Fort Belknap Yndianereservaat
It Fort Belknap Yndianereservaat (Ingelsk: Fort Belknap Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Fort Belknap Yndianemienskip (Fort Belknap Indian Community) yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Montana. It leit yn 'e countys Blaine en Phillips, sa'n 65 km súdlik fan 'e Kanadeeske grins, en goed 30 km benoarden de rivier de Missoury.
Fort Belknap Yndianereservaat Fort Belknap Indian Reservation | ||
In Gro Wânt-kamp yn it reservaat yn 1906. | ||
polityk | ||
haadplak | Fort Belknap Agency (Montana) | |
stamme | Fort Belknap Yndianemienskip | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Montana | |
sifers | ||
ynwenners | 2.851 (2010) | |
oerflak | 2.626,4 km² | |
bef.tichth. | 1,1 / km² | |
oar | ||
stifting | 1888 | |
tiidsône | UTC-7 | |
simmertiid | UTC-6 | |
kaart | ||
Yndianereservaten yn Montana. Fort Belknap is werjûn yn read. |
Algemien
bewurkje seksjeNeffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wennen der doe krapoan 2.900 minsken yn it Fort Belknap Reservaat. Dat hat in oerflak fan rom 2.600 km², bûtenreservaatsk beheargebiet ynbegrepen, wêrmei't it yn grutte it fjirde reservaat fan Montana is (fan 7). It haadplak is Fort Belknap Agency, dat oan 'e noardgrins leit, 6½ km besuden de stêd Harlem, dêr't it fan skaat wurdt troch de rivier de Milk. It haadkertier fan 'e stamme is eins yn Harlem fêstige, bûten it eigentlike reservaat.
Njonken Fort Belknap Agency, dat krapoan 1.300 ynwenners hat, telt it Fort Belknap Reservaat noch twa oare wenkearnen: Hays en Lodge Pole. It lân bestiet foar it meastepart út gloaiende flakte, dêr't benammen oan feehâlderij dien wurdt. Yn 2013 waarden yn Fort Belknap fanút it Fort Peck Yndianereservaat wylde bizons reyntrodusearre.
Skiednis
bewurkje seksjeIt Fort Belknap Yndianereservaat waard yn 1888 stifte troch it Amerikaanske Kongres. It waard neamd nei it oarspronklike Fort Belknap, in fêsting fan it Amerikaanske Leger oan 'e rivier de Milk, oardel km súdwestlik fan it hjoeddeistige stedsje Chinook (Montana). Dat fort wie wer ferneamd nei William W. Belknap, in njoggentjinde-iuwske Amerikaanske minister fan Oarloch. It ûntjoech him ta in hannelspost dy't foàr de oprjochting fan it reservaat it feitlike oerheidsagintskip foar de Assiniboin (Assiniboine) en Gro Wânt (Gros Ventre) yn 'e krite waard. Doe't it reservaat ienris stifte wie, waard lykwols it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) stifte op it plak dêr't no it dernei ferneamde Fort Belknap Agency leit.
Yn 1935 namen de leden fan 'e Fort Belknap Yndianemienskip harren earste grûnwet oan ûnder de betingsten fan 'e Yndiaanske Reorganisaasjewet fan 1934. Sûnt wurdt it reservaat bestjoerd troch de Rie fan 'e Fort Belknap Yndianemienskip, besteande út in presidint en in fise-presidint mei terminen fan fjouwer jier, en acht riedsleden, fjouwer Gro Wânt en fjouwer Assiniboin, dy't om 'e twa jier keazen wurde. De presidint en de fise-presidint beneame tegearre in siktaris-skathâlder, dy't fjouwer jier op syn post bliuwt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |