Dakota-Oarloch fan 1862

Dakota-Oarloch fan 1862
(ûnderdiel fan 'e Sû-Oarloggen)

De oanfal op New Ulm.
datum: 17 augustus 1862 – ein septimber 1862
plak: súdlik Minnesota en de eastlike Dakota's
útkomst: definitive ûnderwerping fan 'e Eastlike Dakota en deportaasje út Minnesota
konfliktpartijen
Eastlike Dakota Feriene Steaten
befelhawwers
Lytse Krie
Grutte Earn
gen. John Pope
kol. Henry Hastings Sibley
ferliezen
150 deaden
38 lieders ophongen
460 finzenen
300 froulju en bern dea yn kampen
77 sneuvele soldaten
450-800 boargerdeaden
107 froulju en bern ûntfierd

De Dakota-Oarloch fan 1862, soms ek wol de Oarloch fan Lytse Krie (Little Crow's War) neamd, wie in wapene konflikt yn 'e simmer en it neijier fan 1862, tusken de Feriene Steaten en in diel fan 'e Eastlike Dakota yn it súdwesten fan 'e steat Minnesota. It wie eins gjin oarloch, mar in út need berne opstân, dy't oan tusken de 530 en 880 Amerikanen en 150 Dakota it libben koste, en einige mei de massale eksekúsje troch ophinging fan 38 Dakota-lieders.

Foarskiednis

bewurkje seksje

Yn 'e 1850-er jierren sleaten de Eastlike Dakota ûnder druk ferskate ferdraggen mei de Amerikaanske oerheid, wêrby't se harren foarâlderlike wengebiet yn súdeastlik Minnesota opjoegen yn ruil foar nij lân fierder nei it westen ta, yn súdwestlik Minnesota, en jierjilden dy't útkeard wurde soene yn eigentlik jild en ûnreplik guod. De blanken skeinden de ferdraggen lykwols oates en toates, en kearden de jierjilden te let of net folslein út, wylst de Yndiaanske aginten der gauris mei fraudearren.

Yn 1862, nei in mislearre rispinge folgjend op in winter wêryn't in protte Yndianen al de hongerdea stoarn wiene, kamen de jierjilden mar net. Yn dy needsitewaasje fregen de Dakota de blanke keaplju yn 'e krite om harren op 'e pof iten te ferkeapjen, dat dan letter mei de jierjilden betelle wurde kinne soe. De keaplju stegeren de ferhongerjende Yndianen lykwols kâldwei ôf, en ien fan harren, in Andrew Myrick, waard ferneamd troch syn útspraak dat as de Yndianen sa'n honger hiene, se mar gers ite moasten, of oars har eigen dong. (Hy waard letter dea weromfûn mei de mûle fol gers troppe.) Op 16 augustus kamen dan einlings de lang ferwachte jierjilden oan, mar tsjin dy tiid wie it te let, want krekt de oare deis kamen de Eastlike Dakota yn opstân.

 
It opperhaad Lytse Krie, ien fan 'e wichtichste oanfierders fan 'e Dakota.

Op 17 augustus 1862 waarden by in streuptocht nei iten yn Acton Township fiif blanke kolonisten deade. Fuort dêrnei rôpen de Eastlike Dakota in oarlochsrie byinoar, wêrby't se besleaten om te besykjen de blanken út harren lân te ferdriuwen. Under lieding fan û.m. Lytse Krie en Grutte Earn sette doe de opstân útein, mei in oanfal, op 18 augustus, op it Neder-Sû Agintskip (wêrby't û.o. Andrew Myrick deade waard). De krigers ferbaarnden de gebouwen dêre, mar lieten genôch tiid foar de measte kolonisten om mei it set oer de rivier de Minnesota te ûntkommen. Doe't de mei tûzen hasten optrommele Minnesotaanske boargermilysjetroepen en B Kompany fan it 5de Minnesotaanske Frijwillige Ynfanteryrezjimint arrivearren om it oproer de kop yn te drukken, waarden dy ferslein yn 'e Slach by Redwood Ferry. De hiele dei lang baarnden de Dakota boerespultsjes en lytse delsettinkjes bewesten de Minnesota plat, wêrby't withoefolle blanke kolonisten de dea fûnen, soms op grousume wize. De doarpen Milford Township, Leavenworth Township en Sacred Heart Township waarden besingele en brânskatte en de befolking suver folslein útrûge.

De oare deis, 19 augustus, waard de gruttere delsetting New Ulm oanfallen (de Slach by New Ulm), en fjouwer dagen letter nochris. Tsjin dy tiid hiene de ynwenners de strjitten barrikadearre en in wapene ferdigening organisearre, mar it slagge party Dakota om troch de linys te brekken en it plak fierhinne plat te baarnen, ek al koene se it net ynnimme. De bewenners waarden fuortsterke troch milysjetroepen út 'e omkriten en twa kompanjyen fan it 5de Minnesotaanske Frijwillige Ynfanteryrezjimint dat yn it tichteby leine Fort Ridgeley stasjonearre wie. Op 20 en 22 augustus foelen de Dakota it fort sels oan (de Slach by Fort Ridgeley), mar waarden dêrby weromslein troch de Amerikaanske troepen, dy't, hoewol't se fier yn 'e minderheid wiene, beskikten oer kanonnen. Wol wisten de Yndianen de kommunikaasje tusken en de oanfier fan nije fersterkings nei New Ulm ôf te snijen, en op 21 augustus lokken se in ûntsettingsmacht dy't ûnderweis wie nei it stedsje yn in mûklaach.

 
Blanke kolonisten op 'e flecht foar it geweld.

Tsjinoanfallen fan 'e Minnesotaanske steatsmilysje resultearren op 2 septimber yn in slimmen nederlaach foar de Amerikanen yn 'e Slach by Birch Coulee, wêrby't 13 soldaten omkamen en 47 ferwûne rekken, wylst de Dakota mar twa deaden te betreurjen hiene. Tsjin dy tiid hie it fjochtsjen him útwreide nei it easten fan it oangrinzgjende Dakota-territoarium en nei sintraal Minnesota, dêr't de Yndianen ferskate ûnbeskerme postkoetshaltes en rivierfurden oanfoelen, mar weromslein waarden yn 'e Slach by Fort Abercrombie doe't se besochten en nim Fort Abercrombie yn.

Om't de Dakota-Oarloch midden ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) foel, hie it bestjoer fan Minnesota der klauwen oan om help fan bûten de steat te krijen. Pas op 6 septimber beneamde presidint Abraham Lincoln generaal John Pope as befelfierder fan in troepemacht dy't de opstân delslaan moast. Pope krige ûnder syn befel de 3de, 4de, 6de en 7de Minnesotaanske Frijwillige Ynfanteryrezjiminten, wylst de kompanyen fan 'e 9de en 10de Minnesotaanske Frijwillige Ynfanteryrezjiminten, dy't noch yn 'e formaasjefaze ferkearden, nei it front ta stjoerd waarden sadree't se foarme wiene. Alexander Ramsey, de gûverneur fan Minnesota, beneamde fierders syn foargonger, kolonel Henry Hastings Sibley, as befelhawwer oer de Minnesotaanske steatsmilysje en ienheden fan 'e steatsmilysje fan Iowa, dy't de súdgrins fan Minnesota oerkommen wiene. Nei't op dy manear einlings in gruttere Amerikaanske legermacht gearbrocht wie, fûn it lêste grutskalige treffen op 23 septimber plak, yn 'e Slach by Wood Lake. Dêrby litten de Dakota in ferpletterjende nederlaach.

Neitiid joegen de measte krigers harren oer te Camp Release ("Kamp Frijlitting"), dat sa neamd waard om't de Dakota dêr 107 blanke finzenen, meast froulju en bern, en 162 lju fan mingd etnysk komôf ("healbloeden") frijlieten (al stelle moderne histoarisy dat der ûnder de "healbloeden" foar 't neist hiel wat bern fan Dakota-froulju wiene dy't by har oanset wiene troch blanke manlju). Guon krigers, mei ûnder harren ek Lytse Krie, ûntkamen oer de Kanadeeske grins. (Lytse Krie waard in jier letter deade, doe't er weromkearde nei Minnesota om hynders te stellen.)

 
Tekening fan 'e massale ophinging fan 'e 38 foaroanmannen fan 'e Dakota, op 26 desimber 1862 te Mankato.

Al mei al wiene der yn 'e Dakota-Oarloch 450 oant 800 Amerikaanske boargers om it libben kommen, wylst 77 soldaten sneuvele wiene, wat it totaal oantal deaden oan Amerikaanske kant op 530 oant 880 bringt. Fan 'e Eastlike Dakota wiene likernôch 150 krigers en non-kombattanten omkommen.

De Dakota dy't har oerjûn hiene, waarden fêstholden oant se yn novimber 1862 foar de kriichsrie brocht wurde koene. Der waarden tsjin 498 krigers prosessen fierd, wêrfan 425 foar moard en/of ferkrêfting. Yn 303 fan dy 425 gefallen waard de beklage ta de dea feroardiele. It wie in showproses, wêrby't de beklagen, dy't oer it algemien gjin of mar breklik Ingelsk sprieken, neat útlein waard oer de gong fan saken, en harren in abbekaat en it opfieren fan eigen tsjûgen willensmoeds ûntholden waard. Guon fan 'e prosessen wiene mei fiif minuten klear. It foel letter oan presidint Lincoln sels ta om eigenhandich alle saken nei te rinnen om ûnderskie te meitsjen tusken dejingen dy't oarlochsmisdieden tsjin 'e boargerbefolking begien hiene en dejingen dy't inkeld de Feriene Steaten beoarlogge hiene.

 
De frou en twa fan 'e bern fan Lytse Krie kriichsfinzen te Fort Snelling, by Minneapolis.

Henry Benjamin Whipple, de episkopaalske biskop fan Minnesota, stjoerde de presidint in iepen brief wêryn't er frege om kleminsje foar de feroardiele Yndianen. Oan 'e oare kant krongen lju as generaal Pope, gûverneur Ramsey en Morton S. Wilkinson, de senator foar Minnesota, derop oan om gjin begrutsjen te toanen, mei't de Minnesotaanske befolking dat net akseptearje soe. Lykwols sette Lincoln úteinlik de deastraf fan 'e measte Yndianen om yn in finzenisstraf, mar 38 foaroanmannen fan 'e Dakota waarden op 26 desimber 1862 tagelyk ophongen te Mankato, yn wat noch altyd de grutste massa-eksekúsje út 'e Amerikaanske skiednis is. Sa't al foarsein wie, briek yn Minnesota opskuor út om't net àlle Yndiaanske lieders ophongen wiene, en dy hold oan oant it spul delbêde waard mei it ûnthjit dat it Amerikaanske regear fjouwer jier lang de neffens de ferdraggen ferskuldige jierjilden net oan 'e Dakota mar oan 'e blanke slachtoffers en harren djipdrôven útbetelje soe. Likegoed die Lincoln syn Republikeinske Partij it yn Minnesota min by de ferkiezings fan 1864. Ald-gûverneur Ramsey, dy't tsjin dy tiid senator wurden wie, sei tsjin 'e presidint dat er in grutter part fan it elektoraat oan him bine kinnen hie as er mear Yndianen ophongen hie. Lincoln antwurde him: "It kin net lije en hingje minsken op om stimmen te winnen."

De oare finzene Dakota bleaune dy winter yn it tichthûs yn Minnesota. Yn 'e maityd fan 1863 waaren se oerbrocht nei Kamp McClellan, yn Iowa, dêr't mear as de helte fan harren omkaam foar't de rest jierren letter úteinlik nei de reservaten stjoerd waard. De measten bedarren yn it Santy Yndianereservaat fan Nebraska, hoewol't in stikmannich famyljes letter in mienskip yn Súd-Dakota stifte, dy't him yn 'e tweintichste iuw ûntjoech ta it Flandreau Yndianereservaat.

 
It tinkteken foar de Slach by Wood Lake.

Underwilens hie de opstân ek grutte gefolgen foar de Eastlike Dakota dy't net meifochten hiene. Fan 'e ein fan 1862 oant yn maaie 1863 waarden mear as 1.600 Dakota-froulju, -bern en -âlderein fêstholden yn in ynternearringskamp op Pike Island, by Fort Snelling, net fier fan Minneapolis. Troch de abominabele libbensomstannichheden yn it kamp kamen mear as 300 fan harren om. Yn april 1863 hefte it Amerikaanske Kongres hast alle reservaten yn súdlik Minnesota op, ferklearre alle ferdraggen mei de Eastlike Dakota fan nul en gjinderlei wearde, en sette útein mei wetjouwing dy't de ferdriuwing fan alle Dakota út Minnesota regelje moast. De iennichste útsûndering waard makke foar 208 Mdewakanton-famyljes, dy't har folslein ôfsidich holden hiene of blanke kolonisten holpen hiene. De neiteam fan dat lytse groepke bewennet de fjouwer miniskule Dakota-reservaatsjes dy't hjoed de dei noch yn súdlik Minnesota besteane. Foar de rest waard der in preemje fan $25 ynsteld foar de skalp fan lykfol hokker Dakota dy't him tsjin ein 1863 noch yn Minnesota befûn. Yn maaie 1863 waarden de oerlibbenen fan Pike Island mei steamboaten út har heitelân wei deportearre nei it westen, dêr't se yn it Dakota-territoarium yn it Crow Creek Yndianereservaat bedarren.

Guon fan 'e Dakota-krigers hiene har net oerjûn, mar ynstee út eigen beweging de wyk nommen nei it Dakota-territoarium, dêr't se har by de troep fan Reade Mûtse joegen, in beruchte kriichslieder fan 'e Wahpekûte-substamme fan 'e Eastlike Dakota, dy't al earder út Minnesota ferdreaun wie. Amerikaanske troepen, ûnder kolonel Henry Hastings Sibley, hjitfolgen har en fersloegen de Dakota en harren westliker libjende sibben, de Lakota, yn 'e simmer fan 1863 yn fjouwer fjildslaggen by Big Mound, Dead Buffalo Lake, Stony Lake en Whitestone Hill. Yn 1864 folge in twadde Amerikaanske militêre ynfal yn it Dakota-territoarium, wêrby't generaal Alfred Sully de Dakota en Lakota fersloech yn 'e Slach by Killdeer Mountain. Dy beide strafekspedysjes wiene de opmjitte foar de Flakte-Yndiaanske Oarloggen mei de Lakota, dy't fuort letter yn alle ferheftichheid losbarste soene.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.