Pine Ridge Yndianereservaat

It Pine Ridge Yndianereservaat (Ingelsk: Pine Ridge Indian Reservation; Lakota: Wazí Aháŋhaŋ Oyáŋke, útspr.: [wa'zi: a'hã:hã o'jã:ke]) is it reservaat fan 'e federaal erkende Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota (Oglala Sioux Tribe of the Pine Ridge Reservation of South Dakota). It leit yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, oan 'e noardgrins fan Nebraska. It Pine Ridge Yndianereservaat, dat stifte waard yn 1889, is ien fan 'e earmste gebieten fan 'e Feriene Steaten, dêr't de befolking te kampen hat mei alkoholisme, sûnensswierrichheden en húslik geweld.

Pine Ridge Yndianereservaat
Pine Ridge Indian Reservation
De rotsige tafellannen fan 'e Badlands, yn it noarden fan it Pine Ridge Reservaat.
De rotsige tafellannen fan 'e Badlands, yn it noarden fan it Pine Ridge Reservaat.
polityk
haadplak Pine Ridge (Súd-Dakota)
stamme Oglala Sû Stamme
lân Feriene Steaten
steat Súd-Dakota
sifers
ynwenners 28.700 (2000)
oerflak 8.984,3 km²
bef.tichth. 3,2 / km²
oar
stifting 1889
tiidsône UTC-7
simmertiid UTC-6
kaart
De rotsige tafellannen fan 'e Badlands, yn it noarden fan it Pine Ridge Reservaat.
Yndianereservaten yn 'e steat Súd-Dakota. Pine Ridge is werjûn yn read. De fersnipele bûtenreservaatske beheargebieten binne werjûn yn rôs.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe goed 15.500 minsken yn it reservaat, mar neffens in ûndersyk fan 'e Steatsuniversiteit fan Kolorado út datselde jier (dat as wier akseptearre waard troch it Amerikaanske Ministearje fan Folkshúsfêsting en Stedsûntjouwing) telde it Pine Ridge Reservaat doe krapoan 29.000 minsken.

It Pine Ridge Reservaat beslacht Oglala Lakota County (foarhinne Shannon County) yn syn gehiel, en ek de súdlike helte fan Jackson County. Dêropta binne der útstrutsen bûtenreservaatske beheargebieten, benammentlik yn it noardwesten fan it oanswettende Bennett County, mar ek yn 'e rest fan dy county (dy't trouwens oant 1910 yn syn gehiel diel útmakke fan it reservaat). Fierders binne der ek fersprate lapkes beheargebiet yn 'e omkriten fan Whiteclay, yn Sheridan County, yn 'e steat Nebraska.

It reservaat hat in oerflak fan hast 9.000 km² (en is dêrmei yn grutte it njoggende reservaat fan 'e Feriene Steaten, mei mear lân as de steaten Delaware en Rhode Island tegearre). Dêrby giet it lykwols foar in tige grut part om rotsige tafellannen (mesa's), lykas de Badlands, in nasjonaal park dat foar de helte yn it noarden fan it reservaat leit. Net mear as 340 km² (oftewol 3,8% fan it oerflak fan it reservaat) is gaadlik foar it bedriuwen fan lânbou. It haadplak (en grutste plak) is Pine Ridge, oan 'e grins mei Nebraska, dêr't it reservaat nei neamd is en dêr't sawol it haadkertier fan 'e stamme-organisaasje as it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fêstige is. Der binne njoggen lytsere wenkearnen yn it reservaat, wêrûnder Wounded Knee, dêr't yn 1890 it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee plakfûn, en Porcupine, de útstelde haadstêd fan 'e ûnôfhinklike Republyk Lakota.

It Pine Ridge Reservaat makke oarspronklik diel út fan it Grutte Sû-reservaat yn westlik Súd-Dakota, dat yn 1868 stifte waard. Nei de nederlaach fan 'e Lakota yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan lykwols troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Pine Ridge ien wie. It sintrum fan dit nije reservaat wie it oarspronklike Reade Wolk-agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), dat yn 1878 te Pine Ridge fêstige wie. Yn 1890 fûn yn it reservaat it Bloedbad fan Wounded Knee plak, wêrby't Amerikaanske militêren 350 foartiid ûntwapene oanhingers fan 'e geastedûnsreligy, besteande út manlju, froulju en bern, ôfslachten. Dit barren markearre de ein fan 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen.

 
In massagrêf nei it Bloedbad fan Wounded Knee, yn 1890.

Fan 1882 oant 1904 wie de saneamde Whiteclay Extension ("Utwreiding fan Whiteclay") ûnderdiel fan it Pine Ridge Reservaat. Dat wie in tsien myl brede en fiif myl djippe stripe lân by it plak Pine Ridge, krekt oer de grins mei Nebraska, dy't as in buffersône fungearje moast tsjin blanke sutelders dy't ferbeane messen, fjoerwapens en alkohol yn it reservaat ferkeapje woene. Yn 1910 bepaalde it Amerikaanske Kongres dat Bennett County losmakke wurde moast fan it Pine Ridge Reservaat, sadat de grûn dêre ferkocht wurde koe oan blanke kolonisten. Yn 1942 stifte it Amerikaanske Loftmacht de Badlands Bombing Range, in militêr oefen- en sjitterrein, troch sa'n 1.383 km² fan it reservaat op te foarderjen, wêrby't priveegrûn ûnteigene en mienskiplik stammelân twongen pachte waard. Dêrby waarden 125 gesinnen út harren hûs set. Sûnt 1960 hat de loftmacht dielen fan it gebiet weromjûn, en yn 1968 waard ûnder Iepenbiere Wet 90-468 krapoan 819 km² weromjûn, mar de loftmacht beset noch altyd in stik lân yn it reservaat, it saneamd Air Force Retained Area.

Sûnt de ein fan 'e jierren sechtich is der in oplibbing fan 'e Lakota-kultuer ûntstien, dy't ek laat hat ta aktivisme fan yn 't earstoan fral jonge Lakota, dy't har sterk makken foar bettere libbensomstannichheden en dêrnjonken harren boargerrjochten opeasken. Ien fan 'e meast dramatyske ynsidinten wie datoangeande de belegering fan it plakje Wounded Knee, yn Súd-Dakota, dêr't yn 1890 it alderlêste ferset fan 'e Lakota yn bloed smoard wie. Sa'n twahûndert Oglala-Lakota en oare leden fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) holden Wounded Knee yn 1973 fan 27 febrewaris oant 8 maaie beset, en trochstiene dêrby 71 dagen lang it belis troch de FBI en de United States Marshals Service. Oan 'e kant fan 'e AIM foelen twa deaden en trettjin ferwûnen, wylst der oan 'e kant fan 'e oerheidstsjinsten twa lju ferwûne rekken.

Earmoede en maatskiplike efterstannen

bewurkje seksje

It Pine Ridge Reservaat heart tsjintwurdich ta de earmste gebieten fan 'e Feriene Steaten. Neffens sifers út 2011 is 80% fan 'e ynwenners fan it reservaat wurkleas (tsjin 10% nasjonaal); 49% libbet ûnder de earmoedegrins (en fan dy 49% is 61% jonger as 18 jier); 85% fan 'e gesinnen hat te krijen mei alkoholisme; it poppestjertesifer is yn it Pine Ridge Reservaat 5 kear sa heech as it nasjonaal gemiddelde; it oantal amputaasjes feroarsake troch sûkersykte leit 3 oant 4 kear sa heech as nasjonaal; en it tal stjergefallen fanwegen sûkersykte is 3 kear heger as nasjonaal. De libbensferwachting yn it reservaat wie yn 2007 48 jier foar manlju en 52 jier foar froulju. In protte húshâldings hawwe gjin elektrisiteit, wetterlieding, oansluting op it rioel of tillefoan. Houtkachels wurde noch rûnom brûkt, en dat wylst der yn it reservaat suver gjin hout mear te besetten is. Sûnensswierrichheden dy't gauris foarkomme, binne bgl. klinyske depressiviteit, alkoholisme, drugsferslaving, ûnderfieding en sûkersykte.

Fral alkoholisme is yn it Pine Ridge Reservaat skearing en ynslach, wat wer ta oare misstannen liedt, lykas plichtsfersom, ferwaarleazging (fan bern, húsdieren, ensfh.) of húslik geweld. De reservaatsplysje rûst dat 90% fan 'e misdie yn Pine Ridge yn ferbân stiet mei de konsumpsje fan alkohol. Fan 1832 oant 1953 wie alle ferkeap fan alkohol oan Yndianen by de wet ferbean, al joech dat net folle. Presidint Dwight D. Eisenhower joech de stammen yn 1953 sels it foech om alkohol al of net te ferbieden yn harren reservaten. Yn Pine Ridge bleau it ferbod doe fan krêft. Yn in referindum yn 2004 waard dat nochris befêstige, mar yn augustus 2013 stimden de kiezers yn in nij referindum foar in ein oan 'e drûchlizzing, sadat de stamme de aksynzen brûke kin foar de striid tsjin alkoholisme.

De alkohol waard nammentlik dochs it reservaat wol ynsmokkele, benammentlik út Whiteclay, yn Nebraska, in útbuorren fuort bûten de reservaatsgrinzen, mei in ynwennertal fan mar 12 minsken, mar dêr't 4 sliterijen fêstige binne, dy't yn 2010 mei-inoar mear as 4,9 miljoen blikken bier (fan 336 ml) ferkochten, frijwol útslutend oan bewenners fan it Pine Ridge Reservaat. Sûnt 1999 hawwe aktivisten fan it reservaat, de Amerikaanske Yndiaanske Beweging en de organisaasje Nebraskans for Peace krewearre om it near te lizzen op 'e drankhannel yn Whiteclay, mar dat is oant op 't heden net slagge.

 
De swartpoatmurd.

Der bestiet net folle ekonomyske bedriuwichheid yn it Pine Ridge Reservaat, en yndustry komt der alhielendal net foar. Likemin binne der banken of foardielwinkels, en hoewol't de ynwenners jiers $80 miljoen oan Amerikaanske federale útkearings ûntfange, lykas bystân of feteranepinsjoenen, jouwe se frijwol al dat jild bûten it reservaat út, sadat de pleatslike ekonomy der neat better fan wurdt. De grutste wurkjouwers binne de stamme-organisaasje sels, it Oglala Lakota Kolleezje (de middelbeare skoalle), it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), en de klinyk fan 'e U.S. Indian Health Service. 70% fan alle banen yn it reservaat wurde ferfolle troch froulju, en yn 'e skoallen is dat 90%. Fan alle bern dy't de middelbere skoalle ôfmeitsje, bestiet 68% út famkes.

Ien ûndernimming dy't wol jild yn 't laadsje bringt, is it kasino dat de stamme yn it reservaat sette litten hat, mei't reservaatlân bûten it Súddakotaanske steatsferbod op gokken falt. It Prairie Wind Casino sette yn 1994 útein, en wie yn 't earstoan húsfêste yn trije grutte steancaravans. Yn 2007 kaam it ree yn syn hjoeddeistige foarm, mei in nijbou dy't $20 miljoen koste, ynklusyf in hotel mei 78 keamers en in lúks restaurant. It kasino biedt no wurk oan 250 lju, dy't foar it meastepart ôfkomstich binne út it reservaat. Oare toeristyske trekpleisters yn Pine Ridge binne it tinkteken foar it Bloedbad fan Wounded Knee; it besikerssintrum (White River Visitor Center) by it Nasjonaal Park de Badlands, dat ek in wiidferneamd paleontologysk fynplak is fan dinosaurusfossilen; en fierders de pleatslike fauna. Sa komme der yn it reservaat wylde bizons, gaffelantilopes en swartsturtprêrjehûnen foar, en teffens in koloanje seldsume, want uterst bedrige, swartpoatmurden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota