Theresa Lamebull (folút: Theresa Elizabeth Chandler White Weasel Walker Lamebull; by Hays (Montana), 19 april 1896Havre (Montana), 10 augustus 2007) wie in Amerikaansk ûnderwizeresse en taalaktiviste dy't ta it Yndiaanske folk fan 'e Gro Wânt (Gros Ventre) hearde. Hja wie de lêste floeiende sprekster fan 'e Gro Wânt-taal en stoar doe't se nei't it skynt 111 jier âld wie.

Theresa Lamebull
persoanlike bysûnderheden
echte namme Theresa Elizabeth Chandler
   White Weasel Walker Lamebull
oare namme BeeKanHay ("Deadet-by-Nacht")
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19 april 1896
berteplak by Hays (Montana)
stoarn 10 augustus 2007
stjerplak Havre (Montana)
etnisiteit Gro Wânt (Gros Ventre)
wurkpaad
berop/amt leararesse
aktyf as taalaktiviste
reden
  bekendheid
lêste floeiende sprekster
   fan it Gro Wânt

Lamebull waard tichteby it plak Hays, yn 'e Amerikaanske steat Montana, berne as Theresa Elizabeth Chandler. Har Yndiaanske namme wie BeeKanHay, dat oerset wurdt yn it Ingelsk as Kills-at-Night ("Deadet-by-Nacht"). Sysels en har famylje wisten net persiis yn hokker jier oft se berne wie oant der yn 2005 in doopbewiis fan har fûn waard, dêr't yn it Latyn op fêstlein wie dat se yn 1897 mei ien jier doopt wie, wat har berte yn 1896 pleatse soe. Lamebull troude letter twa kear: earst mei in John White Weasel Walker, mei wa't se tsien bern krige, en nei't se yn 1962 widdo wurden wie, nochris mei Andrew Lamebull.

Doe't de lêste memmetaalsprekker fan it Gro Wânt yn 1981 te kaam te ferstjerren, stoar dat dêrmei út as earste taal. Lamebull, dy't it Ingelsk as memmetaal hie, wie de lêste folslein floeiende sprekster fan it Gro Wânt. Hja joech oan it Fort Belknap Kolleezje fan 'e Fort Belknap Yndianemienskip ûnderrjocht yn de taal, en wurke mei oan it gearstallen fan in wurdboek fan it Gro Wânt doe't se 109 jier âld wie. Hja kaam yn augustus 2007, yn Havre, deunby har berteplak, te ferstjerren, yn 'e ripe âlderdom fan 111 jier. Har útfeart waard holden yn it Roomsk-Katolike Sint-Paulusgymnasium yn Hays, wêrnei't se dêr beïerdige waard op it Mission Cemetery.

Lamebull wie by har ferstjerren mei ôfstân it âldste lid fan har folk, de Gro Wânt, en mooglik de âldste Yndiaanske persoan ea. It Hays Education Resource Center yn it Fort Belknap Yndianereservaat waard noch by har libben ta eare fan har omneamd ta it Kills-at-Night Center.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.