Canupawakpa Dakota Naasje
De Canupawakpa Dakota Naasje (Ingelsk: Canupawakpa Dakota Nation; Eastlik Dakota: Čanupawakpa Dakhóta Oyáte, útspr.: [ʧa'nupawakpa da'kʰo:ta o'ja:te]) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it suden fan 'e provinsje Manitoba. De "earste naasje" (in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep) stiet ek wol bekend ûnder de alternative namme Canupawakpa Dakota Earste Naasje (Canupawakpa Dakota First Nation), en waard foarhinne de Oak Lake Earste Naasje (Oak Lake First Nation) neamd. De Canupawakpa Dakota Naasje waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1875, en hie neffens gegegevens út 2014 669 leden. It haadkertier is fêstige yn Pipestone, yn Manitoba. De leden fan 'e stamme besteane út etnyske Sû (Sioux), nammentlik Eastlike Dakota fan 'e Wahpekûte- en Wahpeton-stammen, en Westlike Dakota fan 'e Janktonai-stamme.
Canupawakpa Dakota Naasje | ||
Ingelsk | Canupawakpa Dakota Nation | |
lânseigen | Čanupawakpa Dakhóta Oyáte | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Manitoba | |
haadkertier | Pipestone (Manitoba) | |
etnisiteit | Eastlike Dakota, Westlike Dakota | |
ledetal | 670 (2014) | |
oprjochting | 1875 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
reservaat | ||
reservaat | Oak Lake Reservaat 59A Oak Lake Reservaat 59B Fishing Station Reservaat 62A | |
lokaasje | súdlik Manitoba | |
oerflak | 10,5 km² | |
ynwennertal | 290 (2014) | |
offisjele webside | ||
canupawakpa.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Manitoba.
|
Reservaten
bewurkje seksjeDe Canupawakpa Dakota Naasje hat twa eigen reservaten, te witten: it Oak Lake Reservaat 59A (Oak Lake 59A Reserve), fan 10,5 km², en it lytsere Oak Lake Reservaat 59B (Oak Lake 59B Reserve) fan 65 ha, dat bestiet út wyldlân en dat noardlik fan 59A leit, yn 'e omkriten fan it stedsje Scarth. Fierders dielt de stamme it Fishing Station Reservaat 62A (Fishing Station 62A Reserve) mei de Birdtail Sû Earste Naasje en de Sioux Valley Dakota Naasje. It grûngebiet fan 'e Canupawakpa Dakota Naasje wurdt omjûn troch de plattelânsgemeente Pipestone.
Fan 'e 670 leden fan 'e stamme wennen der yn 2014 293 yn it haadreservaat. De wichtichste delsetting fan 'e Canupawakpa Dakota Naasje is sitewearre op 49°62′15″ noarderbreedte by 100°93′52″ westerlingte. Canupawakpa beskikt oer in eigen beukerskoalle, pjutteboartersplak, ynstelling foar folwoeksene-ûnderwiis, klinyk, griene-krúsgebou, arkadehal anneks miny-kasino (mei mear as 20 gokautomaten) en brânwacht. De Canupawakpa Dakota Naasje hat, mear as oare Sû-stammen yn Kanada, fêstholden oan 'e eigen kultuer. De earste taal yn 'e mienskip is it Dakota. Canupawakpa hearde foarhinne, mar no net mear, ta de Dakota-Odjibwe Stammeried (Dakota Ojibway Tribal Council), in gearwurkingsferbân fan Dakota- en Odjibwe-stammen yn súdlik Manitoba.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Canupawakpa Dakota Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik Manitoba en Saskatchewan, dy't dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e Amerikaanske steat Minnesota wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Manitoba en Saskatchewan, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |