It Gro Wânt (Ingelsk: Gros Ventre, útspr.: [ɡɹou vɑ:nt] of [ɡɹou vɔ:nt]; Gro Wânt: A’aninin, útspr.: [ɛʔɛninin]) is de útstoarne lânseigen taal fan 'e Gro Wânt (Gros Ventre), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. De taal wurdt gauris Atsina of A’ani neamd; yn 'e taalkunde wurdt konsekwint fan "Atsina" sprutsen. It is in Flakte-Algonkwynske taal, dy't ta de gruttere Algonkwynske en Algyske taalfamyljes heart. It is nau besibbe oan it Arapaho, wêrmei't it de Arapaho-Atsina-taalgroep binnen de Arapahooske talen foarmet (al sprekt men yn 'e taalkunde faak leaver fan ien taal, dêr't Arapaho en Atsina dialekten fan binne).

Gro Wânt
algemien
oare namme(n) Gros Ventre, Atsina, A’ani
eigen namme A’aninin
lânseigen yn Feriene Steaten
tal sprekkers (útstoarn yn 1981)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Algysk
   ● Algonkwynsk
      ● Flakte-Algonkwynsk
         ● Arapahoosk
            ● Arapaho-Atsina
               ● Gro Wânt
taalkoades
ISO 639-3 ats

Sprekkers bewurkje seksje

Eartiids besloech it taalgebiet fan it Gro Wânt in grut part fan 'e Amerikaanske steat Montana, en rikte it sels oant yn Kanada. Lykwols, de lêste memmetaalsprekker kaam yn 1981 te ferstjerren, en dêrmei stoar it Gro Wânt dus út as earste taal. Theresa Lamebull (1896-2007) wie nei alle gedachten de lêste folslein floeiende sprekster fan it Gro Wânt, ek al wie it net har memmetaal. Hja joech oan it Fort Belknap Kolleezje fan 'e Fort Belknap Yndianemienskip ûnderrjocht yn 'e taal, en wurke noch folop mei oan it gearstallen fan in wurdboek doe't se 109 jier âld wie. Yn 2012 wiene der oan 'e White Clay Immersion School fan it Fort Belknap Kolleezje 26 studinten dy't it Gro Wânt oan it learen wiene, in groei fan 158% sûnt 2006, doe't der alve studinten wiene.

Fonology bewurkje seksje

It Gro Wânt is (mei it nau besibbe Arapaho) ien fan 'e seldsume talen dy't gjin efterfokalen (lykas de a) hawwe. Der binne fjouwer lûden: de [ɛ] fan "lek", de [ɪ] fan "mis", de [ɔ] fan "hok" en de [ʊ] (lykas yn it Ingelske blood), in klank dy't de midden hâldt tusken de o fan "bok" en de u fan "put". Wat bylûden oanbelanget, beskikt it Gro Wânt oer [b], [bʲ] (bj fan "bjirk"), [h], [j], [k], [n], [s], [t], [tʲ] (tj fan "tjems"), [ʦ] (ts fan "tsiis"), [ʧ] (tsj fan "tsjil") [θ] (de stimleaze th yn it Ingelske thin), [w] (de w fan "skowe") en [ʔ] (de glottisslach, de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje"). Yn ferliking mei it Arapaho hat it Gro Wânt de bylûden [bʲ], [tʲ] en [ʦ] deropta, wylst de [x] (ch fan "berch") mist.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.