Ferdrach fan Fort Laramie (1851)
- Dizze side giet oer it Ferdrach fan Fort Laramie fan 1851. Foar it ferdrach út 1868, sjoch: Ferdrach fan Fort Laramie (1868).
It Ferdrach fan Fort Laramie wie in oerienkomst dy't op 17 septimber 1851 sletten waard tusken it regear fan 'e Feriene Steaten en beskate Yndiaanske folken út it gebiet fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hoewol't in protte blanke kolonisten ûnderweis nei fêstigingsgebieten yn Oregon en Kalifornje tsjin dy tiid al oer de Flakten tein wiene, foel harren oantal yn it neat by de stream migranten dy't op gong kommen wie nei it útbrekken fan 'e Kalifornyske Goudkoarts, yn 1849. De measten fan dy lânferhuzers teagen nei it Westen ta oer it ferneamde Oregon Trail, in rûte dy't troch it wengebiet fan ferskate Yndiaanske folken rûn. Sadwaande besocht de Amerikaanske oerheid troch ûnderhannelings mei dy Yndianen ta in soarte fan rjocht fan reed te kommen, dat de feilichheid fan 'e reizgers waarboargje soe.
Yn Fort Laramie, yn it súdeasten fan wat letter de Amerikaanske steat Wyoming wurde soe, waarden ûnderhannelings fierd tusken folmachten fan it Amerikaanske regear en fertsjintwurdigers fan 'e Arapaho, Arikara, Assiniboin (Assiniboine), Hidatsa, Krieën (Crow), Mandan, Sjajinnen (Cheyenne) en Sû (Sioux). It ferdrach dêr't se it oer iens waarden, omfette de tradisjonele gebietsoanspraken fan 'e belutsen folken, dy't troch de Feriene Steaten erkend waarden. De Yndianen garandearren de feilige trochreis fan kolonisten oer it Oregon Trail yn ruil foar ûnthjitten fan in jierjild fan fyftichtûzen dollar it jier foar de folgjende de fyftich jier. Teffens stiene se ta dat op spesifyk oanjûne plakken op harren lân wegen en forten oanlein wurde mochten.
De Amerikaanske Senaat feroare letter op eigen manneboet de doer fan 'e jierjildbetellings sa't dy fêstlein wiene yn kêst 5 fan it ferdrach, fan fyftich jier nei tsien jier. Fan alle dielnimmende folken útsein de Krieën waard dêrfoar efterôf goedkarring loskrigen. Dit earste Ferdrach fan Fort Laramie brocht in perioade fan likernôch fyftjin jier dat de Flakten relatyf freedsum bleaune, mar fan 'e útfiering fan 'e plichten dy't it Amerikaanske regear mei de ûndertekening op him nommen hie, kaam neat op 'e hispel. Oan guon folken waarden de jierjilden nea útbetelle, wylst de oaren se faak te let of mar foar in diel krigen. It ferdrach bliek úteinlik neat wurdich te wêzen doe't de Feriene Steaten wegeren om 'e kolonisaasje fan 'e yn it ferdrach erkende wengebieten fan 'e Yndianen troch blanke kolonisten en goudsikers tsjin te hâlden. De Oarloch fan Reade Wolk, dy't yn 1866 in ein oan 'e frede makke, waard dan ek folslein feroarsake troch kontraktbrek fan Amerikaanske kant.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |