Rosebud Yndianereservaat
It Rosebud Yndianereservaat (Ingelsk: Rosebud Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Rosebud Sû Stamme (Rosebud Sioux Tribe) yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, oan 'e grins mei Nebraska.
Rosebud Yndianereservaat Rosebud Indian Reservation | ||
Rodney M. Bordeaux, presidint fan 'e Rosebud Sû Stamme (l.), yn 2011 (mei Edward Avalos, in hege funksjonaris fan it Amerikaansk Ministearje fan Lânbou). | ||
polityk | ||
haadplak | Rosebud (Súd-Dakota) | |
stamme | Rosebud Sû Stamme | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Súd-Dakota | |
sifers | ||
ynwenners | 10.469 (2000) | |
oerflak | 5.103,2 km² | |
bef.tichth. | 2,1 / km² | |
oar | ||
stifting | 1889 | |
tiidsône | UTC-6 | |
simmertiid | UTC-5 | |
kaart | ||
Yndianereservaten yn 'e steat Súd-Dakota. Rosebud is werjûn yn read. De fersnipele bûtenreservaatske beheargebieten binne werjûn yn rôs. |
Geografy
bewurkje seksjeIt reservaat kin yn prinsipe lykslein wurde mei Todd County, al binne der útstrutsen bûtenreservaatske beheargebieten yn fjouwer oanswettende countys (Tripp, Lyman, Mellette en Gregory), dy't foar 1910 hielendal of foar in diel ta it reservaat hearden. Fral yn Mellette County, benoarden it reservaat, hat it Rosebud Reservaat in protte lân yn eigendom, om persiis te wêzen 33,4% fan 'e hiele county.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe krapoan 10.500 minsken yn it reservaat, dat in oerflak fan rom 5.100 km² hat (ynkl. beheargebieten). It haadplak is Rosebud, dêr't it reservaat nei neamd is, en dêr't sawol it haadkertier fan 'e stamme as it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fêstige is. Rosebud, dat "roazeknop" betsjut, is sels wer ferneamd nei de Rosebud Creek, in streamke oan 'e igge wêrfan't it leit. It grutste plak yn it reservaat is lykwols Mission, dat noardeastlik fan Rosebud sitewearre is oan it krúspunt fan 'e U.S. Highways 18 en 83. Oare gruttere plakken yn it reservaat binne Antelope en St. Francis.
Skiednis
bewurkje seksjeIt Rosebud Reservaat makke oarspronklik diel út fan it Grutte Sû-reservaat yn westlike Súd-Dakota, dat yn 1868 stifte waard. Nei de nederlaach fan 'e Lakota yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan lykwols troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Rosebud ien is. Oarspronklik stie it Rosebud Reservaat bekend ûnder de namme fan Opper-Brulee Yndianereservaat, mei't it opset waard foar de Lakota fan 'e Brulee-stamme, en om it te ûnderskieden fan it Neder-Brulee Yndianereservaat.
Yn 1910 ferlear it Rosebud Reservaat likernôch trijefearn fan syn grûngebiet, en boppedat waarden doe de dielen fan it reservaat dy't mienskiplik eigendom fan 'e stamme wiene, frijjûn foar kolonisaasje troch blanken. Under de bepalings fan 'e Yndiaanske Reorganisaasjewet fan 1934 naam de Rosebud Sû Stamme in eigen grûnwet oan en krige it syn selsbestjoer werom fan it BIA. It reservaat wurdt regearre troch in demokratysk keazen regear fan in presidint, fise-presidint en in fertsjintwurdigjende ried. De stamâldsten, sawol manlju as froulju, is lykwols noch altiten in wichtich plak yn 'e beslútfoarming tatocht.
Hjoed de dei
bewurkje seksjeTsjintwurdich runt de stamme yn it reservaat in eigen kasino, mei't reservaatlân bûten it Súddakotaanske steatsferbod op gokken falt. It Rosebud Casino stiet oan U.S. Route 83, justjes benoarden de grins mei Nebraska. Deunby is in trukkersrestaurant mei in baas parkearterrein en in grutte supermerk oanlein. It kasino wurdt fan elektrisiteit foarsjoen troch de earste wynturbines fan 'e stamme.
Hoewol't der in protte alkoholisme ûnder de reservaatbefolking is, stiet de stamme dochs de ferkeap fan alkohol yn it reservaat ta, foar in part fanwegen de aksynzen, mar ek om't men it spul leaver yn 'e rekken hâldt as dat men smokkelderij en ûndergrûnske alkoholferkeap befoarderet. It reservaat hat fierders in eigen sikehûs, krante (de Todd County Tribune), radiostjoerder en sels in universiteit, de Sinte Gleska Universiteit (de namme soe eins stavere wurde moatte as "Siŋte Gleška"), dy't ferneamd is nei it njoggentjinde-iuwske opperhaad waans namme yn 'e regel oerset wurdt as Bûnte Sturt (Spotted Tail).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|