Monica Beets

Monica Beets (7 novimber 1993)[1] is in Kanadeeske goudsykster fan Frysk komôf, dy't ferneamd wurden is as de dochter fan goudmyneigner Tony Beets yn 'e realitytillefyzjesearje Gold Rush. Hja wurket as meganisjên yn har heite goudmyn, deunby Dawson City. Yn 2014 hie se al trije jier in relaasje mei har freon Brandon Harper. De kreaze, blonde Monica Beets is in opfallende ferskining yn 'e rûge goudsikerswrâld fan Noardlik Kanada, en nei alle gedachten ien dêr't it manlik diel fan it sjoggerspublyk graach oer mei.

Monica Beets
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Flag of Canada.svg Kanadeesk
berne 7 novimber 1993
berteplak ? (Kanada)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurkpaad
berop/amt goudsykster
jierren aktyf 2011 – no
reden
  bekendheid
docht mei oan 'e realitysearje
   Gold Rush

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Koarte biografy mei bertedatum