Minnie (Mintsje) Beets (Burchwert?, 1960) is in Frysk-Kanadeeske frou, dy't ferneamd wurden is as de oarehelte fan goudsiker Tony Beets yn 'e realitytillefyzjesearje Gold Rush.

Minnie Beets
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
Kanadeesk
berne 1960
berteplak Burchwert (?) (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt boekhâldster
jierren aktyf 1987 – no
reden
  bekendheid
docht mei oan 'e realitysearje
   Gold Rush

Minnie Beets mette har man doe't er mei syn âlden yn Burchwert njonken har kaam te wenjen; dat wie doe't hy sân en sysels seis jier âld wie. Hja trouden letter mei-inoar, en yn 1984 emigrearren se nei Kanada, mei de bedoeling om dêr te buorkjen. Doe't dat op 'e non rûn, fûn Tony Beets earst wurk by de oanlis fan oaljepiiplinen, mar nei in pear jier besleaten Minnie en hy om har lok te beproevjen troch yn 'e Yukon, yn Noardlik Kanada, in goudclaim te keapjen en nei goud te sykjen.

It bewiis dat dat harren goed ôfgie, is dat se hast tritich jier letter noch altyd oan it goudsykjen binne. De Beetsen binne no eigner fan 'e grutte Paradise Hill-goudmyn, deunby Dawson City. Minnie Beets docht de boekhâlding, wylst har man de myn runt. Hja hawwe fjouwer bern: Bianca, Kevin, Michael, Monica; beide soannen en dochter Monica wurkje mei yn 'e myn. It fyfde bern, dochter Jasmine, dy't yn 1992 berne waard, kaam al mei 2½ moanne te ferstjerren. Sûnt 2011 dogge Tony en Minnie Beets mei oan 'e realitytillefyzjesearje Gold Rush, fan it Discovery Channel, dy't de deistige gong fan saken en swierrichheden by it sykjen nei goud yn it woeste noarden fan Kanada yn byld bringt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: