Flandreau Yndianereservaat
It Flandreau Yndianereservaat (Ingelsk: Flandreau Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota (Flandreau Santee Sioux Tribe of South Dakota) yn it easten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, yn Moody County.
Flandreau Yndianereservaat Flandreau Indian Reservation | ||
It Súddakotaanske steatskongreslid Stephanie Herseth Sandlin begroetet Yndiaanske dûnsers op 'e powwow yn it Flandreau Reservaat yn 2005. | ||
polityk | ||
haadplak | Flandreau (Súd-Dakota) | |
stamme | Flandreau Santy Sû Stamme | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Súd-Dakota | |
sifers | ||
ynwenners | 726 (2000) | |
oerflak | 20 km² | |
bef.tichth. | 36,3 / km² | |
oar | ||
stifting | 1934 | |
tiidsône | UTC-6 | |
simmertiid | UTC-5 | |
webside | www.santeesioux.com | |
kaart | ||
Yndianereservaten yn 'e steat Súd-Dakota. Flandreau is werjûn yn read. |
Algemien
bewurkje seksjeNeffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe likernôch 730 minsken yn it reservaat. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Flandreau, dat feitliken fuort bûten it reservaat leit. It Flandreau Reservaat hat in oerflak fan 20 km², wêrmei't it fierwei it lytste reservaat fan Súd-Dakota is.
Skiednis
bewurkje seksjeDoe't nei de bloedige Dakota-Oarloch fan 1862 hast alle Eastlike Dakota út har foarâlderlike heitelân yn súdlik Minnesota ferdreaun waarden, kamen de measten yn Súd-Dakota terjochte. Dêr bedarren se yn it Crow Creek Yndianereservaat, dêr't tusken 1863 en 1865 likernôch 1.300 fan harren omkamen fan honger en kjeld.
In grutte kloft fan harren waard yn 1866 tastien om har yn it Santy Yndianereservaat yn Nebraska te fêstigjen. Yn 1869 keazen 25 famyljes der lykwols foar om harren rjocht op ûnderhâld troch de Amerikaanske oerheid op te jaan en gewoane boargers te wurden. Se setten harren op in klútsje nei wenjen yn it easten fan Súd-Dakota, dêr't hjerstmis datselde jiers nochris 15 famyljes har by har joegen.
Pas 65 jier letter waard de sa ûntstiene boerekoloanje ûnder de Yndiaanske Reorganisaasjewet fan 1934 organisearre as in federaal erkende stamme. Datselde jiers waard ek it Flandreau Reservaat stifte. Sûnt de tachtiger jierren hat de Flandreau Santy Sû Stamme, krekt as in protte oare Yndianestammen, in eigen kasino yn syn reservaat sette litten, mei't dat útsûndere is fan it Súddakotaanske steatsferbod op gokken. Hast alle stammeleden, sa'n 730 fan 'e 740, wenje no yn it reservaat, dêr't se benammentlik wurkje yn it Royal River Casino.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |