Slach oan de Little Bighorn

Slach oan de Little Bighorn
(ûnderdiel fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876)

The Custer Fight, troch Charles Marion Russell út 1903.
datum: 2526 juny 1876
plak: oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn,
yn súdlik Montana
útkomst: Yndiaanske oerwinning
konfliktpartijen
Lakota
Westlike Dakota
Eastlike Dakota
Noardlike Sjajinnen
Noardlike Arapaho
Feriene Steaten
Arikara
Krieën
befelhawwers
Sittende Bolle
Mâl Hynder
Gal
John Grass
Amerikaansk Hynder
Twa Moannen
Kreupele Blanke Man †
Tsjeppe Noas
George A. Custer †
Marcus Reno
Frederick Benteen
Myles Keogh
Thomas Custer
James Calhoun
Charles Varnum
Thomas McDougall
sterkte
±2.000 647
ferliezen
136 deaden
160 ferwûnen
280 deaden
57 ferwûnen
kaart
Slach oan de Little Bighorn (Montana)
Slach oan de Little Bighorn
Lokaasje fan 'e Slach oan 'e Little Bighorn yn 'e Amerikaanske steat Montana.

De Slach oan de Little Bighorn wie in fjildslach dy't op 25 en 26 juny 1876 útfochten waard oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn yn wat no it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana is. Dit treffen hearde ta de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, wêrby't de Feriene Steaten definityf in ein makken oan 'e selsstannichheid fan 'e Yndiaanske folken yn it noardlike part fan 'e Grutte Flakten. Yn dat ramt wie de Slach oan 'e Little Bighorn lykwols in slimme tebeksetter, mei't dat treffen útrûn op in klinkende oerwinning foar de Yndianen.

Yn dizze fjildslach foel it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in Yndiaansk doarp oan dêr't tafalligerwize in grut part fan 'e oarlochssterkte fan 'e (Sioux), Sjajinnen (Cheyenne) en Arapaho gearkommen wie. Ynspirearre troch de fizioenen fan 'e medisynman Sittende Bolle, en oanfierd troch de opperhaden Mâl Hynder en Gal, sloegen de Yndianen de oanfal fan 'e troepen fan majoar Marcus Reno op 'e suderein fan harren doarp ôf, wêrnei't se oan 'e noarderein de oanfal fan Custer sels brieken noch foar't dy goed en wol begûn wie. De fiif kompanjyen kavalery fan Custer waarden doe op in heuveltop besingele en oan 'e lêste man ta útrûge. De troepen fan Reno waarden ek besingele, mar koene nei twa dagen ûntset wurde troch Amerikaanske fersterkings. Yn totaal kamen der 268 Amerikanen om, wat de Slach oan de Little Bighorn ta ien fan 'e swierste nederlagen makke dy't de Amerikanen ea tsjin 'e Yndianen litten.

Foarskiednis

bewurkje seksje

Spannings tusken lânseigen Yndiaanske folken en de almar opkringende stream fan blanke kolonisten soargen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw kear op kear foar oarloch op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Yn 'e Dakota's, Wyoming en Montana waard dêrby troch de Feriene Steaten fral fochten mei de Lakota, it westlike diel fan 'e Grutte Sû Naasje, en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho. Nei de Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868) folge der in perioade fan relative frede, mar doe't der yn 1874 by de Ekspedysje nei de Black Hills goud fûn waard, wie in nije oarloch ûntsjinkearber.

 
It slachfjild yn 2005.

De Black Hills foarmen ûnderdiel fan it Grutte Sû Reservaat dat de Lakota en harren neie sibben, de Westlike Dakota, yn 1868 by it twadde Ferdrach fan Fort Laramie tawiisd wie. Boppedat wiene dy heuvels foar de Lakota hillich, en soene se der nea frijwillich ôfstân fan dwaan. De ûntdekking fan goud dêre brocht in tastream fan goudsikers op gong ûnder de saneamde Goudkoarts fan de Black Hills, en doe't it Amerikaanske regear besleat om, yn striid mei it Ferdrach fan Fort Laramie, sokken net tsjin te hâlden as se Yndiaansk lân binnenkringe woene, besleaten de Lakota om eigenhandich harren rjochten te beskermjen. Lulkens ûnder de Amerikaanske befolking oer de dea fan guon goudsikers en de frij algemien oanhongen miening dat it Amerikaanske regear de Black Hills oan 'e Lakota ûntnaderje moast, laten úteinlik ta it útbrekken fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876.

Hoewol't in grut diel fan 'e Yndianen deryn tastimde om yn 'e almar krimpende reservaten te bliuwen en har ôfsidich te hâlden, joegen in protte har by de foaroansteande Lakota-medisynman Sittende Bolle, dy't him bûten it Grutte Sû Reservaat yn it iepen lân fan 'e Powderrivier ophold, yn súdlik Montana. Under in sinnedûnsseremoanje dy't omtrint 5 juny 1876 holden waard, krige Sittende Bolle in fizioen wêryn't er "soldaten yn syn kamp fallen seach, sa't sprinkhoannen út 'e loft rûgelje."

Tsjin dy tiid wiene de Amerikanen al úteinset mei harren simmerkampanje, wêrby't se de Yndianen fan trije ferskillende kanten oanfallen en ynslute woene. Ut it noarden kaam de Montana-kolonne, ûnder befel fan kolonel John Gibbon, dy't op 30 maart ôfset wie út Fort Ellis mei 6 kompanjyen fan it 7e Ynfanteryrezjimint en 4 kompanjyen fan it 2e Kavaleryrezjimint. Ut it suden teach op 29 maaie brigadegeneraal George Crook op, mei de Wyoming-kolonne út Fort Fetterman, besteande út 10 kompanjyen fan it 3e Kavaleryrezjimint, 5 fan it 2e Kavaleryrezjimint, 2 fan it 4e Ynfanteryrezjimint en 3 fan it 9e Ynfanteryrezjimint. En út it easten wei kaam brigadegeneraal Alfred Terry mei de Dakota-kolonne út Fort Abraham Lincoln, dy't op 17 maaie ôfset wie en bestie út 2 kompanjyen fan it 17e Ynfanteryrezjimint, it Gatling-mitrailleurdetasjemint fan it 20e Ynfanteryrezjimint en de 12 kompanjyen fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat ûnder befel stie fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer.

Custer hie foar it Noarden yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch fochten en dêrby de reputaasje wûn in dryst befelfierder te wêzen. Hy hie yn 'e oarloch de rang fan generaal-majoar berikt, mar wie neitiid fanwegen in oerskot oan ofsieren yn rang weromset nei luitenant-kolonel. Yn 1868 hied er yn it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma) ûnder de Súdlike Sjajinnen it Bloedbad fan de Washita oanrjochte. Krekt foar't de simmerkampanje fan 1876 fan start gean soe, rekke er behelle yn it saneamde Hannelspostskandaal, en moast er oangeande dat korrupsjeskandaal foar it Amerikaanske Kongres tsjûgje. Dêrby makke er frijwat fijannen en it wie inkeld troch de net-ôflittende stipe fan syn superieuren, de generaals Sherman, Sheridan en Terry, dat er uberhaupt oan 'e fjildtocht dielnimme mocht. Dêrby waard er lykwols ûnder direkt tafersjoch pleatst fan generaal Terry. Yn Fort Snelling sei Custer tsjin kaptein William Ludlow, it haad fan Terry syn ôfdieling sjeny, dat er by de earste gelegenheid by Terry wei "útnaaie" (cut loose) soe. Dy útspraak wiist derop dat Custer syn ambysje om op eigen manneboet in wichtige oerwinning te boeken, ferantwurdlik wie foar de ramp dêr't de fjildtocht foar de Amerikanen op útrinne soe.

 
Luitenant-kolonel George Armstrong Custer.

De kolonne fan Terry en Custer waard beselskippe troch in bagaazjetrein besteande út 'e fuorlju fan 150 weinen en de lieders fan gâns rigen pakezels. Op 29 maaie joegen boppedat oan 'e mûning fan 'e Powderrivier trije kompanjyen fan it 6e Ynfanteryrezjimint har by de kolonne, dy't út Fort Buford, oan 'e rivier de Missoury, nei de Yellowstone marsjearre wiene om dêr in foarriedepot oan te lizzen. Letter arrivearre ek it steamskip de Far West, dat 200 ton foarrieden út Fort Abraham Lincoln brocht en foar anker gie op it plak dêr't de Bighorn en de Little Bighorn gearfloeiden.

De koördinaasje fan 'e trijefâldige oanfal gie op 17 juny nei de barrebysjes, doe't de súdlike kolonne ûnder generaal Crook yn 'e Slach oan de Rosebud ta stilstân brocht waard. Hoewol't Crook sels úthold in oerwinning behelle te hawwen, in bewearing dy't in beskaat gehalte fan wierheid befette om't er oan 'e ein fan 'e slach stânholden hie op it slachfjild, binne histoarisy it deroer iens dat de Yndianen eins syn opmars tsjinkeard hiene. Neitiid behold Crook syn posysje wylst er op fersterkings wachte, wat him yn 'e praktyk lange tiid út 'e oarloch hold.

 
Sittende Bolle, de wich-tichste lieder fan 'e Lakota.

Har ûnbewust fan Crook syn wederwarichheden teagen Gibbon en Terry fierder op, wêrby't se begjin juny kontakt mei-inoar makken by de mûning fan 'e rivier de Rosebud. Op 22 juny waard Custer der mei it 7e Kavaleryrezjimint allinnich op útstjoerd om 'e dellings fan 'e Rosebud en de Bighorn te ferkennen, op 'e siik nei de Yndianen. It wie dúdlik net de bedoeling dat er op eigen manneboet de slach oangean soe; it plan fan it Amerikaanske leger wie dat alle eleminten fan 'e simmerkampanje, dus dy fan Custer, Crook en de no feriene troepen fan Gibbon en Terry, op 26 of 27 juny gearkomme soene op it plak dêr't de Yndianen konsintrearre wiene, om foargoed mei harren ôf te weven. Custer syn taak wie om te ferkennen en op te driuwen, al mocht er dy oarders "ferlitte" as dêr "genôch reden" ta wie. Foar't er ôfsette bea generaal Terry oan Custer fersterkings oan yn 'e foarm fan fjouwer ekstra kompanjyen fan it 2e Kavaleryrezjimint, mar dat oanbod stegere er ôf. Ek it oanbod fan it gebrûk fan 'e Gatling-mitrailleursienheid woed er neat fan witte, want dy bombidige dingen soene him mar ophâlde. Ta einbeslút oardere er al syn manskippen, ofsieren ynbegrepen, om har sabels efter te litten. Elts fan dy besluten soe him postúm op slimme krityk komme te stean.

Wylst de kolonne fan Gibbon en Terry opmarsjearre nei de mûning fan 'e Little Bighorn, arrivearre it 7e Kavaleryrezjimint let op 'e jûn fan 24 juny (of ier op 'e moarn fan 25 juny) op in plak dat 23 km eastlik fan 'e rivier de Little Bighorn lei. By moarnsdage op 25 juny beselskippe Custer syn seis Krieske ferkenners nei in hichte dy't fan Crow's Nest ("Kraaienêst") neamd waard, en dy't in frij útsicht bea oer de Delling fan 'e Little Bighorn. De ferkenners waarden oanwizings foar de oanwêzigens fan in grutte keppel hynders yn 'e delling gewaar, en seagen de reek fan in grut tal kampfjurren, hoewol't it kamp sels net sichtber wie. Op grûn dêrfan en fan spoaren fan grutte groepen Yndianen dy't se yn 'e direkte omkriten fûn hiene, warskôge Heal Giel Gesicht, de lieder fan it seistal, Custer dat it om in útsûnderlik grut kamp gie.

 
Amerikaanske troepebewegings ûnder de simmerkampanje fan 1876.

De generaal, dy't sels mei it bleate each gjin inkeld teken fan bewenning ûntdekke koe, besleat likegoed om oan te fallen, mei't er bang wie dat de Lakota en Sjajinnen alle kanten útspatte soene as er se net fluch ta in fjildslach twong. Hy wie earst fan doel om syn troepen in dei útrêste te litten en moarnsier op 26 juny oan te fallen, mar doe krige er berjocht dat de spoaren fan syn rezjimint ûntdutsen wiene troch guon Yndianen. (Dat wiene eins lju dy't it Yndiaanske doarp ferlieten en gjin warskôging trochjoegen, mar dat wist Custer net.) Sadwaande naam er it beslút om daliks oan te fallen. Dêrop spriek Heal Giel Gesicht fia tolk Mitch Bouyer dizze histoaryske en gauris oanhelle wurden tsjin Custer: "Jo en ik geane hjoed nei hûs oer in paad dat wy net kenne."

De Amerikanen

bewurkje seksje

It Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint bestie yn juny 1876 út 45 ofsieren en 718 soldaten. Dêrfan wiene lykwols 14 ofsieren en 152 soldaten fan it rezjimint losmakke om foar oare taken detasjearre te wurden, sadat de eigentlike sterkte 31 ofsieren en 566 soldaten bedroech, yn totaal 597 man. (Dit persintaazje fan 22% detasjearre troepen wie doedestiden yn it Amerikaanske Leger net ûngewoan.) De opbou fan it regmint (mei alle ofsieren) wie sa:

 
Majoar Marcus Reno.
 
Kaptein Frederick Benteen letter yn syn libben.
 
Kaptein Tom Custer, de jongere broer fan George Armstrong Custer, dy't mei him omkaam yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn.

Njonken de geregelde Amerikaanske troepen omfieme it 7e Kavaleryrezjimint:

Yn totaal wiene der by de Slach oan 'e Little Bighorn oan 'e Amerikaanske kant 647 minsken belutsen.

 
De guidon fan it 7e Kavaleryrezjimint.

De kavaleristen wiene bewapene mei de Colt .45-revolver, dy't seis kûgels ôffjurje koe foar't er werladen wurde moast, en mei de ienskots efterladende Springfield Model 1873-karabyn, dy't har in folle grutter berik joech as de gewearen dêr't de Yndianen oer beskikten. Harren sabels hiene se op befel fan Custer efterlitten by de bagaazjetrein fan generaal Terry syn kolonne. Inkeld guon ofsieren en de ferkenners, dy't net ta de geregelde troepen rekkene waarden, beskikten oer oare fjoerwapens. Eltse soldaat hie 100 karabynkûgels útrikt krigen. In diel dêrfan waard op in patroangurdle op it lichem droegen, en de rest yn 'e sealtassen. Nochris 50 kûgels de man waarden meinommen yn 'e bagaazjetrein dy't it rezjimint beselskippe. Foar syn revolver hie eltse soldaat 24 kûgels.

It doarp dat Custer syn ferkenners ûntdutsen hiene, wie ûngewoan grut, mei't der in grut tal lytsere Yndianetroepen gearklofte wiene fanwegen de oanwêzigens fan 'e medisynman Sittende Bolle, dy't yn heech oansjen stie. Al mei al wurdt rûsd dat der op it stuit fan 'e slach sa'n 10.000 Yndianen yn it doarp taholden, mei dêrûnder likernôch 2.000 krigers. De rest fan 'e oanwêzigen bestie út froulju, bern en de âlderein. It lân koe sa'n grutte kliber folk net lang drage, en doe't Custer oanfoel stiene de Yndianen dan ek op it punt om wer útinoar te gean. Hoewol't fierwei de measte bewenners fan it doarp út Lakota fan 'e Oglala- en Hûnkpapa-stammen en Noardlike Sjajinnen bestiene, wiene der ek oaren fertsjintwurdige:

 
Gal, it oarlochsopperhaad fan 'e Hûnkpapa.
 
Twa Moannen, ien fan de oanfierders fan 'e Noardlike Sjajinnen yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn.
 
Tsjeppe Noas, in froulik opperhaad fan 'e Noardlike Arapaho, dy't yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn focht.

Neffens in bekend ferhaal fochten yn 'e Slach oan de Little Bighorn mar fiif Arapaho-krigers mei, te witten de Noardlike Arapaho Giele Earn, Giele Mich, Lofterhân en Wetterman en de Súdlike Arapaho Wolwittende Man (ek wol bekend as Grien Gers). Hja wiene der fiifresom op útgien om 'e Sjosjoanen te oerfallen, mar rekken by tafal yn 'e striid tsjin it Amerikaanske Leger behelle. Mar dêrnjonken focht noch teminsten ien oare Arapaho mei, ntl. de froulike kriger Tsjeppe Noas. Hoewol't guon Amerikaanske boarnen har as Sjajinne te boek stelden, waarden yn ferskate beskriuwings de mei reade, swarte en wite kralen fersierde úteinen fan har mouwen neamd, dy't har foar saakkundigen dúdlik identifisearren as in opperhaad fan 'e Arapaho.

De Yndianen makken yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn gebrûk fan in wiid ferskaat oan wapens, fan tomahawks mei stiennene koppen dy't streekrjocht út 'e Stientiid kamen oant moderne efterladende gewearen. Tomahawks, spearen en messen wiene inkeld geskikt foar man-tsjin-mangefjochten; it grutste part fan 'e slach waard mei projektylwapens útfochten, wêrby't likernôch de helte fan 'e krigers him behelpe moast mei pylk-en-bôge, in wapen dat oant op 30 m ôfstân tige effektyf wie. De oare helte wie tarist mei gewearen, mar dat wiene foar it oergrutte part ferâldere foarladers en soms sels antike musketten. Minder algemien kamen ek modernere .58 kaliber-gewearen foar, wêrfan't der nei de Amerikaanske Boargeroarloch tsientûzenen yn 'e Feriene Steaten omsweefden. Hoewol't fjoerwapens krap wiene, en munysje krektsa, koene de Yndianen geandewei de slach almar mear gewearen en patroanen bútmeitsje fan sneuvele soldaten.

De fjildslach

bewurkje seksje

Plan fan oanfal

bewurkje seksje

Op 'e moarn fan 25 juny 1876 ferdielde Custer syn rezjimint yn fjouwer parten foarôfgeande oan 'e oanfal, mei't er de Yndianen fan ferskillende kanten ôf yn 'e skjirre nimme woe:

  • Kompanjyen A, G en M, ûnder befel fan majoar Marcus Reno, soene it Yndiaanske doarp út it suden wei oanfalle en de krigers nei dy kant ta lokje;
  • Kompanjyen H, D en K, ûnder befel fan kaptein Frederick Benteen, moasten nei it súdwesten ta ride, de kant dy't de Yndianen nei alle gedachten út flechtsje soene, sadat se harren dêr de pas ôfsnije koene;
  • Kompanjyen C, E, F, I en L, ûnder befel fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer sels, soene ûnder beskûl fan 'e heuvels omride nei de noardlike ein fan it doarp, om 'e Yndianen yn 'e rêch oan te fallen as se al mei Reno syn troepen oan 'e súdkant fan it doarp yn gefjocht wiene.
  • Kompanjy B, ûnder befel fan kaptein Thomas McDougall, waard ynset om 'e trage bagaazjetrein te ferdigenjen en om as eventuële reserve te tsjinjen.

De oanfal fan Reno

bewurkje seksje

De Slach oan 'e Little Bighorn sette útein doe't de trije kompanjyen fan majoar Marcus Reno de súdlike ein fan it Yndiaanske doarp oanfoelen. Hoewol't it oarspronklik de bedoeling west hie dat Reno wachtsje soe oant de fiif kompanjyen fan Custer de noardlike ein fan it doarp berikke kinnen hiene, sette Reno daliks de oanfal yn nei't er nije oarders fan Custer ûntfong, skreaun troch Custer syn adjudant, luitenant William W. Cooke, wêryn't sein waard dat fierder wachtsjen gjin sin hie om't Custer syn Arikara-ferkenners sjoen hiene dat guon Lakota-krigers de oanwêzigens fan Amerikaanske troepen yn 'e neite fan it doarp gewaarwurden wiene. Reno syn fierdere oarders wiene frijwat dizenich; hy moast de Yndianen "efterfolgje" en se "twinge om it gefjocht oan te gean", mar dy oarders wiene opsteld sûnder kennis fan 'e grutte of de presize lokaasje fan it doarp, fan 'e oantallen fan 'e fijân of hoe't it moreel fan 'e fijân wie.

 
De bewegings fan 'e trije kompanjyen ûnder majoar Marcus Reno.

Sadwaande stieken Reno en syn mannen omtrint 15.00 oere op 25 juny 1876 de rivier de Little Bighorn oer ter hichte fan 'e mûning fan in beek dy't no Reno Creek hjit. Hja teagen fluch op troch it iepen fjild oan 'e súdkant fan it doarp, wêrby't in tichte begroeiïng fan strewelleguod en beammen by in bocht yn 'e rivier lâns har oan 'e rjochterkant dekking bea, mar teffens it doarp oan harren sicht ûntloek. Pas doe't se fier genôch optein wiene om 'e bocht yn 'e rivier foarby te wêzen, krigen se it doarp yn it each, mar op dat stuit wiene se ek binnen sjitôfstân fan 'e bûtenste tipys. It wie daliks dúdlik dat der in grut tal Yndianen oanwêzich wiene, dy't der net oan tochten om út te naaien. Reno stjoerde al syn Yndiaanske ferkenners, Arikara en Krieën, nei syn kwetsbere lofterflank ta, om't syn rjochterflank beskerme waard troch it tichte strewelleguod by de rivier lâns. Doe't er de folle omfang fan it doarp foar it ferstân krige, fermoede Reno al rillegau dat er op it punt stie om yn wat er letter "in mûklaach" neame soe te rinnen. Dêrom liet er syn mannen op likernôch 150 m ôfstân fan it doarp stilhâlde.

Reno oardere syn soldaten om ôf te stiigjen en harren op te stellen yn in saneamde 'skermutselingliny', in standertformaasje fan 'e Amerikaanske kavalery, wêrby't eltse fjirde soldaat de hynders fan syn maten by de leien hold. De soldaten stiene sa'n 3 oant 7 m útinoar, mei de ofsieren dêrefter en de mannen dy't de hynders fêstholden dêr wer efter. Dy formaasje berôve Reno dus fan 25% fan syn fjoerkrêft. Doe't de kavaleristen it fjoer iepenen op it doarp, dat oan 'e súdkant bewenne waard troch leden fan 'e Hûnkpapa-substamme fan 'e Lakota, deaden se dêrmei fral froulju en bern, wêrûnder it gesin fan it opperhaad Gal. Frijwol daliks begûnen krigers te hynder en geandefoets ta it doarp út te streamen om 'e oanfal ôf te slaan. Om't Reno syn liny oan 'e rjochterkant ferankere wie yn it strewelleguod, konsintrearren se har op 'e lofterflank fan 'e Amerikanen, dy't ferdigene waard troch de Arikara- en Krieske ferkenners.

 
In tinkstien op it slachfjild dy't it plak oanjout dêr't de Sjajinske kriger Hapehe’onahe (Tichte Hân) sneuvele "by it ferdigenjen fan 'e Sjajinske libbenswize".

Nei't der likernôch 20 minuten lang striid levere wie, hie Reno noch mar ien fan syn mannen ferlern. De oantallen krigers dy't tsjin him fanwegen kamen, waarden lykwols mei de minút grutter. Yn 'e beskutting fan in leech ferhef oan 'e lofterkant fan Reno syn liny en rjochts fan it doarp groepearre him in grutte kloft fan likernôch 500 krigers, dy't dêrwei doe in wraam die op Reno syn lofterflank. Dêrtroch wie Reno twongen om him hastich werom te lûken yn it strewelleguod by de bocht yn 'e rivier lâns, dêr't er doe troch de Yndianen fêstset waard. Dêrnei stieken de krigers de begroeiïng yn 'e brân om 'e Amerikanen te twingen en kom foar 't ljocht.

Op dat punt fan it gefjocht waard de ferkenner Bluodderich Mês yn 'e holle rekke troch in kûgel wylst er njonken Reno op it hynder siet, sadat it bloed en stikjes harsens de majoar yn it gesicht spatten. Mooglik noch yn shock fan dat foarfal, oardere Reno syn mannen om op te stiigjen, wer ôf te stiigjen en op 'e nij op te stiigjen. Doe rôp er harren ta: "Wa't ûntsnappe wol, folgje my!" en late er in gaoatyske flecht de rivier oer en by it steile klif oare kant de rivier op. Dy weromtocht waard daliks fersteurd troch de oanfallen fan tichteby troch Sjajinske krigers. Reno ferlear by de flecht oer de rivier 3 ofsieren en 29 soldaten, wylst 1 ofsier, luitenant Charles DeRudio, en 13 oant 18 soldaten fermist rekken. De measten dêrfan wiene yn 'e dusoarder efterbleaun yn it strewelleguod en soene har letter by harren maten op it klif foegje.

 
De definsive posysje fan 'e troepen fan majoar Marcus Reno en kaptein Frederick Benteen op Reno Hill.

De belegering fan Reno en Benteen

bewurkje seksje

Op it klif, dat no Reno Hill hjit, wergroepearren Reno en syn kjel wurden mannen har, en begûnen se har yn te graven mei messen, de kolven fan harren gewearen en wat se ek mar hiene dat foar graven brûkt wurde koe. Soks wie standertpraktyk wurden yn it lêste jier fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch. Doe't de Krieske ferkenner Heal Giel Gesicht, dy't yn it strewelleguod efterbleaun wie om syn ferwûne maat Wite Swan te rêden, him tsjin 16.00 oere by Reno syn mannen op it klif joech, ried dy der daliks op út om fersterkings te sykjen. Net fierôf fûn er de trije kompanjyen fan kaptein Frederick Benteen, dy't oarspronklik nei it súdwesten ta stjoerd wiene. Benteen hie lykwols ûnderwilens in boadskip fan Custer ûntfongen (skreaun troch dy syn adjudant William W. Cooke) mei de tekst "Kom... grut doarp, opsjitte... bring pakken." "Pakken" ferwiisde nei de reservemunysje fan 'e bagaazjetrein, wat derop tsjut dat Custer him der tsjin dy tiid bewust fan wie dat der mear krigers wiene as dêr't er earst op rekkene hie. Mar Benteen koe dêr fierders neat oer freegje, want de boadskipper wie Custer syn Italjaanske trompetter John Martin (eins Giovanni Martini), dy't gjin wurd Ingelsk spriek.

Benteen syn tafallige oanwêzigens deunby wie it iennichste dat Reno syn mannen derfan rêde om troch de Yndianen ûnder de foet rûn te wurden. Ynstee fan oan it befel gehoar te jaan om him by Custer sels te foegjen, naam Benteen it beslút om syn troepen by dy fan Reno te foegjen, eat wat him letter op in protte krityk kaam te stean, temear omdat bekend wie dat hy en Custer beslist net mei-inoar koene. Letter waarden Reno en Benteen noch fierder fuortsterke troch de oankomst fan kaptein McDougall mei B Kompanjy en de bagaazjetrein. Mei sa'n 360 man koene se doe de hiele omtrek fan it klif bestrike en slagge it harren om stân te hâlden.

 
Mitch Bouyer, Custer syn heal-Yndiaanske ferkenner en tolk, dy't sneuvele yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn.

It beslút fan Reno en Benteen om harren posysje op it klif te hanthavenjen, nettsjinsteande it feit dat der ferskate kearen gewearfjoer yn it noarden heard waard, ynklusyf dúdlike salvo's om 16.20 oere, foel net goed by in diel fan harren ûnderhearrigen. Om 17.00 oere hinne negearre kaptein Thomas Weir direkte oarders fan Reno en Benteen en sette er mei D Kompanjy op eigen manneboet ôf nei it noarden mei de bedoeling om Custer te finen en te help te kommen. D Kompanjy teach likernôch oardel kilometer op, nei in hichte dy't tsjintwurdich Weir Ridge hjit. Dêrwei koene se omtrint 17.25 oere tusken krûdwolken troch sjen hoe't krigers te hynder yn 'e fierte op foarwerpen skeaten dy't op 'e grûn leine. It is ûndúdlik wat dat krekt west hat; der is gauris fan útgien dat it Custer syn lêste gefjocht op 'e heuveltop west hawwe moat, mar dêrfoar doocht de tiid net. Guon moderne histoarisy hawwe oppenearre dat it mooglik it gefjocht op Calhoun Hill wie, dat ûnderdiel útmakke fan Custer syn weromtocht. Tsjûgeferslaggen fan Yndianen sprekke dat lykwols wer tsjin, en de kwestje is noch altyd net útiten.

Yn elts gefal besleaten Reno en Benteen úteinlik om Weir te folgjen, wêrby't Benteen foarop gie en folge waard troch Reno syn oansleine detasjemint, mei B Kompanjy en de bagaazjetrein yn 'e efterhoede. Oanwaaksende druk troch Yndiaanske oanfallen op 'e troepen op Weir Ridge twong lykwols alle sân kompanjyen om tebek te wiken nei Reno Hill, noch ear't de bagaazjetrein 400 m ôflein hie. Op it klif namen se har âlde posysjes wer yn, en waarden dêr noch in dei lang belegere. Se koene der net wei, mar de Yndianen koene ek net troch harren linys hinne brekke. Kaptein Benteen sels bleau kalm en toande moed by de oanhâldende oanfallen. Hy joech himsels bleat oan fijanlik fjoer en waard yn 'e hakke fan syn lears rekke troch in kûgel. Op in stuit joech er persoanlik lieding oan in tsjinoanfal om krigers te ferdriuwen dy't temûk yn 'e beskutting fan it lange gers oant deunby de linys fan syn manskippen krûpt wiene.

 
Custer's Last Stand; Custer-en-dy op 'e heuveltop besingele, mei Custer yn 'e midden en noch mar in pear fan syn soldaten yn libben.

De oanfal en weromtocht fan Custer

bewurkje seksje

Om't der fan Custer syn fiif kompanjyen gjin inkele oerlibbene wie, hat it dreech west om persiis fêst te stellen hoe't it harren fierder krekt fergien is, temear om't ferslaggen fan Yndiaanske krigers ûndúdlik binne en inoar tsjinsprekke. In protte histoarisy hawwe har yngeand mei de Slach oan 'e Little Bighorn dwaande holden, wêrûnder net yn it lêste plak etnologen as George Bird Grinnell en Edward S. Curtis, dy't Custer syn Krieske en Arikara-ferkenners en Sjajinske en Lakota-krigers befregen. Lykwols binne in protte saken oangeande de oanfal en weromtocht fan Custer oant no ta striidkwestjes bleaun. Reno, Benteen en harren troepen befûnen har op 6 km ôfstân, en hoewol't se yn 'e fierte gewearfjoer hearre koene dat wierskynlik fan Custer-en-dy wie, hiene se fierder gjin idee wat der geande wie. Doe't se nei de slach oer it lot fan 'e fiif kompanjyen fan Custer hearden, wiene se mei stomheid slein.

Nei't er mei syn troepemacht fan likernôch 210 man ôfset wie, ried Custer wierskynlik oare kant de heuvels nei it noarden. Fan dyselde heuvelrêch makke ek it klif diel út dêr't Reno him koarte tiid letter op weromlûke soe. It is mooglik dat Custer fan dy hichte ôf it begjin fan Reno syn oanfal beächte hat. Yn elts gefal wied er him bewust fan 'e sterke wjerstân dêr't Reno op state, mei't tolk Fred Gerard, dy't by Reno wie, Custer syn fiif kompanjyen efternei ried en de tynge oerbrocht oan Custer syn adjudant William W. Cooke. De measte histoarisy binne it deroer iens dat Custer fia Medicine Tail Coulee (in coulee is in lytseftich ravyn), in ôfwetteringsslink tusken de heuvels yn, de Little Bighorn berikte ter hichte fan Minneconjou Ford ("de Minnikonzjû-Furde"). Op dat plak waard nei alle gedachten troch teminsten in diel fan Custer syn troepen (wierskynlik de kompanyen E en F, ûnder kaptein George Yates) besocht om 'e rivier oer te stekken. (Guon histoarisy achtsje it wierskynlik dat Custer syn fiif kompanjyen foarôfgeande oan syn oanfal nochris yn twaen of sels trijen opdield hie.) Yn syn autobiografy My Life on the Plains, út 1874, hie Custer útlein dat de bêste strategy by it befjochtsjen fan Yndianen wie om harren doarpen en kampen yn te kringen en dan har froulju, bern en âlderein as gizelders en minsklik skyld te brûken, sadat de krigers, as se trochfjochtsje woene, har eigen famyljeleden deasjitte moasten. Wierskynlik wied er sa'n strategy ek diskear fan doel.

 
It opperhaad Rein-yn-'t-Gesicht, dy't yn 'e slach mooglik Custer sels deade.

Nei alle gedachten ûntdiek Custer pas by it dwaan fan syn oanfal dat Minneconjou Ford net oan 'e noardkant fan it ûnbidich grutte doarp lei, mar yn 'e midden. Underwilens soe doe Reno syn oanfal oan 'e súdkant fan it doarp al fierhinne ôfslein west hawwe. It wie it Hûnkpapa-opperhaad Gal, dy't as iennichste Yndiaanske lieder fermoede dat it hjir wolris om in twafâldige oanfal gean koe. Sadwaande ried er sels op 'e sneup nei Custer nei it noardeasten, dêr't er Custer syn ferkenner Mitch Bouyer yn it each krige doe't dy weromkearde nei de haadmacht fan 'e 7de Kavalery nei it begnuven fan it doarp. Gal folge him temûk en ûntdiek sa de lokaasje fan Custer syn fiif kompanjyen. Nei't er de Noardlike Sjajinnen warskôge hie dy't dat part fan it doarp bewennen, late Gal tegearre mei it Oglala-opperhaad Mâl Hynder in grut tal Lakota-krigers fan 'e suderein fan it doarp nei Minneconjou Ford ta, en doe't Custer syn troepen dêr opdoeken, wiene se klear foar de striid. Troch de ûnferwachts sterke wjerstân fan 'e Yndianen berikten de troepen it doarp nea. Krektoarsom, se waarden troch Yndiaanske skerpskutters weromdreaun oer de rivier, wêrby't soldaten yn 'e fjoerliny ôfstige moasten om ferwûne maten wer op har hynders te helpen. Doe't se har oare kant fan 'e rivier weromloeken, streamden hûnderten krigers ta it doarp út om har te efterfolgjen.

 
Custer en syn troepen ûnder de foet rûn troch de Yndianen.

Custer-en-dy besochten har oare kant de rivier yn te graven, mar dat mislearre om't guon krigers omriden wiene en har no út it noarden wei oanfoelen, fanôf de heuvelrêch boppe de rivier. It liket der sterk op dat Custer syn mannen doe in skoft lang opstelde yn in skermutselingliny, krekt as Reno earder dien hie, (wêrby't eltse fjirde man om 'e hynders tocht). As dat sa is, soed er himsels yn dit krúsjale stadium fan 'e slach dêrmei in fjirdepart fan syn fjoerkrêft ûntsein hawwe. Wat begûn as in organisearre weromtocht, feroare troch de oanhâldende oanfallen fan 'e Yndianen al rillegau yn in gaoatyske flecht. Argeologysk bewiismateriaal liket derop te tsjutten dat L Kompanjy fan luitenant James Calhoun it earste ûnderdiel fan it rezjimint wie dêr't dissipline it ôflei tsjin ynstinkt, en wêrfan't de soldaten begûnen út te naaien wylst se har bombidige gewearen fuortsmieten om flugger fuortkomme te kinnen. Yn tsjinstelling dêrta lykje de mannen fan I Kompanjy sneuvele te wêzen op it plak dêr't se stiene, mei't harren liken letter yn in klútsje om dat fan harren befelhawwer, kaptein Myles Keogh, hinne oantroffen waarden. It wie Gal dy't de krigers oanfierde dy't L Kompanjy en in diel fan C Kompanjy fan 'e rest fan 'e Amerikanen ôfsnie, sadat der handich mei ôfweefd wurde koe. Wat mear soldaten kamen te sneuveljen, wat mear gewearen en munysje oft de krigers bútmakken, mei as gefolch dat de Amerikanen de foardielen fan harren bettere bewapening fluch kwytrekken.

Uteinlik loek likernôch de helte fan Custer syn troepen, de Kompanjyen E, F en de helte fan C, har op in heuveltop werom, dêr't se neffens de tradisjonele lêzing fan 'e slach al gau besingele rekken troch de Yndianen. Dy heuveltop kaam bekend te stean as Custer Hill, Custer's Last Stand of Last Stand Hill. Der is bewiis dat der tsjin dy tiid noch organisearre ferset bean waard, mei't deade hynders as boarstwarring brûkt waarden. It wie op dy heuvel dat Custer syn mannen har meast ferbiten ferset beaen, en neffens ferslaggen fan 'e Lakota foelen de measte deaden oan Yndiaanske kant by it bestoarmjen fan 'e heuvel. Fan in lange belegering wie lykwols gjin sprake; alle ferslaggen binne it deroer iens dat de Yndianen mei Custer ôfweefd hiene binnen in oere nei't er syn wraam oer de rivier die. Neffens de Lakota waard it ferset op 'e heuvel oerweldige troch in ferrassingsoanfal út noardeastlike rjochting wei, dy't oanfierd waard troch Mâl Hynder en Wite Bolle, en dy't troch de Amerikaanske linys hinne briek, mei it ynstoarten fan 'e kommandostruktuer as gefolch.

 
De Sjajinske heldinne Bizonkeallepaadfrou, dy't neffens de Noardlike Sjajinnen dejinge wie dy't Custer deade.

Custer sneuvele op 'e heuveltop, dêr't er nei ôfrin fan 'e slach oantroffen waard mei skotwûnen yn 'e loftersliep en yn it boarst, krekt boppe it hert. Beide wûnen hiene deadlik west, mar der waard fêststeld dat er út dy yn syn boarst blet hie en net út dy yn syn holle, wat suggerearret dat de skotwûne yn syn sliep postúm tabrocht wie. Ferskate krigers easken neitiid persoanlik de ferantwurdlikheid op foar de dea fan Custer, wêrûnder Wite Bolle fan 'e Minnikonzjû en Rein-yn-'t-Gesicht fan 'e Hûnkpapa. Yn juny 2005 ferbrieken de Noardlike Sjajinnen mear as hûndert jier fan stilswijen oer de fjildslach en makken bekend dat neffens harren mûnlinge oerlevering Bizonkeallepaadfrou, in Sjajinske heldinne út 'e Slach oan de Rosebud, dejinge wie dy't Custer fan syn hynder skeat. Yn 'e 1920-er jierren fertelden twa âlde Sjajinske froulju dat se nei de slach Custer syn lichem op it slachfjild weromfûn hiene en in Lakota-kriger tsjinholden hiene dy't it lyk skeine woe. De froulju wiene nammentlik famyljeleden fan Maitydsgers, Custer syn Sjajinske frou, en beskôgen him sadwaande as famylje. Hja stieken him doe mei harren naai-elzen yn 'e earen, dat er yn it hjirneimels better harkje kinne soe; hy hie nammentlik syn ûnthjit oan 'e Sjajinnen brutsen om nea wer tsjin 'e Yndianen te fjochtsjen.

Neffens de tradisjonele lêzing fan 'e foarfallen einige de Slach oan 'e Little Bighorn op 'e top fan Custer Hill, mar modern ûndersyk liket út te wizen dat der noch inkele tsientallen oerlibbenen wiene fan it gefjocht op 'e heuveltop, dy't in lêste wanhopige útbraak prebearren. Teminsten 28 liken fan Amerikaanske soldaten, wêrûnder dat fan ferkenner Mitch Bouyer, waarden oantroffen yn of op in rjochte line nei in djip ravyn, dat de namme Deep Ravine krige, op sa'n 250 m ôfstân fan Custer Hill. Dat liket it plak te wêzen dêr't de slach wier einige is.

 
Tinkstien dy't it plak oanjout dêr't Custer syn gids en tolk Mitch Bouyer de dea fûn, op 45 m fan it Deep Ravine ôf.

Fuortsetting fan 'e slach

bewurkje seksje

Nei't se Custer syn fiif kompanjyen ferdylge hiene, wergroepearren de Yndianen har en setten se de oanfallen op Reno en Benteen en harren mannen fuort. It gejocht op en om Reno Hill hinne gie troch oant it jûns om 21.00 oere hinne tsjuster waard, en begûn de oare deis, op 26 juny, daliks wer by moarnsdage. It hold ek it grutste part fan dy dei noch oan. Dêrby wie foar de besingele kompanjyen op it klif de útkomst lange tiid ûnwis. Majoar Reno skreau it ôfslaan fan in swiere Yndiaanske oanfal, op 'e twadde dei fan 'e belegering, op it diel fan 'e liny dat bemanne waard troch de Kompanjyen H en M, ta oan it liederskip fan kaptein Benteen. Tsjin 'e ein fan 'e middei fan 26 juny koe fan Reno Hill ôf waarnommen wurde hoe't de Yndianen harren doarp opbrieken. Om dyselde tiid hinne holden de oanfallen op. De reden dêrfoar wie it neieroankommen fan 'e farske troepen fan generaal Terry en kolonel Gibbon. Dy arrivearren ier op 27 juny op it slachfjild en ûntsetten doe de detasjeminten fan Reno en Benteen. De ferwûnen op Reno Hill waard doe alle mooglike fersoarging bean, mar fiif fan harren beswieken letter noch oan 'e oprûne ferwûnings. Earder hie der mar ien sirurgyn foar harren beskikber west, dokter Henry R. Porter, mei't de haaddokter fan it rezjimint, George Edwin Lord, mei Custer omkommen wie, wylst in oaren, James Madison DeWolf, sneuvele wie ûnder Reno syn gaoatyske weromtocht oer de rivier.

De oankomst fan Terry en Gibbon brocht de flecht fan 'e Yndianen tewei. It grutte doarp waard halje-trawalje opbrutsen en de grutte kliber folk foel wer útinoar yn lytse troepen dy't har mei tûzen hasten út 'e fuotten makken en dêrby alle kanten út spatten. De Yndianen flechten de hiele nacht fan 26 op 27 juny troch om genôch ôfstân tusken harsels en de troepen fan Terry en Gibbon te skeppen. Mar de Amerikanen hiene oare saken oan 'e holle as om 'e Yndianen te efterfolgjen. Uteinlik soene se wraak nimme en it Yndiaanske ferset op 'e Grutte Flakten dêrby definityf brekke, mar foar it momint hiene se de hannen fol oan 'e fersoarging fan 'e oerlibbenen fan it 7e Kavaleryrezjimint en it op provisoaryske wize begraven fan 'e deaden. Dy waarden almeast fan klean en wapens ûntdien oantroffen, skalpearre en ritueel skeind. In jier letter waarden de liken fan Custer en syn ofsieren wer opgroeven en nei it Easten ferfierd om oan 'e djipdrôven oerdroegen te wurden, wylst de gewoane soldaten formeel werbegroeven waarden op it begraafplak fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild fan de Little Bighorn.

 
In obelisk dy't oprjochte is ta tinkteken oan 'e Amerikaanske sneuvelen, en dy't it plak oanjout dêr't alle soldaten neitiid werbegroeven binne.

It is nea persiis fêststeld hoefolle deaden oft der oan 'e Yndiaanske kant yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn foelen. De oantallen dy't neamd wurde, fariëarje sadwaande fan in minimum fan 36 oant in maksimum fan 300. Yn 'e regel wurdt in oantal fan 136 deaden en 160 ferwûnen oanholden, wat de oantallen binne dy't it Lakota-opperhaad Read Hynder yn 1877 neamde doe't er oer de slach befrege waard.

Oan 'e Amerikaanske kant wiene der 268 militêre deaden te betreurjen, wêrfan 16 ofsieren en 242 soldaten. Foar it 7e Kavaleryrezjimint as gehiel komt dat del op in stjertesifer fan 52%. De famylje Custer wie slim troffen, mei't net inkeld luitenant-kolonel George Armstrong Custer sneuvele wie, mar ek syn jongere bruorren kaptein Tom Custer, de befelfierder oer C Kompanjy, en Boston Custer, in fuorman. Ek Custer syn sweager luitenant James Calhoun, de kommandant fan L Kompanjy, en syn omkesizzer Autie Reed, in stâlfeint, hearden ta de deaden. Fierders wiene teminsten 9 Yndiaanske ferkenners sneuvele en ferskate fuorlju en oare boargers yn in ûnderstypjende funksje, wat it totaal oantal deaden oan 'e Amerikaanske kant op 280 bringt. Der wiene 55 militêre ferwûnen: 1 ofsier en 51 soldaten, mei dêropta noch teminsten 2 Yndiaanske ferkenners, yn totaal dus 57.

 
Comanche, it hynder fan kaptein Myles Keogh, dat de iennichste oerlibbene wie fan Custer syn lêste gefjocht op 'e heuveltop.

De iennichste oerlibbene fan Custer syn fiif kompanjyen liket Comanche west te hawwen, it slim ferwûne hynder fan kaptein Myles Keogh, dat neitiid op it slachfjild oantroffen waard troch de troepen fan generaal Terry (hoewol't men oannimme mei dat ek oare hynders yn libben bleaun wiene, mar troch de Yndianen fongen en meinommen wiene). Nei de slach waard Comanche troch it 7e Kavaleryrezjimint oannommen as in soarte fan maskotte, en sels by in formele legerseremoanje beneamd ta plakferfangend befelfierend ofsier fan it rezjimint.

De Slach oan de Little Bighorn ûntjoech him ta de bekendste episoade út 'e Flakte-Yndiaanske oarloggen, en George Armstrong Custer waard troch it publyk yn 'e Feriene Steaten, mar ek dêr bûten, lange tiid as in tragyske held sjoen, nettsjinsteande it feit dat militêre autoriteiten (ynkl. Custer syn eigen freonen, lykas generaal Philip Sheridan) gjin goed wurd oerhiene foar syn dryste hâlden en dragen, syn ôfwizing fan fersterkings, syn efterlitten fan 'e Gatling-mitrailleurs en de fersnipeling fan syn troepen op it slachfjild. Pas yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw, doe't de skiednis fan 'e Slach oan 'e Little Bighorn en de hiele kolonisaasje fan it Wylde Westen yn in objektiver ljocht besjoen waard, foel Custer fan syn fuotstik.

 
It tinkteken ûntwurpen troch keunstneresse Colleen Cutschall ta oantins oan 'e Yndiaanske deaden.

Yn 1878 waard troch it Amerikaanske Leger oan 24 soldaten de Medal of Honor útrikt foar betoande moed ûnder de belegering op it klif. It plak fan 'e fjildslach waard troch de Amerikaanske oerheid yn 'e oarspronklike steat beholden as in nasjonaal begraafplak, in status dy't it yn 1879 krige, om 'e grêven fan 'e soldaten dy't der sneuvele wiene, te beskermjen. Yn 1946 waard it omfoarme ta it Nasjonaal Monumint Slachfjild fan Custer (Custer Battlefield National Monument).

Neigeraden dat der, fan 'e 1960-er jierren ôf, mear erkenning kaam foar it feit dat de Slach oan 'e Little Bighorn twa siden hie, kaam men ta it besef dat dy namme net doogde. Sadwaande waard it monumint yn 1991 omneamd ta it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn (Little Bighorn Battlefield National Monument). Yn 1881 waard der in moarmeren obelisk pleatst as tinkteken foar de Amerikaanske deaden, en yn 1890 waarden moarmerne tinkstiennen tafoege dy't it plak oanjoegen dêr't yndividuële Amerikaanske soldaten sneuvele wiene. Yn 1991 waard in tinkteken foar de Yndiaanske deaden opsteld, en tusken 1999 en 2006 waarden tsien readgranitene tinkstiennen pleatst foar yndividuële Yndiaanske deaden op 'e plakken dêr't hja sneuvelen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Notes en Further reading, op dizze side.