Wahpeton Dakota Naasje

(Trochferwiisd fan Wahpeton Dakota Reservaat)

De Wahpeton Dakota Naasje (Ingelsk: Wahpeton Dakota Nation; Eastlik Dakota: Waȟpéthuŋwaŋ Dakhóta Oyáte, útspr.: [waχ'pe:tʰũwã da'kʰo:ta o'ja:te]) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Saskatchewan. De stamme wurdt ek wol de Wahpeton Dakota Earste Naasje (Wahpeton Dakota First Nation) neamd, en hiet oarspronklik de Round Plains Earste Naasje (Round Plains First Nation). ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Wahpeton Dakota Naasje waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1878, en hie neffens gegegevens út 2006 428 leden. It haadkertier is fêstige yn Prince Albert, yn Saskatchewan. De leden fan 'e Wahpeton Dakota Naasje besteane út etnyske (Sioux), nammentlik Eastlike Dakota fan 'e Wahpeton-stamme, al hat der yn 'e tweintichste iuw in protte ferminging west mei de oanbuorjende Kry (Cree).

Wahpeton Dakota Naasje
Ingelsk Wahpeton Dakota Nation
lânseigen Waȟpéthuŋwaŋ Dakhóta Oyáte
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Saskatchewan
haadkertier Prince Albert (Saskatchewan)
etnisiteit Eastlike Dakota
ledetal 430 (2006)
oprjochting 1878
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Wahpeton Dakota Reservaat
lokaasje sintraal Saskatchewan
oerflak 151/2 km²
ynwennertal 270 (2006)
offisjele webside
www.wahpetondakotadev.com
kaart
Wahpeton Dakota Naasje (Saskatchewan)
Wahpeton Dakota Naasje
Lokaasje yn Saskatchewan.

De Wahpeton Dakota Naasje hat in eigen reservaat, te witten: it Wahpeton Dakota Reservaat (Wahpeton Dakota Reserve), dat foarhinne it Round Plains Reservaat (Round Plains Reserve) hiet. It hat in oerflak fan 15½ km², en fan 'e krapoan 430 stamleden wennen der yn 2006 270. De wichtichste delsetting yn it reservaat is sitewearre op 53°26′09″ noarderbreedte by 105°88′01″ westerlingte. De lju fan 'e Wahpeton Dakota Naasje beskreppe harren bestean oer it algemien as lânbouwers, feehâlders en deihierarbeiders, mar steane ek bekend as knaphandige houtfikers.

De stamme hat û.m. syn eigen brânwacht en in eigen legere skoalle (de Wahpeton Elementary School), dêr't de Dakota-taal, -muzyk, -sang en -dûns in yntegraal ûnderdiel fan 'e learstof foarmje. Fierders is de organisaasje foar in diel eigner fan 'e Prince Albert Development Corporation (in ûntwikkelingsmaatskippij), de Prince Albert Inn (in herberge), de South Hill Health Clinic (in klinyk) en it Northern Lights Casino (in kasino). Mei de Meadow Lake Stammeried en de Peter Ballantyne Kry Naasje hawwe se ek trije Super 8-motels yn besit. Simmerdeis hâldt de stamme in wiid ferneamde powwow (folksgearkomste), dêr't ynternasjonaal bekende sjongers en dûnsers optrede. De Wahpeton Dakota Naasje heart ta de Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan, in yntertribaal gearwurkingsferbân.

De Wahpeton Dakota Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik Saskatchewan en Manitoba, dy't dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e Amerikaanske steat Minnesota wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Saskatchewan en Manitoba, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.

De Wahpeton Dakota Naasje krige yn 1878 yn Kanada formele erkenning as in "earste naasje". Fanwegen de help dy't de foarâlden fan 'e troep de Britten bean hiene yn 'e Oarloch fan 1812, tsjin 'e Amerikanen, waard harren troch kening George III in saneamde Ferdrachsmedalje (Treaty Medal) takend, dy't tsjintwurdich yn brûklien is by it Histoarysk Museum fan Prince Albert, en inkeld foar spesjale gelegenheden nei it reservaat ta brocht wurdt. De Wahpeton Dakota Naasje waard yn 1918 swier troffen troch de Spaanske gryp: fan 'e likernôch 300 stamleden oerlibben mar in stik as 30 de epidemy. Neitiid waard der mei de nei-oan wenjende Kry-stammen in protte yninoar omtroud, en hoewol't de Wahpeton Dakota Naasje noch altyd in sterke Dakota-identiteit beholden hat, binne in protte fan 'e leden eins foar de helte of noch mear fan Kry-ôfstamming.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota