Assiniboin (taal)

It Assiniboin (Ingelsk: Assiniboine, útspr.: [ə'sɪniboin]; Assiniboin: A’ Moǧaž, útspr.: [aʔ mo'ɣaʒ]) is de lânseigen taal fan 'e Assiniboin (Assiniboine), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. It wurdt ek wol Nakota of Hohe neamd, al binne dat eins nammen foar it folk ynstee fan de taal. It Assiniboin wurdt noch sprutsen yn it middennoarden fan 'e Feriene Steaten en it middensuden fan Kanada, mar it hat nearne offisjele status, noch genietet it erkenning. It is sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw mei it gebrûk fan 'e taal slim yn it neigean rekke, en hjoed de dei binne der noch mar sa'n 150 sprekkers, wêrfan't de measten âlder binne as fjirtich jier. Prosintueel sjoen komt it tal sprekkers op net mear as 1,6% fan 'e totale etnyske groep. Dêrmei is it Assiniboin slim yn syn fuortbestean bedrige.

Assiniboin
algemien
oare namme(n) Assiniboine, Nakota
eigen namme Nakʰóda
lânseigen yn Feriene Steaten
Kanada
tal sprekkers 150 (2007)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Sûaansk
   ● Westsûaansk
      ● Mississippydelling-Sûaansk
         ● Dakotaansk
            ● Assiniboin-Stony
               ● Assiniboin
taalkoades
ISO 639-3 asb

Taalbesibskip

bewurkje seksje

It Assiniboin is nau besibbe oan it Stony, wêrmei't it de Assiniboin-Stony-kloft binnen de Dakotaanske talen foarmet. It Stony is oarspronklik út it Assiniboin fuortkommen, mar tsjintwurdich binne de beide talen net mear ûnderling fersteanber. It Assiniboin sels hat him likernôch healwei de santjinde iuw ôfspjalten fan it (Sioux), dat de oare tûke fan 'e Dakotaanske talen foarmet. De Dakotaanske taalkloft is wer ûnderdiel fan 'e gruttere Sûaanske taalfamylje. Hjirûnder foar de dúdlikheid in lyts oersjoch fan 'e bredere Dakotaanske taalgroep, mei alle synonimen derby jûn.

  • Dakotaanske talen
    • Assiniboin-Stony
      • Assiniboin (Ingelsk: Assiniboine of Nakota; Assiniboin: Nakhóta)
      • Stony (Ingelsk: Stoney of Nakoda; Stony: Nakhóda)
        • Noardlik Stony (Wâld-Stony) (Ingelsk: Northern Stoney of Wood Stoney)
        • Súdlik Stony (Berch-Stony) (Ingelsk: Southern Stoney of Mountain Stoney)
    • (Ingelsk: Sioux)
      • Dakota (Ingelsk: Dakota; Dakota: Dakȟóta of Dakhóta)
        • Eastlik Dakota (Santy-Sisseton) (Ingelsk: Eastern Dakota of Santee-Sisseton; Eastlik Dakota: Dakhóta, of eins Dakhótiyapi)
          • Santy (Ingelsk: Santee; Eastlik Dakota: Isáŋyáthi)
          • Sisseton-Wahpeton (Ingelsk: Sisseton-Wahpeton; Eastlik Dakota: Sisíthuŋwaŋ-Waȟpéthuŋwaŋ)
        • Westlik Dakota (Jankton-Janktonai) (Ingelsk: Western Dakota of Yankton-Yanktonai; Westlik Dakota: Dakȟóta of eins Dakȟótiyapi)
          • Jankton (Ingelsk: Yankton; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ)
          • Janktonai (Ingelsk: Yanktonai; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋna)
      • Lakota (Titon, Titon-Sû) (Ingelsk: Lakota, Teton of Teton Sioux; Dakota: Lakȟóta of eins Lakȟótiyapi)

It Assiniboin wurdt yn 'e regel stavere yn in Latynsk alfabet fan 28 letters: a, ą, b, c, d, e, g, ǧ, h, ȟ, i, į, j, k, m, n, o, p, s, š, t, u, ų, w, y, z, ž en ’.

A a Ą ą B b C c D d E e G g Ǧ ǧ
H h Ȟ ȟ I i Į į J j K k M m N n
O o P p S s Š š T t U u Ų ų W w
Y y Z z Ž ž ’ ’

Yn it foarste plak binne der fiif lûden: a ([a] as yn "ham"), e ([e], lykas yn "leed", mar koarter), i ([i] as yn "wyt"), o ([o] as yn "bok") en u ([u] as yn "tûk"). Dy kinne allegear sawol koart as lang wêze; binne se lang, dan krije se in skerpteken (á [a:], é [e:], í [i:], ó [o:], ú [u:]). Ek binne der trije nasale klanken, dy't skreaun wurde mei in ogonek of Poalske heak: ą ([ã]; lykas yn "aanst", mar dan koart), į ([ĩ] as yn "hyns") en ų ([ũ] as yn "fiifpûns").

Fierdersoan binne der fjouwer bylûden mei in karon: ǧ, ȟ, š en ž. Dat binne foar Friezen allegear bekende klanken: de ǧ ([ɣ]) is de g fan "mage", de ȟ ([x]) is de ch fan "berch", de š ([ʃ]) is de sj fan "sjerp" en de ž ([ʒ]) is de zj fan "bagaazje". Fierders is der noch de apostrof (’), dy't foar de glottisslach ([ʔ]) stiet; de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje". De oare bylûden wurde krekt as yn it Frysk útsprutsen, behalven de c ([ʧ]), w [w] en y [j]; dat binne de tsj fan "tsjerke", de w fan "skowe" en de j fan "jas".

It Assiniboin ken ek in stikmannich letterkombinaasjes. Sa binne der fjouwer letters dy't yn aspirearre foarm foarkomme kinne: ch [ʧʰ], kh [kʰ], ph [pʰ] en th [tʰ] (útsprutsen as de grûnletter mei in lyts h-ke derefteroan, bekend fan "Marthinithoren"). En ta einbeslút binne der sân letters dy't foarkomme kinne mei in glottisslach derefteroan: c’ [ʧˀ], ȟ’ [xˀ], k’ [kˀ], p’ [pˀ], s’ [sˀ], š’ [ʃˀ]’ en t’ [tˀ] (mei as folgjende in a soene dy bygelyks útsprutsen wurde as "tsj-a", "ch-a", "k-a", "p-a", "s-a", "sj-a" en "t-a").

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.