Assiniboin (folk)

De Assiniboin (Ingelsk: Assiniboine) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dy't ek wol bekend steane ûnder sokke útinoar rinnende nammen as Nakota en Hohe. Se sprekke fan oarsprong in Sûaanske taal dy't nau besibbe is oan it . Der binne tsjintwurdich noch krapoan 10.000 Assiniboin, dy't likernôch heal om heal yn 'e Feriene Steaten en Kanada libje. Dêrby binne se benammentlik konsintrearre yn 'e Amerikaanske steat Montana en de Kanadeeske provinsje Saskatchewan, mar fan âlds hearre ek it súdeasten fan 'e provinsje Alberta, it súdwesten fan 'e provinsje Manitoba en it westen fan 'e steat Noard-Dakota ta harren wengebiet. Hoewol't de Assiniboin har pas yn 'e santjinde iuw ôfspjalten fan 'e bekendere (Sioux), ûntjoegen de beide groepen har al rillegau ta swarde fijannen, en wie der allegeduerigen oarloch tusken harren.

Assiniboin
Assiniboine

Ferneamde Assiniboin. Fan loftsboppen mei de klok mei: Minnie Two Shoes, Dowe-aaiekop, Dolly Akers en Mâle Bear.
flagge
Assiniboin fan Fort Peck Assiniboin fan Fort Belknap
populaasje
oantal 9.500 (2014)
taal Assiniboin (ek Ingelsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy,
synkretisme
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Feriene Steaten,
Kanada
fersprieding
Feriene Steaten: 5.100
Kanada: 4.400

De Assiniboin neame harsels Nakota (Nakhóta, útspr.: [na'kʰo:ta]), dat grammatikaal ferbûgd wurde kin ta Nakoda en Nakona. De namme Assiniboine (útspr.: [ə'sɪniboin]) is troch it Ingelsk oernommen fan it Frânske Assiniboine (útspr.: [asini'bwa:n]), dat iere Frânske pelsjagers en -keaplju, dy't yn 'e regel de wichtichste Algonkwynske talen út 'e krite fan 'e Grutte Marren machtich wiene, wer oernamen fan it Odjibwe-wurd Asinii-bwaan, dat "Stienne-Sû" betsjut. It Kry hat in soartgelikense oantsjutting foar de Assiniboin: ᐊᓯᓃᐹᐧᑕᐠ, yn Latynsk skrift: Asinîpwâtak. Dy namme jout oan dat de Algonkwynske folken harren bewust wiene fan 'e besibskip tusken de Assiniboin en de Sû. De assosjaasje fan 'e Assiniboin mei stiennen komt fan it feit dat se yn haadsaak seane troch stiennen yn in kampfjoer te lizzen oant se gleonhyt wiene, om se dan yn in houten bakje mei wetter te kiperjen en dat sa oan 'e soad te bringen. Party skriuwers wol hawwe dat Assiniboine in gearlûking wêze soe fan it Odjibwe-wurd asin ("stien") en it Frânske bouillir ("siede"), mar sa'n mingde etymology liket tige ûnwierskynlik.

 
De bizonhûdene tipy fan in Assiniboin-opperhaad.

Tsjintwurdich binne de Assiniboin fierhinne konsintrearre yn 'e Amerikaanske steat Montana en de Kanadeeske provinsje Saskatchewan. Aldtiids hearden lykwols ek it súdeasten fan 'e provinsje Alberta, it súdwesten fan 'e provinsje Manitoba en it westen fan 'e steat Noard-Dakota ta harren wengebiet.

Op it mêd fan 'e hjoeddeistige oantallen fan 'e Assiniboin liket der mar frijwat betizing te bestean. De taalkundewebside Ethnologue hat it deroer dat de folsleine etnyske groep 3.500 minsken telt, mar dat strykt net mei de wurklikheid. (Sels de Amerikaanske folkstelling fan 2000 joech al in heger oantal, ntl. 3.946.) Mooglik dat Ethnologue him op ferâldere sifers basearret dy't inkeld de Assiniboin yn ien lân beslane. Der binne lykwols twa federaal erkende stamme-organisaasjes yn 'e Feriene Steaten dy't foar in part út Assiniboin besteane, wylst der yn Kanada twa stammen (of "earste naasjes", sa't se dy dêr neame) hielendal en nochris fjouwer foar in diel út Assiniboin besteane. (Sjoch foar in opsomming ûnder it kopke "Stamme-organisaasjes", leger op dizze side.) De ledetallen fan dy stammen binne bekend, en fan 'e mingde stammen is yn 'e regel ek de ferdieling yn etnyske groepen bekend. In simpel optelsomke leart dan dat der teminsten 9.500 Assiniboin wêze moatte – it kin fansels wêze dat der fierders noch leden fan 'e etnyske groep binne dy't gjin lid binne fan 'e ûnderskate stamme-organisaasjes. As men lykwols it sifer 9.500 oanhâldt, is dat te ferdielen yn 5.100 Assiniboin yn 'e Feriene Steaten en 4.400 yn Kanada.

Oarspronklik makken de Assiniboin ûnderdiel út fan 'e Grutte Sû Naasje, dy't bestie út 'e Eastlike Dakota of Santy (Santee), de Westlike Dakota of Jankton-Janktonai (Yankton-Yanktonai), en de Lakota of Titon (Teton). Ut harren oarspronklike wengebiet, dat direkt bewesten de Grutte Marren lei, yn wat no de Amerikaanske steaten Wiskonsin en Minnesota binne, waarden de Sû almar fierder nei it westen dreaun troch de Odjibwe, dy't troch harren kontakten mei harren Frânske bûnsgenoaten al ier oer musketten beskikten. Men is fan tinken dat de Assiniboin ta de Janktonai-stamme fan 'e Westlike Dakota hearden, mar har dêr om 1640 hinne fan ôfspjalten en har fierder nei it noarden ta bejoegen. Troch de Sû waarden se fan dy tiid ôf Hohe neamd, dat "Opstannelingen" betsjut. Troch it nei it westen ta opkringen fan 'e Kry (Cree) en de Odjibwe (Ojibwe) waarden sy krekt as de Sû nei de Grutte Flakten ta dreaun. De earste Jeropeaan dy't yn kontakt kaam mei de Assiniboin, wie de Ingelsman Henry Kelsey, dy't yn 'e tsjinst fan 'e Britske Hudsonbaaikompanjy stie.

 
Assiniboin op Bizonjacht, in skilderij fan Paul Kane, út 1851.

Op 'e uterste noardpunt fan 'e Grutte Flakten ûntjoegen de Assiniboin harren ta in machtich folk, sawol wat oantallen as wat ynfloed oanbelanget. Se hiene in semy-nomadyske libbensstyl, wêrby't se yn 'e waarmere moannen de ûnbidige keppels bizons folgen en bejagen, wylst se har winterdeis yn fêste kampeminten nei wenjen setten en fierhinne libben fan it konservearre bizonfleis. Yn 't earstoan, doe't se noch gjin ryddieren hiene, jagen se geandefoets, en brûkten se hûnen as lêstdieren troch se pakken drage en travois lûke te litten. Yn 'e earste helte fan 'e achttjinde iuw kamen de Assiniboin foar it earst oan hynders, dy't se kochten fan súdliker Flaktestammen as de Gro Wânt (Gros Ventre) en de Swartfuotten (Blackfeet), of by oerfallen stielen fan 'e Sû en de Krieën (Crow). Dêrnei namen se de hynstekultuer oan dêr't de Flaktestammen sa om bekend kamen te stean, en jagen se al hynsteridend mei pylk en bôge (en letter ek mei gewearen). De Assiniboin wiene wiid en siid ferneamd om harren treflike hynsterydkeunst. Op it hichtepunt fan harren macht striek harren territoarium him út fan 'e rivier de Missoury yn it suden oant de Noardlike Saskatchewan-rivier yn it noarden, dy't lykslein wurde kin mei de noardgrins fan 'e Grutte Flakten.

 
Portret fan Folle Moanne, in Assiniboin-frou.

Behalven yn 'e jacht wiene de Assiniboin ek oan kop en earen ta behelle yn 'e pelshannel. Dêrby sleaten se in bûnsgenoatskip mei de Flakte-Kry en de Flakte-Odjibwe dat de Izeren Konfederaasje neamd waard. As leden fan 'e Izeren Konfederaasje fochten se oarloggen út mei de Gro Wânt en de Sû. Letter waarden de Gro Wânt tydlingswei yn it bûnsgenoatskip opnommen en befochten se mei-inoar de Swartfuotten. De Assiniboin, Flakte-Kry en Flakte-Odjibwe dreaune hannel mei de Britske Hudsonbaaikompanjy en Noardwestlike Kompanjy (dy't doedestiden it monopoalje hiene yn hiel westlik Kanada). De Assiniboin waarden ta wichtige en betroubere hannelspartners fan 'e Britten, dy't grutte oantallen bever- en bizonhûden leveren. Sokke hûden wiene se sels troch jacht oan kommen, of hannelen se troch fan oare, fierder nei it suden en súdwesten ta libjende folken. Fia de Kry namen de Assiniboin in protte Jeropeeske hannelswaar fan 'e Hudsonbaaikompanjy ôf, wêrûnder gewearen, munysje, metalene tomahawks en potten, wollene tekkens en skonkbeskermers en glêzene kralen.

Op syn hichtepunt behearske de Izeren Konfederaasje de noardlike Grutte Flakten hast folslein, en ûntjoech it bûnsgenoatskip him ta in grutte bedriging foar lju dy't der gjin diel fan útmakken, lykas blanke kolonisten en lânseigen folken as de Krieën en de Sjosjoanen. De úteinlike delgong fan 'e pelshannel en de opsetlike útrûging fan 'e bizonkeppels troch fral Amerikaanske, mar ek Kanadeeske jagers yn opdracht fan 'e respektivelike regearings, late streekrjocht ta it meidwaan fan 'e Izeren Konfederaasje oan 'e Noardwestlike Opstân fan 1885, dat eins fierders benammentlik in gefjocht fan 'e Frânsktalige Métis tsjin it Britske koloniale regear fan Kanada wie. Likegoed wie de Noardwestlike Opstân ien fan 'e inkele kearen dat der yn Kanada op grutte skaal fochten waard tusken Yndianen en regearingstroepen (yn tsjinstelling ta de Feriene Steaten, dêr't dat skearing en ynslach wie).

 
In Assiniboin-gesin yn Montana, om 1890 hinne.

Yn 't earstoan gie it de Flakte-Kry, Assiniboin en Flakte-Odjibwe foar de wyn, en wûnen se de Slach by Cut Knife. Mar de Kanadezen koene de nije tillegraafferbinings en spoarlinen brûke om fluch en koördinearre troepen út Ontario nei it westen ta te stjoeren, en hiene sadwaande oeral de nûmerike mearderheid, gruttere mobiliteit en mear en bettere fjoerwapens. Doe't de Métis ienris ferslein wiene yn 'e Slach by Batoche, stiene de folken fan 'e Izeren Konfederaasje boppedat sûnder bûnsgenoaten. Dêrop joech in diel fan harren de striid op, en al wisten de trochfjochters trije wike letter noch de Slach by Frenchman's Butte te winnen, it wie om 'e nocht. Se waarden ferplettere yn 'e Slach by Loon Lake en rekken alhiel fersille. Begjin juny 1885 wie de opstân foarby. Dit barren tebriek de Izeren Konfederaasje as in militêre macht, en wie tagelyk it lêste yn 'e stûpen lizzen fan 'e politike selsstannigens fan 'e Assiniboin. Underwilens siet it der mei harren as folk raar ta; fan mear as 10.000 minsken oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw wiene se yn in iuw tiid, benammentlik troch epidemyen fan Jeropeeske ynfeksjesykten dêr't harren ymmúnsysteem gjin ferwar tsjin hie, belune ta 2.600 minsken yn 1890.

It Assiniboin, de taal fan 'e Assiniboin, is in Mississippydelling-Sûaanske taal, in lid fan 'e gruttere Sûaanske taalfamylje. Mei it nau besibbe Stony (Stoney) foarmet it de Assiniboin-Stony-groep fan 'e lytse Dakotaanske taalkloft (binnen de Mississippydelling-Sûaanske talen), dy't fierders ek it (Sioux) omfiemet. Sûnt de njoggentjinde iuw is it mei it Assiniboin slim yn it neigean rekke. Hjoed de dei wurdt de taal noch mar sprutsen troch likernôch 150 minsken, wêrfan't de measten âlder binne as fjirtich jier. Dat komt del op net mear as 1,6% fan it totale oantal Assiniboin, dat op 9.500 rûsd wurde moat.

Stamme-organisaasjes

bewurkje seksje
federaal erkende stammen yn 'e Feriene Steaten
Stamme Etnyske groep(en) Steat Haadkertier Populaasje Opmerkings
  Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana
Assiniboine and Sioux of the Fort Peck Indian Reservation of Montana
Lakota, Westlike Dakota,
Eastlike Dakota, Assiniboin
Montana Poplar 11.000 fêstige yn it Fort Peck Yndianereservaat; likernôch 2.400 Assiniboin
  Fort Belknap Yndianemienskip
Fort Belknap Indian Community
Gro Wânt, Assiniboin Montana Harlem 6.400 fêstige yn it Fort Belknap Yndianereservaat; likernôch 2.700 Assiniboin
earste naasjes (stammen) yn Kanada
Stamme Etnyske groep(en) Provinsje Haadkertier Populaasje Opmerkings
  Carry the Kettle Nakoda Naasje
Carry the Kettle Nakoda Nation
Assiniboin Saskatchewan Sintaluta 2.200
  Little Black Bear Earste Naasje
Little Black Bear First Nation
Kry, Assiniboin Saskatchewan Goodeve 450 wêrfan likernôch 200 Assiniboin
  Mosquito, Grizzly Bear's Head en Lean Man Assiniboin Naasje
Mosquito, Grizzly Bear's Head and Lean Man Assiniboine Nation
Assiniboin, Kry Saskatchewan Cando 1.200 wêrfan likernôch 900 Assiniboin
  Ocean Man Earste Naasje
Ocean Man First Nation
Assiniboin, Kry,
Odjibwe
Saskatchewan Stoughton 320 wêrfan likernôch 140 Assiniboin
  White Bear Earste Naasjes
White Bear First Nations
Kry, Assiniboin,
Odjibwe, Eastlike Dakota
Saskatchewan Carlyle 2.100 wêrfan likernôch 800 Assiniboin
  Pheasant Rump Nakota Earste Naasje
Pheasant Rump Nakota First Nation
Assiniboin, Kry,
Odjibwe
Saskatchewan Kisbey 340 wêrfan likernôch 160 Assiniboin

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.