonken kop foar skilderwurk. De skacht rint tapsk ta yn in skerpe punt en is yn de regel rjochthoekich, mar kin ek rûn wêze. De âldste spikers wienen fjouwerkant. De rjochthoekige spikers moatte mei de nergf mei ynslein wurde om spliten fan it hout foar te kommen.
Der wienen brosse spikers makke fan hurd izer en taaie spikers an weakizer. De brosse spikers befetten in soad koalstof en brutsen maklik. Se waarden allinnich foar rûch wurk brûkt. Troch de spikers langer te smeien waarden se taaier, omdat der by it hjit meitsjen koalstof út giet.
Foar it fêstmeitsjen fan twa ûnderdielen wurdt it foarste ûnderdiel foarboarre. Der waard ek wol in folstik tapast.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |