Reade Mûtse
Reade Mûtse (Dakota: Iŋkpáduta, útspr.: [ĩk'pa:duta]; Ingelske oersetting: Red Cap (soms ek Red End, Scarlet Point of Inkpaduta neamd); de Dakota's, ±1797 – Manitoba, 1881) wie in opperhaad fan 'e Wahpekûte-substamme fan 'e Eastlike Dakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk út it gebiet bewesten de Grutte Marren en fan it easten fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie de lieder fan 'e Wahpekûte dy't yn 1857 it Bloedbad fan Spirit Lake oanrjochten, waard dêrom út syn heitelân ferdreaun en joech him doe by de Lakota. Hy rekke befreone mei it grutte opperhaad Sittende Bolle, en focht op hege jierren noch mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Amerikanen in grutte nederlaach tabrocht waard. Neitiid moast er de wyk nimme nei Kanada, dêr't er úteinlik ferstoar.
Reade Mûtse | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Iŋkpáduta | |
oare namme | Red Cap, Red End, Scarlet Point, Inkpaduta | |
berne | ±1797 | |
berteplak | ? (de Dakota's) | |
stoarn | 1881 | |
stjerplak | ? (Manitoba) | |
etnisiteit | Dakota-Sû (Sioux) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Wahpekûte | |
jierren aktyf | 1852 – 1881 |
Libben
bewurkje seksjeReade Mûtse waard om 1797 hinne berne yn 'e Dakota's, as de soan fan Swarte Earn (Waŋdisápa), in opperhaad fan 'e Wahpekûte-stamme fan 'e Eastlike Dakota. As bern rekke er besmet mei de pokken, dêr't yn dyselde snuorje ferskaten fan syn famyljeleden oan ferstoaren. Hy hold der slimme groeden yn it antlit oan oer. Nei't Swarte Earn fermoarde wie yn in ûnderling skeel binnen de troep, ferfearen syn folgelingen nei wat no de steat Iowa is, nei de krite om it hjoeddeistige Fort Dodge hinne.
De troep dêr't Reade Mûtse ta hearde, hie net mei de oare Wahpekûte yn 1851 it Ferdrach fan Mendota ûndertekene, wêrby't it lân yn noardwestlik Iowa oerdroegen wie oan 'e Feriene Steaten, en fielde him dêr dus ek net oan bûn. Yn 1852 waard it opperhaad fan 'e troep, Reade Mûtse syn âldere broer, mei njoggen oare famyljeleden fermoarde troch de dronken blanke keapman Henry Lott. Reade Mûtse gie mei de saak nei de Amerikaanske autoriteiten, mar dy lieten it gewurde.
Oan 'e ein fan 'e strange winter fan 1857 late Reade Mûtse syn úthongere troep wer nei Iowa ta, dêr't se op 8 maart yn 'e krite fan it Spirit Lake in rige oerfallen op blanke kolonisten útfierden. By dat saneamde Bloedbad fan Spirit Lake kamen 38 minsken om en namen de Dakota-krigers fjouwer blanke froulju finzen, trije dy't troud wiene en dêropta it fjirtjinjierrige famke Abbie Gardner. Hoewol't se hjitfolge waarden troch de Amerikanen, wisten Reade Mûtse-en-dy te ûntkommen, wêrby't se twa fan 'e froulju deadiene om't se it tempo net byhâlde koene. De trêde troude frou waard koarte tiid letter frijlitten, wylst it Amerikaanske regear Abbie Gardner yn 'e simmer fan 1858 frijkocht. Hja kearde werom nei hûs en skreau yn 1888 in boek oer har finzenskip by de Dakota, dat ferskate kearen werprinte waard.
Tsjin 'e tiid fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862, wêrby't de Eastlike Dakota yn 'e steat Minnesota tsjin 'e Amerikaanske oerhearsking yn opstân kamen, wie Reade Mûtse troch de Amerikanen (mei help fan Dakota-Yndianen dy't bang wiene om ûnder syn misdieden lije te moatten) al lang nei it westen ta ferdreaun. Sadwaande wied er by dat konflikt net belutsen. Nei de Amerikaanske oerwinning yn 'e Dakota-Oarloch waarden der twa strafekspedysjes yn it Dakota-territoarium útfierd, de iene yn 1863, ûnder generaal Henry Hastings Sibley, dy't de Dakota en harren westliker libjende sibben, de Lakota, yn in rige fjildslaggen fersloech, en de oare yn 1864, ûnder generaal Alfred Sully, dy't de Yndiaanske nederlaach foltôge yn 'e Slach by Killdeer Mountain. Syn tsjinstanners waarden dêrby oanfierd troch Reade Mûtse, Sittende Bolle en Gal.
Reade Mûtse en syn folgelingen loeken har doe noch fierder nei it westen werom, dêr't se har úteinlik by de Lakota joegen. Reade Mûtse rekke dêr goed befreone mei it ferneamde Hûnkpapa-opperhaad Sittende Bolle. Yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht er yn 'e âlderdom fan hast tachtich jier noch mei yn 'e beruchte Slach oan de Little Bighorn, dêr't de Yndianen it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer fierhinne ferdylgen. Doe't de Amerikanen dêrnei alles op alles setten om it Yndiaanske ferset op 'e Grutte Flakten de kop yn te drukken, wie Reade Mûtse úteinlik twongen om mei Sittende Bolle út te wiken nei Kanada, dêr't er yn 1881 yn 'e provinsje Manitoba kaam te ferstjerren, likernôch 84 jier âld.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |