Drûchlizzing (Feriene Steaten)

De Drûchlizzing wie yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten in lanlik en grûnwetlik ferbod op 'e produksje, de ymport, de opslach, it ferfier, de ferkeap, it besit en de konsumpsje fan alle alkoholhâldende dranken, lykas wyn, bier en sterke drank. Dat wie fan krêft fan 1920 oant 1933. It idee efter de Drûchlizzing wie, dat sa'n ferbod in ein meitsje soe oan alkoholisme, dronkenskip en dêrút fuortkommende maatskiplike swierrichheden, lykas húslik geweld. It die lykwols bliken dat lju dy't it echt woene, noch altyd wol oan alkohol komme koene, wylst de iennichste maatskiplike feroaring wie dat de organisearre misdie ryk waard fan it smokkeljen en yllegaal stoken fan alkohol. Doe't de Grutte Depresje útbriek en it regear ferlegen siet om ynkomsten, waard besletten om in ein oan it eksperimint te meitsjen, sadat der wer aksynzen heft wurde koene op 'e legale ferkeap fan alkohol.

De plysje fan Detroit ûndersiket ark dat yn beslach nommen is yn in yllegale stokerij.

Fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ôf waard foar drûchlizzing krewearre troch in brede maatskiplike koälysje dy't bestie út konservative protestanten fan it plattelân en sosjaal progressive lju dy't almeast út 'e stêden kamen. Harren aksjes waarden koördinearre troch de Anti-Saloon League ("Anty-Saloon Liga"), de Woman's Christian Temperance Union ("Kristlike Uny fan Froulike Hielûnthâlders") en oare, lyksinnige organisaasjes. De drûchlizzingsbeweging boekte op 18 desimber 1917 in wichtige oerwinning doe't de Amerikaanske Senaat it Achttjinde Amendemint oan 'e Amerikaanske Grûnwet foarstelde (dat de ynfiering fan 'e drûchlizzing omfette). Nei't dat amendemint op 16 jannewaris 1919 troch de seisentritichste fan 'e Amerikaanske steaten goedkard waard, wie it dêrmei ratifisearre as ûnderdiel fan 'e grûnwet.

Under de yn it Achttjinde Amendemint fêstleine betingsten waard de Drûchlizzing ien jier letter fan krêft, op 17 jannewaris 1920. Dêrta naam it Amerikaanske Kongres op 28 oktober 1919 de Wet-Volstead oan (dy't eins de Nasjonale Drûchlizzingswet hiet), wêrby't in feto fan presidint Woodrow Wilson fuortstimd waard. Yn dy wet waard omskreaun wat krekt in alkohoalyske drank wie en hokker straffen der kamen te stean op it negearjen fan 'e Drûchlizzing. Hoewol't de Wet-Volstead ek de ferkeap fan alkohol oan bannen lei, beskikte it Amerikaanske regear net oer de middels om it ferbod ôf te twingen. It gefolch wie dat it ûntdûken fan 'e Drûchlizzing, fral yn 'e grutte stêden, mear regel as útsûndering waard. Tsjin 1925 wiene der yn New York allinnich al 30.000 oant miskien wol 100.000 saneamde speakeasys: klandestine hoarekagelegenheden dêr't alkohol skonken waard.

 
In lânkaart fan 'e Feriene Steaten mei dêrop oanjûn de hjoeddeistige status fan alkohol yn 'e ûnderskate countys:
     legaal
     yllegaal (drûchlizzing)
     in tuskenbeiden foarm
     gjin gegevens

Hoewol't de Drûchlizzing yn 'e Feriene Steaten súksesfol wie as it gie om 'e hoemannichte alkohol dy't konsumearre waard (mei't de prizen omheech skeaten en it fral op it plattelân soms dreech te besetten wie), late it tagelyk ta ûntstean fan in ûnbidige grut ûndergrûnsk netwurk fan kriminele aktiviteit, dat behearske waard troch de organisearre misdie. Dat stelde maffiabazen as Al Capone by steat om smoarryk te wurden. In protte Amerikanen besauden har oer de spektakulêre misdriuwen dêr't de maffia him oan skuldich begûn te meitsjen, wylst de Drûchlizzing eins foar minder misdie soargje moatten hie. It bekendste foarbyld fan sa'n misdriuw is it Falentynsdeibloedbad yn Chicago yn 1929. It gefolch wie dat de oanhingers fan 'e Drûchlizzing har desyllúzjonearre fan harren kreaasje ôfkearden, wylst de wjerstân tsjin it ferbod almar tanaam.

Nei't mei de Beurskrach fan 1929 de Grutte Depresje útbriek, kaam it Amerikaanske regear ferlegen te sitten om ynkomsten. De tsjinstanners fan 'e Drûchlizzing fierden kampanje foar de ôfskaffing fan it ferbod mei it argumint dat it regear in fermogen oan aksynzen misrûn. Mei't der tsjin dy tiid net folle oanhingers fan 'e Drûchlizzing mear oer wiene, waard besletten om it eksperimint as mislearre te beskôgjen en it alkoholferbod op te heffen. Op 22 maart 1933 ûndertekene presidint Franklin D. Roosevelt de Wet-Cullen-Harrison, dy't bier en wyn legalisearre mei in alkoholgehalte fan 3,2% (fan it gewicht). Op 5 desimber fan dat jier waard mei de ratifikaasje fan it Twaentweintichste Amendemint oan 'e Amerikaanske Grûnwet it Achttjinde Amendemint anullearre.

Hjoeddeistige sitewaasje

bewurkje seksje

Sûnt 1933 kenne de Feriene Steaten gjin lanlike drûchlizzing mear. Foar de produksje fan sterke drank moatte bedriuwen lykwols noch altyd oan in grut tal betingsten foldwaan ear't se in fergunning bemachtigje kinne. De bedoeling dêrfan is om it ûnpraktysk te meitsjen om legaal drank foar eigen gebrûk te stoken. Fierders slacht it Twaentweintichste Amendemint inkeld op nasjonale drûchlizzing; it beheint de ôfsûnderlike Amerikaanske steaten net yn harren rjocht om sels in drûchlizzing yn te fieren.

Der binne hjoed de dei gjin steaten dy't 'drûch' binne, mar der besteane noch in oansjenlik tal countys dêr't wol deeglik in alkoholferbod fan krêft is. Sokke countys lizze foar it meastepart yn it Amerikaanske Suden, yn steaten as Arkansas, Mississippy, Kentucky en Tennessee. Ek besteane der frijwat countys dêr't sterke beheinings op 'e ferkeap en/of konsumpsje fan alkohol jilde; dy fynt men fral yn steaten as Teksas, Kansas, Noard-Karolina, Michigan, Ohio en Pennsylvania. Dêrnjonken hawwe in grut tal tribale oerheden it near lein op alkoholferkeap en -konsumpsje yn harren Yndianereservaat. De Amerikaanske federale wetten omfiemje ek de drûchlizzing fan 'e reservaten, mar it neilibjen dêrfan wurdt inkeld ôftwongen as der tagelyk ek in oertrêding konstatearre wurdt fan 'e tribale drankwetjouwing.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.