Manitoba is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It leit yn it middensuden fan it lân, en heart ta de regio's fan 'e Kanadeeske Prêrjes en Westlik Kanada. De provinsje is wat oerflak oanbelanget ien fan 'e middenmoaters ûnder de Kanadeeske gewesten, mei 6,5% fan it nasjonaal grûngebiet. Manitoba stiet bekend om syn wetterrike lânskip, mei withoefolle rivieren en marren. De haadstêd, Winnipeg, is de op sân nei grutste stêd fan it lân. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Manitoba doe likernôch 1,2 miljoen ynwenners, wat delkomt op 3,6% fan 'e totale Kanadeeske befolking.

Manitoba
Manitoba
flagge wapen
Latyn: Gloriosus et liber ("Glorieus en frij")
lokaasje yn Kanada
algemien
ôfkoarting MB
lân Kanada
status (jier) provinsje (1870)
haadstêd Winnipeg
grutste stêd Winnipeg
offisjele taal Ingelsk,
Frânsk (beheinde off. status)
sifers
ynwennertal 1.208.268 (2011)
befolkingstichtens 2,2 / km²
oerflak 649.950 km² (ynkl. wetter)
548.360 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -6
webside www.gov.mb.ca

Fan 'e namme "Manitoba" leaud men dat dy ôflaat is fan 'e oantsjutting manitu-wapow, út 'e taal fan 'e Kry-Yndianen, of fan manidoobaa, út 'e taal fan 'e Odjibwe, dat beide "de strjitte fan Manitu" betsjut en ferwize soe nei in plak dat no The Narrows ("De Ingte" of "It Nau") neamd wurdt, yn 'e midden fan 'e Manitobamar. Manitu, of yn 'e Frânske stavering Manitou, is de Grutte Geast (de wichtichste godheid) fan 'e Algonkwynske folken.

 
Lânkaart fan Manitoba mei syn marren en grutste stêden.

Manitoba hat in oerflak fan 649.950 km², wêrfan't 548.360 km² út lân bestiet en 101.593 km² út wetter. De provinsje grinzget yn it westen oan 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan en yn it easten oan 'e provinsje Ontario. Yn it noarden wurdt Manitoba begrinzge troch it territoarium Nûnavût, wylst it yn it noardeasten oan 'e kust fan 'e Hudsonbaai leit (Manitoba is de iennichste Kanadeeske prêrjeprovinsje dy't oan see leit). Yn it suden, ta einbeslút, swettet it oan 'e Feriene Steaten, om persiis te wêzen de steaten Noard-Dakota en Minnesota.

Yn it súdlike diel fan Manitoba wennet fierwei it grutste diel fan 'e befolking. Dêr lizze alle gruttere stêden, lykas de haadstêd Winnipeg, en dat is teffens it iennichste diel fan 'e provinsje dêr't lânbou mooglik is. De midden fan Manitoba wurdt dominearre troch de Winnipegmar, de op njoggen nei grutste swietwettermar fan 'e wrâld. Oare grutte marren binne de Manitobamar en de Winnipegosismar. De provinsje omfiemet feitliks mear as 110.000 marren, dy't mei-inoar 15,6% fan it grûngebiet foarmje. Utsein it uterste súdlike puntsje wetteret it hiele gebiet ôf yn 'e Hudsonbaai, fia de rivieren de Nelson en de Churchill. It heechste punt fan 'e provinsje is de Baldy Mountain, mei in hichte fan 832 m.

Foar de komst fan 'e blanken waard it grûngebiet fan Manitoba bewenne troch ferskate Yndiaanske folken, wêrûnder de Odjibwe (Ojibwe), Kry (Cree), Tsjippewaien (Chipewyan), (Sioux), Mandan en Assiniboin (Assiniboine). De earste Jeropeaan dy't Manitoba berikte, wie de Ingelsman Henry Hudson, dy't yn 1611 op 'e kust fan 'e nei him ferneamde Hudsonbaai lâne. In jier letter berikte de Ingelske ûntdekkingsreizger Thomas Button oer lân súdlik en sintraal Manitoba.

 
Clay Banks, by Cartwright, in buffalo jump, wêr't Yndianen yn it ferline bizons bejagen troch se oer it klif te driuwen.

Yn 1670 waard de Britske Hudsonbaaikompanjy oprjochte, dy't fan it Ingelske en letter Britske regear de folsleine sizzenskip krige oer it hiele ôfwetteringsgebiet fan 'e Hudsonbaai. Dat gebiet krige de namme Rupertslân, nei prins Rupert (of Ruprecht) fan 'e Ryn, dy't holpen hie om 'e Hudsonbaaikompanjy fan startkapitaal te foarsjen. Frânske ûntdekkingsreizgers en pelskeaplju krongen fanôf de 1730-er jierren yn Manitoba troch, en fan dy tiid ôf krige de Hudsonbaaikompanjy konkurrinsje fan 'e Noardwestlike Kompanjy út Montreal. De rivaliteit mûne fan en ta út yn geweld, oant de Noardwestlike Kompanjy yn 1821 yn 'e Hudsonbaaikompanjy opgie.

Nei't Frankryk yn 1763 frijwol al syn Noardamerikaanske koloniale besittings opjaan moatten hie, krigen de Britten it yn Manitoba allinne foar it sizzen. Yn 1812 waarden yn it suden fan it gebiet de earste op lânbou basearre kolonistedelsettings stifte troch Thomas Douglas, greve fan Selkirk. Deilisskip tusken de nije kolonisten en de Métis late yn 1816 ta de Slach by Seven Oaks, wêrby't tweintich kolonisten, de gûverneur ynbegrepen, en ien Métis omkamen. Yn 1867 waard troch de kolonisten koarte tiid besocht om in ûnôfhinklike Republyk Manitoba op te setten.

Rupertslân waard úteinlik yn 1869 troch de Hudsonbaaikompanjy oan Kanada oerdroegen, en krige doe de nije namme fan 'e Noardwestlike Territoaria. It negearjen fan 'e belangen fan 'e Métis late datselde jiers ta de Rebûlje fan de Reade Rivier, wêrby't de Métis ûnder harren lieder Louis Riel besochten om it tij fan 'e kolonisaasje te kearen. De opstân waard lykwols delslein en Riel flechte yn ballingskip (hy soe letter weromkeare om lieding te jaan oan 'e Noardwestlike Opstân fan 1885, yn Saskatchewan en Alberta). It oare jiers, 1870, waard Manitoba bestjoerlik losmakke fan 'e Noardwestlike Territoaria en as provinsje opnommen yn 'e Kanadeeske Konfederaasje. It federale regear stiek der in stokje foar dat de Métis it lân yn besit krigen dat harren yn ruil foar har stipe oan 'e tatreding fan Manitoba ta Kanada ûnthjitten wie. Doe't se ek noch mei it iepentlike rasisme fan 'e tastreamende nije kolonisten konfrontearre waarden, ferfearen grutte oantallen Métis nei wat letter de provinsjes Saskatchewan en Alberta wurde soe.

 
Union Station, it sintraal stasjon fan Winnipeg.

Yn dyseldichste snuorje waarden de saneamde Nûmere Ferdraggen tekene mei de ûnderskate Yndiaanske folken yn it gebiet, mei as resultaat dat dy harren lân opjoegen yn ruil foar jierjilden en reservaten. Ek dêrby diene har geregeldwei skrinende ûngeregeldheden foar, wêrby't de mûnlinge ûnthjitten of sels de yn 'e ferdraggen fêstleine betingsten troch de blanken lang net altyd neikommen waarden. Dat late letter ta in langjierrige juridyske striid fan 'e Yndianen foar harren lânrjochten, dy't yn in protte gefallen noch altyd trochgiet of noch mar koartby beëinige is.

It oarspronklike grûngebiet fan Manitoba wie in fjouwerkant tsjin 'e Amerikaanske grins oan dat in achttjinde diel wie fan 'e grutte dy't it no hat. Sadwaande stie Manitoba yn dy tiid bekend as de "postsegelprovinsje". It provinsjaal grûngebiet waard fanôf 1881 yn ferskillende stadia yn it neidiel fan 'e Noardwestlike Territoaria útwreide, oant it yn 1912 syn hjoeddeistige grutte berikte. Tsjin 1911 wie Winnipeg útgroeid ta de trêde stêd fan Kanada, in posysje dy't it behâlde soe oant it yn 'e 1920-er jierren ynhelle waard troch Vancouver. Yn 1919 die him yn Manitoba in útbarsting fan geweld foar doe't fakbûnsleden staakten foar bettere leanen en der ûnder de boeren grutte ûntefredenens ûntstie oer de lege nôtprizen. It gewelddadich yngripen fan 'e plysje by demonstraasjes wie lykwols nearne foar nedich; de beweging stoarte nei seis wiken út himsels yn.

De Grutte Depresje rekke Westlik Kanada útsûnderlike hurd, en late yn Manitoba yn 1932 ta de oprjochting fan wat úteinlik de Nije Demokratyske Partij fan Manitoba (NDP) wurde soe, dy't sûnt mei de Konservativen it politike lânskip yn 'e provinsje dominearre hat. Yn 1950 strûpten Winnipeg en omkriten der alhiel ûnder by de Oerstreaming fan 'e Reade Rivier. De skea dy't dat opsmiet, late ta de oanlis fan in rivierwetteropfangsysteem fan needboezems en brede uterwaarden, dat yn 1968 reekaam. By de saneamde Oerstreaming fan 'e Iuw, yn 1997, waard op 'e nij foar K$400 miljoen skea oanrjochte, mar de Winnipegsters holden de fuotten drûch.

 
It provinsjaal parlemintsgebou yn Winnipeg.

Manitoba hat in provinsjaal parlemint mei 57 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (riding), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje). De provinsje wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes oantsjut wurde as premier, wylst de federale minister-presidint de prime minister is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn Ottawa wurdt Manitoba yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 6 fan 105 sitten (5,7%), en yn it Legerhûs troch 14 fan 308 sitten (4,5%).

Manitoba hat in ridlik sterke ekonomy, dy't fierhinne basearre is op 'e eksploitaasje fan natuerlike helpboarnen, en swier stipet op 'e lânbou, mynbou, oaljeyndustry, boskbou en it toerisme. Fral de lânbou is fan libbensbelang foar de provinsje, al kin dy inkeld yn it súdlike diel fan Manitoba útoefene wurde. Likegoed beslacht de provinsje 12% fan alle lânbougrûn yn Kanada. De meast foarkommende foarmen fan lânbou binne slachtfeehâlderij (34,6%), de ferbou fan ûnderskate soarten nôt (19,0%) en de ferbou fan oaljehâldende gewaaksen lykas sinneblommen (7,9%). Manitoba is de grutste produsint fan sinneblompitten en drûge beane fan Kanada.

 
De haven fan Churchill, oan 'e Hudsonbaai.

Yn 'e sintrale en noardlike dielen fan 'e provinsje binne fral mynbou en de papieryndustry wichtich. De tsjinstesektor, mei û.m. sûnenssoarch en ûnderwiis, is yn Manitoba ek fan belang. Op it mêd fan toerisme is fral de poalfauna yn it noarden fan 'e provinsje wichtich. Churchill, oan 'e kust fan 'e Hudsonbaai, is net inkeld in wichtich havenplak, mar teffens in wrâldferneamde toeristyske trekpleister dêr't men hinne giet om iisbearen en wite dolfinen yn it wyld te sjen.

Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Manitoba doe 1.208.268 ynwenners, wat 3,6% mear is as yn 2006. De befolkingstichtens wie yn 2011 2,2 minsken de km². Winnipeg is fierwei de grutste stêd yn 'e provinsje, mei krapoan 664.000 ynwenners yn 2011. De twadde stêd is Brandon, mei mar 46.000 ywenners.

Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2006 (dy't basearre binne op selsidentifikaasje, wêrby't men mear as ien etnisiteit oanfinke koe) is de mearderheid fan Manitobaanske befolking fan Noardjeropeesk komôf, mei in grutte minderheid dy't Eastjeropeeske foarâlden hat. De grutste etnyske groep wiene de Ingelsen (22,9%), folge troch de Dútsers (19,1%), de Skotten (18,5%), de Oekraïners (14,7%), de Ieren (13,4%), de Poalen (7,3%), de Métis (6,4%), de Frânsen (5,6%), de Nederlanners (4,9%) en de Russen (4,0%). Yn it stedsje Gimli, oan 'e Winnipegmar, wennet de grutste etnysk Iislânske mienskip bûten Iislân. De hjoeddeiske Frânsktalige minderheid, de Franko-Manitobanen, foarmje mei in oantal fan goed 148.000 mar leafst 12,9% fan 'e befolking. Alle lânseigen Yndiaanske folken mei-inoar wiene yn 2006 goed foar 10,6% fan 'e befolking.

Op it mêd fan godstsjinst bestiet 68,7% fan 'e befolking fan Manitoba út kristenen, wêrûnder 27% roomsen, 16% oanhingers fan 'e feriene protestantske United Church of Canada en 8% anglikanen. Ateïsten en agnosten foarmje 18,3% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten binne, yn folchoarder fan grutte: it joadendom (1,2%); it boedisme (0,5%); it sikhisme (0,5%); de islaam (0,5%); it hindoeïsme (0,3%); en it Westersk heidendom (0,1%). De oanhingers fan 'e lânseigen religyen fan 'e ûnderskate Yndiaanske folken foarmje mei-inoar 0,3% fan 'e befolking.

 
In boerepleats op 'e prêrje fan Manitoba, by Sifton.

It Ingelsk is de offisjele taal fan Manitoba, dy't as sadanich by wet fêstlein is. Neffens Kêst 23 fan 'e Manitobawet fan 1870, dy't as juridyske basis fan 'e tatreding fan 'e provinsje ta de Kanadeeske Konfederaasje ûnderdiel útmakket fan 'e Kanadeeske Grûnwet, is behalven it Ingelsk ek it Frânsk in offisjele taal fan it provinsjaal parlemint en fan 'e rjochterlike macht yn Manitoba. Yn 1890 besocht de provinsjale folkfertsjintwurdiging lykwols it Frânsk ôf te skaffen, en waard opholden mei it twatalich publisearjen fan nije wetjouwing. Der gie hast in iuw oerhinne ear't it Kanadeesk Heechgerjochtshôf yn 1985 de útspraak die dat Kêst 23 wol deeglik noch fan krêft is, en dat alle ientalich yn it Ingelsk publisearre wetjouwing ûnjildich wie (it waard lykwols tydlik jildich ferklearre om it provinsjaal bestjoer de tiid te jaan om it fersom goed te meitsjen).

Sadwaande hat it Frânsk tsjintwurdich noch altyd in offisjele status yn 'e Manitobaanske wetjaande en rjochterlike macht, mar net op oare mêden (lykas de útfierende macht). Lykwols bestiet der sûnt 1999 in offisjeel belied (it Manitoba French Language Services Policy) om gelikense tsjinsten oan 'e ynwenners oan te bieden yn sawol Ingelsk as Frânsk; dit by wize fan hantrekken oan 'e Frânsktalige minderheid, dy't 12,9% fan 'e befolking útmakket (wêrûnder 3,2% dy't inkeld it Frânsk machtich is, en gjin Ingelsk). Nochris 0,9% fan 'e Manitobaanske befolking sprekt noch Ingelsk, noch Frânsk, mar inkeld in lânseigen taal. Yn 2010 waard mei dêrom troch it provinsjaal parlemint de Wet op 'e Erkenning fan Lânseigen Talen (Aboriginal Languages Recognition Act) oannommen, dy't offisjele erkenning skonk oan fiif Yndiaanske talen: it Dakota, Kry (Cree), Odjibwe (Ojibwe), Odjy-Kry (Oji-Cree) en Tsjippewaien (Chipewyan), en fierders oan it Inûktitût (Inuktitut) fan 'e Inûyt en oan it Mitsyf (Michif), in kreoalske taal fan 'e Métis.

Yn Manitoba hearsket in ekstreme foarm fan it lânklimaat, mei simmerdeis geregeldwei temperatueren fan boppe de 30 °C, wylst se by 't winter nachts wol sakje kinne oant –40 °C. De hichte fan 'e temperatueren nimt ôf fan it suden nei it noarden ta, en de delslachhoemannichten nimme ôf sawol fan it suden nei it noarden ta, as fan it easten nei it westen ta. De noardwestpunt fan 'e provinsje kriget dus jiers de minste delslach. By 't simmer komme der fral yn it suden fan Manitoba frij geregeldwei tornado's foar. Sa wie de wynhoas dy't op 22 en 23 juny 2007 it stedsje Elie trof, de swierste dy't ea yn Kanada foarkommen is. Winterdeis hat men dan faak wer mei sniestoarmen te krijen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
               Kanada
 
provinsjes
Alberta • Britsk-Kolumbia • Kebek • Manitoba • Nijfûnlân en Labrador • Nij-Breunswyk • Nij-Skotlân • Ontario • Prins Edwardeilân • Saskatchewan
territoaria
Yukon • Noardwestlike Territoaria • Nûnavût
  ·   ·