Feriene Sû Stammen
De Feriene Sû Stammen (Ingelsk: United Sioux Tribes) is in koepelorganisaasje fan alve federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasjes fan 'e Sû (Ingelsk: Sioux) yn 'e Feriene Steaten. Dêrby giet it om alle Sû-stammen yn 'e Amerikaanske steaten Súd-Dakota, Noard-Dakota en Nebraska. Sels genietsje de Feriene Sû Stammen gjin erkenning fan it Amerikaanske regear. De organisaasjes dy't mei-inoar de Feriene Sû Stammen foarmje, binne:
- de Cheyenne River Sû Stamme
- de Crow Creek Sû Stamme
- de Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota
- de Jankton Sû Stamme
- de Neder-Brulee Sû Stamme
- de Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota
- de Rosebud Sû Stamme
- de Santy Sû Naasje (foarhinne de Santy Sû Stamme fan Nebraska)
- de Sisseton en Wahpeton Sû Stamme
- de Spirit Lake Stamme
- de Standing Rock Sû Stamme
Feriene Sû Stammen | ||
Ingelsk | United Sioux Tribes | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steaten | Súd-Dakota Noard-Dakota Nebraska | |
haadkertier | Pierre (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota, Westlike Dakota, Eastlike Dakota | |
ledetal | 144.000 (2013) | |
oprjochting | 1970 | |
status | net erkend | |
reservaat | ||
reservaat | 11 ûnderskate reservaten | |
lokaasje | noardlike Grutte Flakten | |
oerflak | 42.6651/2 km² | |
ynwennertal | 92.000 |
Oarspronklik wie de organisaasje inkeld bedoeld foar de Sû-stammen fan Súd-Dakota, mar sûnt binne ek dy fan Noard-Dakota en Nebraska deryn opnommen. De Santy Sû Naasje wie de lêste stamme dy't lid waard, om 2000 hinne. De alve lidorganisaasjes wurde op 'e flagge fan 'e Feriene Sû Stammen ôfbylde troch alve tipys.
De Feriene Sû Stammen waarden oprjochte yn maaie 1970, neffens eigen sizzen om it algemien wolwêzen, de sûnens, de ekonomyske ûntjouwing en de mooglikheden oangeande it folgjen fan ûnderwiis fan 'e lidorganisaasjes en harren leden te befoarderjen, en om help te bieden op alderlei mêd. Teffens is it in gearwurkingsferbân dat mei ien mûle foar alle Sû-stammen yn Noard- en Súd-Dakota en Nebraska sprekke kin (mar net foar dy yn Montana en Minnesota, dy't der net by oansletten binne).