Kûp (Yndiaansk gebrûk)

In kûp (Ingelsk: coup) wie by de Yndiaanske folken fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika de beneaming foar in died fan moed yn in konfrontaasje mei de fijân (yn 'e regel leden fan in oar Yndiaansk folk, mar letter ek wol blanke kolonisten). It Ingelske wurd coup wie oernommen út it Frânsk, dêr't it "klap" of "stjit" betsjut. Dat hâldt ferbân mei de ultime kûp: it yn in gefjocht oanreitsjen fan in fijân mei de bleate hân sûnder him te ferwûnjen of sels ferwûne te reitsjen. Mar ek it stellen fan hynders fan 'e fijân waard bgl. as in kûp beskôge. It útfieren fan of stribjen nei it meitsjen fan in kûp wurdt yn it Ingelsk counting coup neamd, letterlik it "tellen fan kûps".

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.