Dakota (taal)

(Trochferwiisd fan Eastlik Dakota (taal))

It Dakota (Ingelsk: Dakota; Dakota: Dakhótiyapi of Dakȟótiyapi) is de lânseigen taal fan 'e Dakota, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika en it beëasten dêrfan leine bosklân, dy't tegearre mei it Lakota it gruttere -taalkontinuum foarmet. It Dakota wurdt noch sprutsen yn it middennoarden fan 'e Feriene Steaten en it middensuden fan Kanada, mar it hat nearne offisjele status, en genietet inkeld yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba erkenning as minderheidstaal. Der binne noch likernôch 21.000 sprekkers, wat it ta ien fan 'e gruttere Yndiaanske talen fan Noard-Amearika makket.

Dakota
algemien
eigen namme Dakhótiyapi / Dakȟótiyapi
lânseigen yn Feriene Steaten
Kanada
tal sprekkers 21.000 (2010)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Sûaansk
   ● Westsûaansk
      ● Mississippydellingsk
         ● Dakotaansk
            ●
               ● Dakota
dialekten Eastlik Dakota, Westlik Dakota
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Kanada
   ● Manitoba
taalkoades
ISO 639-2 dak
ISO 639-3 dak

Taalbesibskip en dialekten

bewurkje seksje

It Dakota is nau besibbe oan it Lakota, dat fan âlds mear nei it westen ta sprutsen wurdt. Tegearre foarmje dy beide talen it , dat eins gjin taal is mar mear in taalkontinuum (wêrby't oangrinzgjende dialekten yninoar oergeane en in keatling foarmje; alle buordialekten binne ûnderling fersteanber, mar de sprekkers fan 'e dialekten oan 'e beide úteinen fan it keatling kinne inoar net ferstean). It Sû heart ta de gruttere Sûaanske taalfamylje, en foarmet mei it Assiniboin en it Stony de Dakotaanske taalkloft binnen de Mississippydelling-Sûaanske talen.

It Dakota sels falt wer útinoar yn it Eastlik Dakota (Dakhótiyapi; útspr.: [da'kʰo:tijapi]) en it Westlik Dakota (Dakȟótiyapi; útspr.: [da'kˣo:tijapi]). Foarhinne waarden dy beide dialekten yn 'e regel op ien hichte steld mei it Lakota, en droegen se de nammen fan Dakota (Eastlik Dakota) en Nakota (Westlik Dakota). Resint taalûndersyk hat lykwols útwiisd dat Eastlik en Westlik Dakota folle nauwer mei-inoar besibbe binne as mei it Lakota. De term "Nakota" wurdt no inkeld noch brûkt foar it folle fierderôf besibbe Assiniboin en Stony. It Eastlik Dakota (of Santy-Sisseton) is fierder ûnder te ferdielen yn it Santy en it Sisseton-Wahpeton, wylst it Westlik Dakota (of Jankton-Janktonai) opdield wurde kin yn it Jankton en it Janktonai. Hjirûnder foar de dúdlikheid in lyts oersjoch fan 'e bredere Dakotaanske taalfamylje, mei alle synonimen derby jûn.

  • Dakotaanske talen
    • Assiniboin-Stony
      • Assiniboin (Ingelsk: Assiniboine of Nakota; Assiniboin: Nakhóta)
      • Stony (Ingelsk: Stoney of Nakoda; Stony: Nakhóda)
        • Noardlik Stony (Wâld-Stony) (Ingelsk: Northern Stoney of Wood Stoney)
        • Súdlik Stony (Berch-Stony) (Ingelsk: Southern Stoney of Mountain Stoney)
    • (Ingelsk: Sioux)
      • Dakota (Ingelsk: Dakota; Dakota: Dakȟóta of Dakhóta)
        • Eastlik Dakota (Santy-Sisseton) (Ingelsk: Eastern Dakota of Santee-Sisseton; Eastlik Dakota: Dakhóta, of eins Dakhótiyapi)
          • Santy (Ingelsk: Santee; Eastlik Dakota: Isáŋyáthi)
          • Sisseton-Wahpeton (Ingelsk: Sisseton-Wahpeton; Eastlik Dakota: Sisíthuŋwaŋ-Waȟpéthuŋwaŋ)
        • Westlik Dakota (Jankton-Janktonai) (Ingelsk: Western Dakota of Yankton-Yanktonai; Westlik Dakota: Dakȟóta of eins Dakȟótiyapi)
          • Jankton (Ingelsk: Yankton; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ)
          • Janktonai (Ingelsk: Yanktonai; Westlik Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋna)
      • Lakota (Titon, Titon-Sû) (Ingelsk: Lakota, Teton of Teton Sioux; Dakota: Lakȟóta of eins Lakȟótiyapi)

Tal en fersprieding fan sprekkers

bewurkje seksje

It is mei it Dakota sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw slim yn it neigean rekke. De taal wurdt tsjintwurdich noch sprutsen troch likernôch 21.000 minsken, wêrfan 18.800 yn 'e Feriene Steaten (neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010), en 1.660 yn Kanada (neffens de ferzje fan 2013 fan 'e taalkundewebside Ethnologue). Dat komt del op 30,0% fan 'e Dakota-befolking (dy't 70.000 minsken telt). Under de sprekkers binne fral in protte leden fan 'e âlderein, sadat it Dakota nei alle gedachten yn 'e kommende jierren noch fierder yn 'e nederklits reitsje sil troch it ôfstjerren fan 'e âldere generaasjes. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 1990 wiene der doe noch 31 (nei't men oannimme mei âldere) lju dy't inkeld it Dakota machtich wiene (en gjin Ingelsk sprieken). De meast Dakota-sprekkers wenje tsjintwurdich yn 'e Amerikaanske steaten Súd-Dakota, Noard-Dakota en Montana, mei lytsere groepen yn Nebraska en Minnesota, en teffens hjir en dêr yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Manitoba en Saskatchewan. Der binne gjin gegevens beskikber oangeande de opdieling fan dy sifers yn sprekkersoantallen fan 'e beide haaddialekten fan it Eastlik en Westlik Dakota. Sûnt 2010 genietet it Dakota yn 'e mande mei seis oare lânseigen talen yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba erkenning as minderheidstaal, ûnder de provinsjale Wet op de Erkenning fan Lânseigen Talen (Aboriginal Languages Recognition Act).

Foarôfgeande oan it oernimmen fan it Latynsk alfabet fan 'e blanken hiene de Sû al in eigen skrift, nammentlik in systeem fan piktogrammen, wêrby't men bgl. it wurd "hûn" fertsjintwurdige troch in tekening fan in hûn. Hoewol't dat de Dakota sels oars skoan foldie, wie it foar misjonarissen net te dwaan om 'e Bibel yn syn gehiel yn piktogrammen ôf te byldzjen, en sadwaande wiene sy it dy't it letterskrift by de Sû yntrodusearren. (De earste folsleine bibeloersetting yn it Dakota kaam ree yn 1879.)

Der besteane in stikmannich ûnderskate staveringsfoarmen foar de Sû-talen, mar dejinge dy't tsjintwurdich it measte brûkt wurdt, is dy fan Jan Ullrich, dy't op grûn fan in 23-jierrich taalûndersyk yn 2008 it gesachhawwende Lakota-wurdboek gearstalde, al moat dêrby oantekene wurde dat syn stavering fuortbordueret op guon âldere staveringssystemen. It Lakota (en yn it ferlingde dêrfan ek it Dakota) wurdt hjirby skreaun mei in alfabet fan 26 letters, al binne dat net deselden as yn it Latynske standertalfabet: a, b, č, d, e, g, ǧ, h, ȟ, i, k, l, m, n, ŋ, o, p, s, š, t, u, w, y, z, ž en ’.

A a B b Č č D d E e G g Ǧ ǧ H h
Ȟ ȟ I i K k L l M m N n Ŋ ŋ O o
P p S s Š š T t U u W w Y y Z z
Ž ž ’ ’

Yn it foarste plak binne der fiif lûden: a ([a] as yn "ham"), e ([e], lykas yn "leed", mar koarter), i ([i] as yn "wyt"), o ([o] as yn "bok") en u ([u] as yn "tûk"). Dy kinne allegear sawol koart as lang wêze; binne se lang, dan krije se in skerpteken (á [a:], é [e:], í [i:], ó [o:], ú [u:]). De letter ŋ hat sels gjin klankwearde, mar makket it foarôfgeande lûd nasaal. Der binne yn it Dakota trije fan sokke nasale klanken: aŋ ([ã]; lykas yn "aanst", mar dan koart), iŋ ([ĩ] as yn "hyns") en uŋ ([ũ] as yn "fiifpûns"). Ek dy kinne allegear wer sawol koart as lang wêze, en de lange farianten krije wer in skerpteken: áŋ ([ã:] as yn "aanst"), íŋ ([ĩ:] as yn "wynsk") en úŋ ([ũ:] as yn "dûns").

Dan binne der fiif bylûden mei in karon: č, ǧ, ȟ, š en ž. De č ([ʧ]), š ([ʃ]) en ž ([ʒ]) binne bekende klanken: de tsj fan "tsjerke", de sj fan "sjerp" en de zj fan "bagaazje". De ǧ ([ʁ])en de ȟ ([χ]) lykje op 'e g fan "mage", resp. de ch fan "berch", mar wurde justjes mear nei efteren yn 'e mûle (suver yn 'e kiel) útsprutsen. Fierders is der noch de apostrof (’), dy't foar de glottisslach ([ʔ]) stiet; de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje". De oare bylûden wurde krekt as yn it Frysk útsprutsen, behalven de w en y; dat binne de w fan "skowe" en de j fan "jas".

It Dakota ken fierders in stikmannich letterkombinaasjes. Sa binne der fjouwer letters dy't yn aspirearre foarm foarkomme kinne: čh [ʧʰ], kh [kʰ], ph [pʰ] en th [tʰ] (útsprutsen as de grûnletter mei in lyts h-ke derefteroan, bekend fan "Marthinithoren"). Dan binne der trije letters dy't foarkomme kinne mei in lyts ch-chje (út "berch") derefteroan: kȟ [kˣ], pȟ [pˣ] en tȟ [tˣ]. En ta einbeslút binne der sân letters dy't foarkomme kinne mei in glottisslach derefteroan: č’ [ʧˀ], ȟ’ [χˀ], k’ [kˀ], p’ [pˀ], s’ [sˀ], š’ [ʃˀ]’ en t’ [tˀ].

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota