Havre (útspr.: ['hævəɹ], likernôch: "hewwer") is in stedsje (town) yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Montana, en it haadplak fan Hill County. It sizzen is dat it ferneamd is nei de Frânske havenstêd Le Havre. Neffens in offisjele skatting út 2014 hie Havre doe likernôch 9.800 ynwenners.

Havre
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Montana
County Hill County
Sifers
Ynwennertal 9.792 (2014)
Oerflak 8,5 km² (ynkl. wetter)
8,5 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.095,9 / km²
Hichte 773 m
Oar
Stifting 1893
Tiidsône UTC –7
Simmertiid UTC –6
Koördinaten 48°33′ N 109°41′ W
Offisjele webside
ci.havre.mt.us
Kaart
De lizzing fan Havre yn Hill County en yn Montana.

Havre leit yn it sintrale noarden fan 'e Amerikaanske steat Montana, sa'n 40 km besuden de Kanadeeske grins. De tichtstbye gruttere stêd, Great Falls, leit 190 km nei it súdwesten ta. Havre is in stasjon oan it BNSF-Spoar (oarspronklik de Great Northern Railway), dat fan east nei west rint, en it is teffens it einpunt fan 'e autodyk U.S. Highway 87, dy't út it suden wei komt. De rivier de Milk, in sydstream fan 'e Missoury, rint troch it sintrum fan Havre. Nei it suden ta kin men fanút it stedsje it Bear's Paw-berchtme lizzen sjen.

 
De prêrje súdlik fan Havre, mei yn 'e fierte it Bear's Paw-berchtme.

Yn 'e noardwesthoeke fan Havre leit de Wahkpa Chu'gn-'bizonsprong', in plak dat de Yndianen eartiids (foar de yntroduksje fan fjoerwapens) brûkten om, as ûnderdiel fan 'e jacht, groepen bizons oer de râne fan in klif te driuwen. Wahkpa Chu'gn is mear as 2.000 jier âld en it is ien fan 'e grutste en bêst preservearre bizonsprongen fan Noard-Amearika. Fierders leit 10 km besuden Havre it âlde Fort Assiniboine, in Amerikaanske militêre fêsting dy't yn 1879 stifte waard om noardlik Montana te 'pasifisearjen'. Deunby leit ek it slachfjild fan Bear Paw, dêr't de Amerikaanske kavalery yn 1877 as ûnderdiel fan 'e Nez Persé-Oarloch de Nez Persé-Yndianen oanfoel en fersloech, doe't dy nei Kanada besochten te flechtsjen.

Havre waard stifte yn 1893, mei as doel om as spoarstasjon oan 'e Great Northern Railway te tsjinjen. Dêrby lei it stedsje likernôch yn 'e midden tusken it begjin en einpunt fan dat spoar, yn Seattle en Minneapolis-St. Paul. Deunby it spoarstasjon fan Havre stiet in stânbyld fan James J. Hill (1838-1916), de spoarmagnaat dy't de Great Northern Railway oanlizze liet.

Simon Pepin (1840-1914), dy't bekendstiet as de 'Heit fan Havre', wie in Frânsk-Kanadees, dy't yn 1863 út Kebek nei Montana ferfear om dêr in feepleats te begjinnen. Doe't it spoar dy krite berikte, liet Pepin winkels en iepenbiere gelegenheden op syn lân sette om 'e treinpassazjiers te ferlieden en jou harren jild dêr út. Sadwaande wie Pepin ferantwurdlik foar in grut part fan 'e iere ekonomyske ûntwikkeling fan Havre, sawol troch syn feehâlderij as troch syn lettere aktiviteiten, dy't úteinlik ek in eigen bank omfetten. Oarspronklik hiet Havre fan Bullhook Bottoms, mar de iere kolonisten fûnen dat net in befredigjende namme. Sadwaande waard der in rige gearkomsten holden om in nije namme te bepalen, wêrby't troch de sterke Frânske ynfloed yn 'e krite de kar úteinlik foel op 'Havre'.

 
It gerjochtsgebou fan Hill County.

Yn 1904 waard Havre troffen troch in grutte brân. Yn it trotwaar yn it sintrum fan it stedsje sjocht men hjir en dêr noch altyd lytse pearze fjouwerkantsjes; dat binne skylights foar in ûndergrûnsk winkelsintrum dat oan it begjin fan 'e tweintichste iuw boud waard. Sûnt hawwe dêr fêstige west: in bordeel, in Sineeske waskerette, in saloon, in krudenierswinkel, teminsten trije opiumhoalen en ûnder de Drûchlizzing in opslachplak foar dranksmokkelders. Tsjintwurdich is 'Havre-ûnder-de-Strjitten' in toeristyske attraksje.

Neffens in offisjele skatting fan it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010) hie Havre yn 2014 9.792 ynwenners. Dat hâldt yn dat der sûnt 2010 in befolkingsgroei fan 5,2% plakfûn hat. Havre is it op sân nei grutste plak fan Montana, en it grutste plak yn dat diel fan Montana dat oan of noardlik fan 'e Great Northern Railway leit.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Havre 13,4% âlder as 65 jier en 25,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 41,2% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 17,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 22% fan 'e leeftydskategory fan ûnder de 18 jier.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 79,1% blanken; 13,0% Yndianen; 2,5% Latino's; 0,6% Aziaten; 0,4% swarten; 4,4% oaren of fan mingd etnysk komôf. De Yndianen yn Havre binne foar in grut part etnyske Kry (Cree), Odjibwe (Ojibwe of Chippewa) en Swartfuotten (Blackfeet), trije folken dy't deunby reservaten hawwe (it Rocky Boy's Yndianereservaat, resp. it Swartfuot Yndianereservaat).

 
It treinstasjon fan Havre.
 
It âlde postkantoar fan Havre.

Berne yn Havre

bewurkje seksje

Stoarn yn Havre

bewurkje seksje

Havre hat in steppeklimaat, mei lange, kâlde, drûge winters en hjitte simmers mei koele nachten. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 29,2 °C (en nachts 11,1 °C), en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –3,6 °C (en nachts –15,7 °C). Rekôrtemperatueren wiene 43,9 °C op 5 augustus 1961 en –49,4 °C op 27 jannewaris 1916. Havre kriget jiers trochinoar 291,1 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 114,9 sm snie.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.