Santy Sû Naasje
De Santy Sû Naasje (Ingelsk: Santee Sioux Nation; Dakota: Isáŋyathi Oyáte, útspr.: [i'sã:jatʰi o'ja:te], likernôch: "y-saanj-at-hy oo-jaa-tee"), foarhinne bekend as de Santy Sû Stamme fan Nebraska (Santee Sioux Tribe of Nebraska), is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Nebraska.
Santy Sû Naasje | ||
Ingelsk | Santee Sioux Nation | |
lânseigen | Isáŋyathi Oyáte | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Nebraska | |
haadkertier | Niobrara (Nebraska) | |
etnisiteit | Eastlike Dakota | |
ledetal | 2.700 (2013) | |
oprjochting | 1863 | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Santy Yndianereservaat | |
lokaasje | noardeastlik Nebraska | |
oerflak | 447,8 km² | |
ynwennertal | 880 (2000) | |
offisjele webside | ||
www.santeedakota.org | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Nebraska.
|
Algemien
bewurkje seksjeDe organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1863, hat 2.700 leden, en it haadkertier is fêstige yn Niobrara, yn Nebraska. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux), allegearre Eastlike Dakota fan 'e Mdewakanton- en Wahpekûte-stammen. De Santy Sû Naasje foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.
Reservaat
bewurkje seksjeIt reservaat fan 'e Santy Sû Naasje is it Santy Yndianereservaat (Santee Indian Reservation) fan noardlik Nebraska, dat in oerflak hat fan krapoan 450 km², en dêr't yn 2000 likernôch 880 minsken wennen. It haadkertier fan 'e stamme, Niobrara, leit bûten it eigentlike reservaat; de grutste bewenne kearn ýn it reservaat is it doarp Santee.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |