Haadmenu iepenje
In goudsiker oan it wurk.

In goudsiker is immen dy't foar syn berop goud besiket te finen troch dernei te dollen of troch rivierwetter te seven. Hoewol't goudsikers yn 'e regel assosjearre wurde mei de grutte goudkoartsen dy't Noard-Amearika, Austraalje en dielen fan Súd-Amearika yn 'e njoggentjinde iuw yn har greep holden, besteane der tsjintwurdich ek noch goudsikers. It Discovery Channel hat oan sokke moderne goudsikers in realitytillefyzjesearje wijd, Gold Rush, dy't al fan 2011 ôf rint en ferskate groepen goudsikers yn it Kanadeeske territoarium Yukon folget. Dêrûnder binne de Fries Tony Beets, syn frou Minnie en syn dochter Monica.

De tradisjonele wize om nei goud te sykjen is troch mei in grutte metalene skaal, in goudpanne, de grûn te seven. Dêrby wurdt wetter oan 'e goudpanne tafoege en soarget in lichte, regelmjittige draaiende beweging en út en troch in licht skodzjen derfoar dat de bestânsdielen fan 'e grûn yn it wetter faninoar skaat wurde as gefolch fan harren gewicht (soartlike massa). De swierdere dieltsjes sakje dus nei de boaiem, wylst de lichtere yn it wetter omdriuwen bliuwe. Troch de goudpanne út en troch wat te kanteljen, kin it wetter mei sedimint (klaai, sân, grint) oer de râne hinne fuortrinne. As men dat ferskate kearen werhelle hat, bliuwe úteinlik de swiere bestânsdielen, wêrûnder goud, mar ek platina en swiere mineralen, yn konsintrearre foarm op 'e boaiem fan 'e goudpanne efter.

Foar lju dy't tsjintwurdich de kost fertsjinje wolle mei goudsykjen is dy tradisjonele metoade fansels net rindabel. Dêrom wurdt mei swier materieel op in yndustriële skaal wurke, mar it proses sels bliuwt dêrby yn prinsipe itselde. Goudsykjen wurdt hjoed oan 'e dei ek wol as hobby beoefene. Lju dy't dat dogge, meitsje yn 'e regel gebrûk fan in metaaldetektor.

Oerdrachtlik gebrûkBewurkje

Yn 'e figuerlike sin is 'goudsiker' in denigrearjende term foar in persoan dy't mei opsetsin en út habsucht in rike houlikspartner útsiket, of immen wêrfan't men sokke motiven fermoedet. Ek it korrespondearjende Ingelske wurd golddigger wurdt yn dy kontekst wol brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.