Prairie Island Yndianereservaat

It Prairie Island Yndianereservaat (Ingelsk: Prairie Island Indian Reservation; Eastlik Dakota: Tiŋta Wiŋta) is it reservaat fan 'e federaal erkende Prairie Island Yndianemienskip (Prairie Island Indian Community) yn 'e Amerikaanske steat Minnesota.

Prairie Island Yndianereservaat
Prairie Island Indian Reservation
De kearnsintrale fan Prairie Island, deunby it reservaat.
De kearnsintrale fan Prairie Island, deunby it reservaat.
polityk
haadplak Welch (Minnesota)
stamme Prairie Island Yndianemienskip
lân Feriene Steaten
steat Minnesota
sifers
ynwenners 199 (2000)
oerflak 4,3 km²
bef.tichth. 46,3 / km²
oar
stifting 1889
tiidsône UTC-6
simmertiid UTC-5
kaart
De kearnsintrale fan Prairie Island, deunby it reservaat.
Yndianereservaten yn 'e steat Minnesota. Prairie Island is werjûn yn read.

Geografy en demografy

bewurkje seksje

It reservaat leit yn it súdeasten fan 'e steat, oan 'e bopperin fan 'e rivier de Mississippy, binnen de beboude kom fan 'e stêd Red Wing, yn Goodhue County. Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 199 minsken yn it reservaat. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Welch, yn it noarden fan Goodhue County, dêr't in protte fan 'e fersille lapkes bûtenreservaatsk beheargebiet lizze, al binne dy ek te finen yn it easten fan Dakota County. It eigentlike Prairie Island Reservaat hat in oerflak fan mar likernôch 2½ km², al wurdt dy grutte hast ferdûbele as men it bûtenreservaatsk beheargebiet meirekkenet.

It Prairie Island Reservaat waard stifte yn 1889, mei grinzen dy't meitiid nochal wat feroaring ûndergien hawwe. Grutte dielen fan it reservaat giene ferlern doe't it Korps Sjeny fan it Amerikaanske Leger yn 1938 de saneamde Slûs en Daam Nr. 3 yn 'e rivier oanlei, dy't de befarheid fan 'e Boppe-Mississippy ferbetterje moast, mar dy't der teffens foar soarge dat grutte stikken lân derûnder strûpten troch de ferhege wetterstân. Yn 1973 waard de kearnsintrale fan Prairie Island fuortby it reservaat boud.

De Prairie Island Yndianemienskip loek belangstelling troch syn beslút om tsjin betelling yn it reservaat radioaktyf ôffal yn stielene fetten boppegrûnsk op te slaan. Fierders driuwt de stamme op syn reservaatlân, dat bûten it Minnesotaanske steatsferbod op gokken falt, it Treasure Island Resort & Casino, oan 'e igge fan 'e Mississippy, benoarden Red Wing.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota