Westlik Kanada
Westlik Kanada is in oantsjutting dêr't de fjouwer Kanadeeske provinsjes bewesten Ontario wol mei oantsjut wurde: Manitoba, Saskatchewan, Alberta en Britsk-Kolumbia. It gebiet wurdt ek wol de Westlike Provinsjes neamd, en yn it gewoane spraakgebrûk yn Kanada almeast oantsjutten mei de namme it Westen. Westlik Kanada kin opdield wurde yn twa lytsere regio's: Pasifysk Kanada, oftewol de provinsje Britsk-Kolumbia, en de Kanadeeske Prêrjes, dy't Manitoba, Saskatchewan en Alberta omfiemje.
De fjouwer provinsjes fan Westlike Kanada hiene yn 2011 mei-inoar in befolking fan likernôch 10,3 miljoen minsken op in mienskiplik oerflak fan rom 2,9 miljoen km², wat in befolkingstichtens fan 3,5 minsken de km² opsmiet. Fan 'e totale befolking fan Kanada libbet 30,7% yn Westlik Kanada. De grutste stêd yn it gebiet is Calgary, yn Alberta, mar de grutste stêdekloft is Vancouver, yn Britsk-Kolumbia.
De befolking is fierhinne fan Noardjeropeesk komôf, mei hege persintaazjes Ingelsen, Skotten, Ieren, Dútsers en Frânsen, en dêropta ek in grutte minderheid dy't fan Eastjeropeesk komôf is, fral Oekraïners, Russen en Poalen. Ek de lânseigen befolking, Yndianen en Métis, makket yn Westlike Kanada, fral yn 'e trije prêrjeprovinsjes, in relatyf heech persintaazje fan 'e befolking út.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|