Mâle Bear
Mâle Bear (Assiniboin: Mató Witkó, útspr.: [ma'to: wit'ko:], likernôch: "matoo wytkoo"; Ingelske oersetting: Crazy Bear; Frânske oersetting: Ours Fou; op 'e Grutte Flakten, 1785 – dêre, 1856) wie ien fan 'e wichtichste opperhaden út 'e skiednis fan 'e Assiniboin (Assiniboine), in Yndiaansk folk fan 'e noardlike Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie in skrander ûnderhanneler, dy't belutsen wie by de pelshannel mei de Amerikaanske Bûntkompanjy en teffens ien fan 'e ûndertekeners wie fan it Ferdrach fan Fort Laramie (1851) mei fertsjintwurdigers fan it regear fan 'e Feriene Steaten. Hy stoar yn 1856 ûnder in útbraak fan 'e pokken.
Mâle Bear | ||
Portrettekening troch Rudolf Friedrich Kurz, 1851. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Mató Witkó | |
oare namme | Crazy Bear, Ours Fou | |
nasjonaliteit | Assiniboin | |
berne | 1785 | |
berteplak | op 'e Grutte Flakten | |
stoarn | 1856 | |
stjerplak | op 'e Grutte Flakten | |
etnisiteit | Assiniboin | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan 'e Assiniboin | |
jierren aktyf | ±1815 – 1856 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonge jierren
bewurkje seksjeMâle Bear waard yn 1785 berne op 'e noardlike Grutte Flakten fan Noard-Amearika, earne yn 'e hjoeddeiske Amerikaanske steaten Montana of Noard-Dakota of yn 'e Kanadeeske provinsjes Alberta of Saskatchewan. Hy groeide op yn 'e hynstekultuer fan syn folk, de Assiniboin, en naam yn syn jonkheid diel oan withoefolle oerfallen op fijannige stammen, lykas de Swartfuotten, Gro Wânt (Gros Ventre), Krieën (Crow) en Lakota. Dêrby behelle er in grut tal kûps.
Mâle Bear hearde ta de troep fan 'e Weče Appena, dy't yn 1805 kontakt makke mei de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark. It is dêrom mooglik dat Mâle Bear, doe't er likernôch tweintich jier âld wie, sels yn 'e kunde kaam mei de Amerikaanske ûntdekkingsreizgers. Oer de earste helte fan it libben fan Mâle Bear is fierders net in protte oerlevere. Wol is bekend dat er by in oerfal troch Gro Wânt-krigers op it kamp fan syn troep in wanhopige striid levere om 'e froulju en bern te beskermjen. Neitiid waard sein dat er him holden en droegen hie as in mâle bear, en dêrfandinne kaam er oan syn namme.
Underhanneler
bewurkje seksjeYn 1842, doe't er al lang de posysje fan opperhaad fan syn troep oernommen hie, wie Mâle Bear op 'e hannelspost Fort Union, yn 'e Dakota's, belutsen by de ûnderhannelings oer de pelshannel tusken de Assiniboin en de Amerikaanske Bûntkompanjy (AFC). Dêr ûntpopte er him ta in fernimstich hannelsman, dy't net ûnderdie foar de blanke keaplju.
Yn 1851 wie Mâle Bear ien fan 'e fertsjintwurdigjende opperhaden fan 'e Assiniboin by de ûnderhannelings mei folmachten fan it regear fan 'e Feriene Steaten yn Fort Laramie, yn wat no de steat Wyoming is. De reis nei Fort Laramie wie foar de fier benoarden Wyoming libjende Assiniboin ien fan ekstreem gefaar, mei't se dwers troch it gebiet fan harren aartsfijannen de Swartfuotten en Lakota-Sû tsjen moasten om der te kommen. As iennichste fan 'e liedslju fan 'e Assiniboin wie Mâle Bear lykwols ûnferfeard, en neitiid sleaten ferskate oare opperhaden har by him oan.
De útkomst fan 'e ûnderhannelings wie it sluten fan it (earste) Ferdrach fan Fort Laramie tusken de Feriene Steaten en de Arapaho, Arikara, Assiniboin, Hidatsa, Krieën (Crow), Mandan, Sjajinnen (Cheyenne) en Sû (Sioux), wêrby't de Amerikanen de tradisjonele territoriale oanspraken fan 'e Yndiaanske folken op 'e noardlik Grutte Flakten erkenden yn ruil foar rjocht fan reed foar blanke kolonisten dy't oer it Oregon Trail en mindere paden ûnderweis wiene nei de westkust. Nei't dy oerienkomst berikt wie, wie Mâle Bear ien fan 'e opperhaden dy't it ferdrach foar de Assiniboin ûndertekene. Neitiid waarden him en de oare opperhaden troch de Amerikaanske fertsjintwurdigers ferskate sulverne medaljes taparte ta oantinken oan 'e ûndertekeningsseremoanje.
Doe't er lykwols wer thúskaam, die bliken dat Mâle Bear syn soan Hillige Sit yn 'e tuskentiid omkommen wie by in oerfal fan 'e Swartfuotten. Ek syn pakesizzer, it bern fan Hillige Sit, wie ferstoarn (wierskynlik oan natuerlike oarsaken), en dêrnei hie Hillige Sit syn frou harsels ophongen. Lykwols hie Mâle Bear hâldfêst oan it ferdrach, wêrmei't er miende it grûngebiet fan 'e Assiniboin feilichsteld te hawwen foar kolonisaasje troch de blanken. Doe't neitiid lykwols bliken die dat de blanke kolonisten har alhiel neat oan it ferdrach gelegen lizze lieten, kaam Mâle Bear mank eigen folk bleat te stean oan hún en spotternij. Nettsjinsteande dat beävensearre er dat de Assiniboin freonskiplike relaasjes beholden mei it Amerikaanske regear.
Ferstjerren
bewurkje seksjeYn 1856 waarden de Assiniboin troffen troch in epidemy fan 'e pokken, in 'blanke' sykte, dêr't se gjin ferwar tsjin hiene, en dy't freeslik ûnder harren húshold mei nei skatting 1.200 deaden ta gefolch. Ek Mâle Bear rekke mei de pokken oanhelle, en kaam dat jiers yn 'e âlderdom fan santich jier te ferstjerren. Hy waard begroeven op it plak dêr't de beek de Big Muddy Creek útmûnet yn 'e rivier de Missoury. Mâle Bear hie fiif pakesizzers, de jonges Swarte Bolle en Moardearn en de famkes Izerne Widze (soms ek Swiet Gers neamd), Skylpoddoar en Lytse Ierde. Izerne Widze, dy't nei de dea fan har heit en mem yn 1851 troch har pake sels fierder grutbrocht wie, spile letter in wichtige rol yn 'e iere skiednis fan it Fort Belknap Yndianereservaat fan Montana.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |