Hays (Montana)
Hays (Assiniboin: Toktí) is in doarp (census-designated place) yn Blaine County, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Montana. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie Hays doe 843 ynwenners.
Hays | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Montana | |
County | Blaine County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 843 (2010) | |
Oerflak | 70,1 km² (ynkl. wetter) 70,1km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 12,0 / km² | |
Hichte | 1.077 m | |
Oar | ||
Stifting | 19e iuw | |
Tiidsône | UTC –7 | |
Simmertiid | UTC –6 | |
Koördinaten | 47°59′21″N 108°41′15″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan Hays yn Blaine County en yn 'e steat Montana. |
Geografy
bewurkje seksjeHays leit tsjin 'e súdgrins fan Blaine County oan, yn it súdlike part fan it Fort Belknap Yndianereservaat fan 'e Fort Belknap Yndianemienskip. Tichteby yn eastlike rjochting leit it doarp Lodge Pole. Neffens gegevens fan it Amerikaanske Folkstellingsburo beslacht Hays in oerflak fan 70,1 km² lân.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie Hays doe 843 ynwenners. Yn 2000 wiene der noch 702 ynwenners, wat betsjut dat de befolking yn tsien jier tiid mei 20,1% tanommen is. De befolkingstichtens bedroech yn 2010 12 minsken de km². Yn 2000 wie fan 'e befolking fan Hays 5,6% âlder as 65 jier en 44,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie 22,9% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 50,4% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe (ynkl. 60% fan 'e leeftydskategory fan ûnder de 18 jier).
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 94,6% Yndianen; 5,0% blanken; 0,3% Latino's; 0,1% oaren of fan mingd etnysk komôf. De Yndiaanske ynwenners binne foar it meastepart etnyske Gro Wânt (Gros Ventre) en Assiniboin (Assiniboine) dy't ta de Fort Belknap Yndianemienskip hearre.
Berne yn Hays
bewurkje seksje- Theresa Lamebull (1896-2007), ûnderwizeresse en taalaktiviste
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |